De goudwjukfinken (Rhynchostruthus) foarmje in skaai fan krêftich boude finken fan likernôch 15 sintimeter lang. Se binne te werkennen oan in grutte kop, in swiere snaffel en in relatyf koarte sturt. It fearrekleed is griisbrún mei opfallende heldergiele plakken op 'e wjukken en de sturt, faak yn kombinaasje mei in donker eachmasker. Wyfkes binne wat doffer fan kleur; jonge fûgels binne streke.

Dizze fûgels libje as skouwe stânfûgels yn drûge, rotsige en bercheftige gebieten mei stikeleftige begroeiing en beammen lykas akasia's en duveldrek (Euphorbia). Har iten bestiet benammen út sied en fruchten.

Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px Arabyske goudwjukfink Rhynchostruthus percivali It súdwestlike diel fan it Arabysk Skiereilân. 200pxRhynchostruthus percivali op BirdLife 120px Sokotragoudwjukfink Rhynchostruthus socotranus It eilân Sokotra (Jemen). 200pxRhynchostruthus socotranus op BirdLife 120px Somalyske goudwjukfink Rhynchostruthus louisae It easten fan Afrika (Somaalje). 200pxRhynchostruthus louisae op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Finkfûgel