Rush is in Amerikaansk-Britsk-Dútske histoaryske biografyske sportfilm út 2013 ûnder rezjy fan Ron Howard. De film giet oer de rivaliteit dy't yn 'e 1970-er jierren bestie tusken de autokoereurs Niki Lauda (spile troch Daniel Brühl) en James Hunt (spile troch Chris Hemsworth). De titel is dûbelsinnich, mei't it wurd rush yn it Ingelsk sawol "haast" as "kick" betsjutte kin. It ferhaal folget de beide koereurs yn har beropsbestean en priveelibben fan it begjin fan harren karriêre yn 1970 oant en mei it klimaktyske Formule 1-seizoen fan 1976. Rush krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot Yn 1970 ûntwikkelje de Eastenrykske autokoereur Niki Lauda en syn Ingelske wjergader James Hunt in yntinse rivaliteit. Lauda, dy't fertrout op training en presyzje, is in koel en berekkenjend technysk sjeny, wylst Hunt in playboy is, waans selsfertrouwen basearre is op syn natuerlik talint en dêrnjonken op in flinke poarsje arrogânsje. Beide mannen steane yn harren fjild oan 'e absolute wrâldtop. Yn in Formule 3-race yn Londen krije se it foar it earst mei-inoar oan 'e stôk. Nei in lyts kontakt giselje beide auto's yn 'e rûnte, mar Hunt wit sines as earste wer ûnder kontrôle te krijen en wint de race, ta argewaasje fan Lauda.
Neitiid beslút Lauda om syn opklimmen nei de Forule 1 te forsearjen troch him yn in Fomule 1-team yn te keapjen. Wannear't syn rike heit dy stap wegeret te finansieren, liedt dat ta in brek tusken Lauda en syn famylje. Ynstee slút er dan in liening ôf by de Eastenrykske Raiffeisenbank. Sa komt er te riden foar it Formule 1-team fan British Racing Motors (BRM), as kollega fan koereur Clay Regazzoni. De sosjaal ûnoanpaste Lauda kin min opsjitte mei Regazzoni en de oare leden fan syn team. Underwilens wurdt ek Hunt in Formule 1-koereur wannear't lord Hesketh, de rike en eksintrike eigner fan Hesketh Racing, it team dêr't er by yn 'e tsjinst is, beslút om op te skaaljen nei de Formule 1.
Nei inkele jierren jouwe Lauda en Regazzoni har by it Formule 1-team fan Ferrari, dêr't Lauda ferrast en yrritearre is oer de minne technyske steat fan 'e race-auto's. Wannear't er troch syn ûnoanpaste hâlden en dragen op in stuit sûnder ferfier earne op it Italjaanske plattelân fêst komt te sitten, kriget er in lift fan 'e tsjeppe Marlene Knaus. Fan it iene komt it oare en se krije in relaasje.
Underwilens moetet Hunt supermodel Suzy Miller, dy't kunde hat oan lord Hesketh. Net folle letter trout er mei har. Beropsmjittich rekket Hunt lykwols yn 'e swierrichheden as bliken docht dat Hesketh him fersjoen hat op 'e kosten dy't it ûnderhâlden fan in Formule 1-team meibringt. As er it team sels net mear finansiere kin en der gjin sponsor te finen is, moat Hesketh syn team opdoeke. Hunt komt oan 'e dyk te stean, mar koarte tiid letter heart er fia-fia dat McLaren syn topkoereur kwytrekke is oan 'e konkurrinsje. Hy beweecht himel en ierde om in sollisitaasjepetear mei McLaren te krijen en wit de managers fan it team derfan te oertsjûgjen dat hy de juste ferfanger is.
Wannear't it Formule 1-seizoen fan 1976 begjint, berikt de rivaliteit tusken Lauda en Hunt stadichoan in hichtepunt. Lauda dominearret yn 'e earste beide races, wylst Hunt der bodzjen oan hat om him by te hâlden. Yn 'e trêde race, de Spaanske Grand Prix, wint Hunt, wylst Lauda op it twadde plak komt. Mar Lauda tsjinnet in klacht yn oer de race-auto fan McLaren (dêr't Hunt yn riidt), dy't yndie 1/4 fan in inch te breed blykt te wêzen. Hunt wurdt sadwaande diskwalifisearre, wat him poerrazen makket op Lauda, dy't er in "rôt" neamt.
Om 'e auto oan 'e reglemintêre breedte foldwaan te litten, moat McLaren de hiele boel ombouwe, wat net sûnder bernesykten giet. Dêrtroch falt Hunt yn 'e folgjende races ferskate kearen út. Ta oermjitte fan ramp moat er út 'e krante gewaarwurde dat syn frou Suzy in oerhuorrige relaasje hat mei akteur Richard Burton. Hy regelet in moeting mei Suzy in restaurant, dêr't se him útleit dat harren houlik foarby is om't hy inkeld belangstelling hat foar de autosport. Burton mei dan twaris sa âld wêze as sysels en harren relaasje hat dúdlik gjin takomst, mar hy behannelet har, seit se, as is se it wichtichste foar him yn 'e hiele wrâld, suggerearjend dat Hunt dat nea dien hat. Se beslute ta in skieding. Underwilens trouwe Lauda en Marlene troch yn Wenen mei har beiden in trou-amtner te besykjen mar gjin brulloft te hâlden. Wol geane se op in koarte houliksreis. Lauda sit lykwols yn noed oer it neidielige effekt fan syn trouwen op syn karriêre as autokoereur. No hat er ommers wat om te ferliezen, wat betsjut dat er op in mear behâldende wize ride sil.
By de folgjende races hat McLaren de technyske swierrichheden troch de ferbouwing fan 'e race-auto oerwûn, sadat Hunt wer folút meidwaan kin. Boppedat wurdt de diskwalifikaasje yn Spanje, dy't troch McLaren oanfochten is, weromdraaid. Dat betsjut dat Hunt wer kâns makket op it kampioenskip. Op 'e dei fan 'e Dútske Grand Prix beleit Lauda in gearkomste fan 'e koereurs. Hy bepleitet by it organisearjende Formule 1-komitee om 'e race ôf te sizzen fanwegen swiere rein dy't de notoir gefaarlike Noarderlus (Nordschleife) fan 'e Nürburgring frijwol ûnberiidber makket. Mar syn útstel wurdt fuortstimd nei't Hunt beweart dat Lauda besiket it tal noch te ferriden races sa lyts mooglik te meitsjen, poer om derfoar te soargjen dat oare koereurs de foarsprong yn punten dy't hy opboud hat, net mear ynrinne kinne.
De measte koereurs begjinne de race mei bannen foar wiet waar, mar it docht bliken dat it grutste part fan it sirkwy fluch opdrûget. Dêrtroch nimme de inkelingen in foarsprong dy't op 'e gok op bannen foar drûch waar start binne. Alle oaren, ûnder wa Lauda en Hunt, meitsje in pitstop om halje-trawalje har bannen omwikselje te litten. By it team fan McLaren giet dat troch omstannichheden hurder as by Ferrari, sadat Hunt in foarsprong op Lauda kriget. Troch it rûge riden fan Lauda, dy't neitiid as in mâlenien besiket om Hunt wer by te heljen, komt op in stuit in dochs al ferswakke ûnderdiel fan 'e ophinging fan syn auto te brekken. Lauda rekket de kontrôle oer it stjoer kwyt, botst mei hege faasje tsjin 'e fangrail oan en giselet yn 'e rûnte. Syn brânstoftank wurdt trochboarre, sadat syn auto yn ljochte lôge komt te stean. In oare koereur, dy't him efterop komt, riidt op him yn, wat soarget foar in noch gruttere ravaazje. Lauda sit inkele minuten fêst yn syn baarnende auto wylst oare koereurs en de tahastige helptsjinsten koartseftich wurkje om 'e flammen safierhinne te blussen dat se by him komme kinne. As er ienris út it wrak befrijd is, wurdt er mei in helikopter nei it sikehûs brocht.
De dokters fertelle syn frou Marlene neitiid dat de trêdegraads brânwûnen dy't Lauda oan syn foarholle en rjochterear oprûn hat, lang net it slimste binne. Folle serieuzer binne de brânwûnen yn syn longen, feroarsake troch it ynazemjen fan gleonhjitte lucht. Seis wiken lang hâldt Lauda it bêd yn it sikehûs wylst er ekstreem pynlike behannelings oan syn holle en longen ûndergiet. Underwilens moat er tasjen hoe't Hunt, dy't no ompakt mei slimme skuldgefoelens oer de gong fan saken by de gearkomste foarôfgeande oan 'e race, de neifolgjende races dominearret en hieltyd fierder op syn puntefoarsprong ynrint. Tsjin alle goerie fan syn dokters yn beslút Lauda op 'e Italjaanske Grand Prix op it Autodromo Nazionale di Monza wer werom te kearen as koereur. Nei in trage start wit er de race ôf te sluten mei in fertsjinstlik fjirde plak, wylst Hunt útfalt.
Op 'e parsekonferinsje fan Lauda nei ôfrin fan 'e race freget ien fan 'e sjoernalisten botwei oft syn houlik mei Marlene no foarby is, om't dochs gjin frou by in man bliuwe wol mei sa'n (troch brânwûnen) mismakke kop as Lauda no hat. Lauda besiket de ûnfatsoenlike fraach te parearjen mei in grap, mar as de man kâldwei oanhâldt, hjit er him om dea te fallen en beëiniget er de parsekonferinsje hommels. Hunt, dy't tsjûge fan it foarfal wie, sprekt de betreffende sjoernalist neitiid oan en lokket him mei troch te sizzen dat er ynformaasje foar him hat oangeande syn lêste fraach. Wannear't er him allinnich hat, slacht er de sjoernalist hielendal yninoar. As de man úteinlings mei tosken út 'e mûle slein bliedend op 'e grûn leit, freget Hunt him oft syn houlik no oer is, om't dochs gjin frou by in man bliuwe wol mei sa'n mismakke kop as sines.
It Formule 1-seizoen fan 1976 komt ta in klimaks by de Japanske Grand Prix op 'e Fuji Speedway. De foarsprong fan Lauda op Hunt is slonken oant trije punten. Dat betsjut dat as Hunt wint, hy Lauda yn it klassemint foarby giet en dêrmei wrâldkampioen Formule 1 wurdt. De start wurdt ferskate kearen útsteld omreden fan stjalprein, mar lang om let wurdt besletten de race dochs ferride te litten om't de útstjoerrjochten wrâldwiid foar in protte jild ferkocht binne en it Formule 1-komitee dat jild net weromjaan moatte wol. Wylst se yn har race-auto's sitte te wachtsjen op 'e start, meitsje Lauda en Hunt eachkontakt en knikke se inoar ta.
Oan 'e ein fan 'e twadde omgong, as er al ferskate klearen hast yn in slip rekke is, tinkt Lauda oan Marlene en beslút er dat it kampioenskip him syn libben net wurdich is. Hy set de auto oan 'e kant en stapt út. Hy kin dus gjin punten skoare yn dizze race. Dat betsjut dat Hunt net mear hoecht te winnen; ek as er it trêde plak bemachtiget, kriget er noch genôch punten om Lauda yn it klassemint foarby te gean. Nei in race mei ferskriklike waarsomstannichheden, tige min sicht, swierrichheden mei syn bannen en it oprinnen fan in ferwûne hân troch it betsjinjen fan syn healwei ôfbrutsen pook finisht Hunt úteinlik yndie as trêde en wint er it kampioenskip mei in ferskil fan ien punt. Wylst Hunt en Team McLaren feestfiere, sette Lauda en Marlene ôf yn in helikopter. Sy freget him oft er spyt hat fan syn opjaan, mar hy sjocht nei har en antwurdet dat er hielendal nearne spyt fan hat.
De rest fan it jier bringt Hunt troch mei it genietsjen fan syn oerwinning en syn ferneamdens yn in orgy fan alkohol, seks en drugs. Lauda kriget ûnderwilens belangstelling foar de loftfeart en hellet syn fleanbrevet. Op in fleanfjild yn Bologna moetsje se inoar by tafal. Hunt is mei in groepke freonen mei in privee-fleantúch ûnderweis nei Ingelân, wylst Lauda syn eigen privee-fleantúch ûnderhâldt yn in hangaar. Lauda stiet der by Hunt op oan om te begjinnen oan syn training foar it Formule 1-seizoen fan 1977, wannear't er syn titel ferdigenje moat. Mar Hunt seit dat sa'n titel foar him gjin sin hat as er net fan 'e oerwinning genietsje meie soe.
Yn in voice-over fertelt Lauda dat Hunt, troch ienris wrâldkampioen te wurden, syn doel berikt hie en dat der neat wie dat him dreau om itselde keunstke nochris te prestearjen. Dat barde dan ek net, en in pear jier letter hold Hunt hielendal op mei autosport. Lauda fûn dat tige spitich om't foar him krekt de rivaliteit mei Hunt in grutte motivator wie om ta it uterste te gean. Hunt gie troch mei it genietsjen fan it libben, en Lauda seit dat er dêrom net ferheard mar wol drôf wie, doe't er hearde dat Hunt yn 1993 mei 45 jier ferstoarn wie. Lauda beslút mei de wurden: "Der wiene net folle dy't ik lije mocht sa't ik him [Hunt] lije mocht, en noch minder foar wa't ik respekt hie lykas foar him. Hy is noch altyd de iennichste op wa't ik ea jaloersk west haw."
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Niki Lauda Daniel Brühl James Hunt Chris Hemsworth
byrollen personaazje akteur/aktrise Marlene Lauda-Knaus Alexandra Maria Lara Suzy Miller Olivia Wilde Louis Stanley David Calder Alastair Caldwell Stephen Mangan lord Hesketh Christian McKay Clay Regazzoni Pierfrancesco Favino suster Gemma Natalie Dormer Stirling Moss Alistair Petrie Teddy Mayer Colin Stinton Anthony "Bubbles" Horsley Julian Rhind-Tutt John Hogan Patrick Baladi Jochen Mass himsels (cameo)
Produksje en distribúsje Produksje