De túfljurk of toefljurk (Galerida cristata) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ljurkfûgels (Alaudidae). De soarte komt foar op drûch lân fan Jeropa eastlik oant Nepal en Sina. Oant de jierren 1980 briede de soarte ek yn Nederlân, mar as briedfûgel is de soarte útstoarn lykas ek yn in soad oare gebieten yn it meast westlike ferspriedingsgebiet.

Skaaimerken De túfljurk wurdt 17 oant 19 sintimeter lang en is wat grutter as de gewoane ljurk. De fûgel is griisbrún. Lykas de gewoane ljurk hat er in spitse túf, mar dy fan 'e túfljurk is langer en ek te sjen as de túf plat op 'e achterholle leit. De túfljurk is fierder faak wat ljochter as de gewoane ljurk en hat gjin ljochte rânen oan efterwjuk en sturt. Ek binne de streken oer it boarst wat minder skerp. De ûnderwjukken en de dekfearren fan 'e boppesturt ha meastentiids in kastanjebrune gloed. De lingte fan 'e snaffel ferskilt wat ûndersoarte oanbelanget. Ofbylden túfljurk en gewoane ljurk Fersprieding De túfljurk is fan oarsprong in bewenner fan steppes en healwoestinen. De túfljurk is in stânfûgel dy't briedt yn it grutste part fan Portegal oant noardeastlik Sina en eastlik Yndia en yn Afrika sa fier súdlik as Niger. De túfljurk wurdt selden bûten syn briedplakken waarnommen.

Wis is dat de soarte sûnt healwei de njoggentjinde iuw ek yn Nederlân briede nei't de soarte syn ferspriedingsgebiet nei it noarden ta útwreide. Yn 'e 20e iuw kolonisearre de túfljurk ek stêden en briede er hjir en dêr oan 'e rânen fan stosân, skrale heide en agrarysk kultuerlân. Om 1975 wie de Nederlânske populaasje al oer it hichtepunt hinne, mar brieden der noch altiten sa'n 4.000 pearen. Dat oantal naam rap ôf oant 425 om 1990 hinne en minder as 100 sûnt 1997. Hjoed-de-dei is de soarte as briedfûgel út Nederlân ferdwûn. It lêste wisse suksesfolle briedgeval fûn plak op in bedriuweterrein yn Fenlo. Feroarings yn 'e bou en ferlies oan braaklizzend terrein hawwe nei alle gedachten de grutste oarsaak west fan 'e delgong. Ek op oare plakken yn West- en Sintraal-Jeropa is de soarte hast folslein ferdwûn.

Fersprieding en systematyk De soarte is ferdield yn in grut tal ûndersoarten. AviList werkent net minder as 36, mei de folgjende ferdieling:

Galerida cristata pallida - Ibearysk Skiereilân Galerida cristata cristata – súdlik Skandinaavje en Frankryk eastlik oant Oekraïne en Hongarije Galerida cristata neumanni - west-sintraal Itaalje Galerida cristata apuliae - Súd-Itaalje en Sisylje Galerida cristata meridionalis – eastlik Kroaasje oant sintraal Grikelân en westlik Turkije Galerida cristata cypriaca - eilannen fan Karpatos, Rhodos en Syprus Galerida cristata tenuirostris – eastlik Hongarije en Roemeenje oant súdlik Ruslân en Kazachstan Galerida cristata caucasica – eilannen yn 'e eastlike Egeyske See, noardlik Turkije en súdlik Kaukasus Galerida cristata kleinschmidti - noardwestlik Marokko Galerida cristata riggenbachi – westlik Marokko (Casablanca oant de Sous-delling) Galerida cristata randonii – Hauts Plateaux yn eastlik Marokko en noardwestlik Algerije Galerida cristata macrorhyncha – súdlik Marokko en noardwestlik Algerije súdlik fan 'e Sahara-Atlas oant west-sintraal Mauretaanje Galerida cristata carthaginis - noardeastlik Marokko oant noardlik Tuneezje Galerida cristata arenicola – noardeastlik Algerije, súdlik Tuneezje en noardwestlik Lybje Galerida cristata festae - kust noardeastlik Lybje Galerida cristata brachyura – yn it binnenlân fan noardeastlik Lybje oant súdlik Irak en it noardlik Arabysk Skiereilân Galerida cristata helenae - súdeastlik Algerije en súdwestlik Lybje Galerida cristata jordansi - Noard-Niger (Aïr-bergen) Galerida cristata nigricans - Noard-Egypte (delta fan 'e Nyl) Galerida cristata maculata - Sintraal-Egypte Galerida cristata halfae - súdlik Egypte en noardlik Sûdan Galerida cristata altirostris - eastlik Sûdan en Eritreä Galerida cristata somaliensis - noardlik Somaalje, súdlik Etioopje en noardlik Kenia Galerida cristata balsaci- kust fan Mauretaanje Galerida cristata senegallensis - Mauretaanje, Senegal en Gambia nei Niger Galerida cristata alexanderi – noardlik Nigearia oant westlik Sûdan en noardeastlik Demokratyske Republyk Kongo Galerida cristata isabellina - Sintraal-Sûdan Galerida cristata cinnamomina - westlik Libanon en noardwestlik Israel Galerida cristata zion – súdlik Turkije, Syrje oant noardeastlik Israel Galerida cristata subtaurica - Sintraal-Turkije oant súdwestlik Turkmenistan en noardlik Iran Galerida cristata magna - Sintraal-Iran en Sintraal-Turkmenistan oant noardwestlik Pakistan, Kazachstan, súdlik Mongoalje en noardwestlik Sina Galerida cristata leautungensis - noardeastlik en eastlik Sina Galerida cristata coreensis - Koreaansk skiereilân Galerida cristata lynesi - Noard-Pakistan Galerida cristata tardinata - súdlik Arabysk Skiereilân Galerida cristata chendoola – sintraal en eastlik Pakistan oer westlik en noardlik Yndia oant súdlik Nepal

Hâlden en dragen Túfljurken sjonge heech yn 'e loft op likernôch 30 oant 60 m boppe de grûn. De gewoane ljurk sjongt ek sa, mar ek as er opstiicht, wylst de túfljurk of allinnich op grutte hichte of op 'e grûn sjongt. De flecht is yn in patroan fan weagen.

It nêst is in kûltsje yn 'e grûn, faak op braaklizzend terrein en oan rânen fan stêden. De nêsten besteane út wat dea gers en woartels. In lechsel bestiet út trije oant fiif brune aaikes mei spikkels, lykas dy fan 'e ljurk. De aaien komme nei 11 oant 12 dagen út en de piken ferlitte al ier it nêst nei likernôch acht dagen. Se fleane út as se 15 oant 16 dagen âld binne. Ornaris wurde der yn it jier twa lechsels grutbrocht. thumb|left|Túfljurk yn Jordaanje. It iten fan túfljurken bestiet benammen út sied fan nôt lykas hjouwer, weet en koarn, mar se ite ek ynsekten, benammen krobben. It iten wurdt fan 'e grûn socht of opgroeven.

Status De túfljurk stiet op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearreas 'net bedrige' (Least Concern) Rûzingen fan 'e wrâldpopulaasje ferskille tusken 172.000.000 oant 238.000.000 folwoeksen fûgels. De Jeropeeske populaasje wurdt tusken 34.300.000 oant 47.500.000 folwoeksen fûgels (20% fan 'e wrâldpopulaasje) rûsd (BirdLife International, 2021). Sûnt de jierren 1980 wurdt der yn Jeropa in delgong fan 'e populaasje fêststeld, itjinge oanlieding is om der fanút te gean dat de soarte oer de hiele wrâld efterút giet.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Túfljurk Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo