De Yndyske dwerchielgoes (Microcarbo niger, synonym: Phalacrocorax niger) is in fûgel út de famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae).
Skaaimerken thumb|left|Yndyske dwerchielgoes. Dizze lytse ielgoes wurdt likernôch 50 oant 55 sintimeter lang. Ferlikene mei de Yndyske ielgoes (Phalacrocorax fuscicollis) dêr't er syn ferspriedingsgebiet mei dielt, is dizze ielgoes lytser en hat er in koartere snaffel en in mear rjochthoekige kop en koartere nekke. Hy mist boppedat de giele kielsek.
Folwoeksen fûgels yn it briedkleed binne hielendal swart mei in pear wite plommen op 'e foarholle en de sydkanten fan 'e kop. Bûten it briedseizoen binne se bruner, misse se de plommen en hawwe se in wyteftich kin. Juvenilen hawwe ek in wyteftich kin, wylst de nekke en it boarst wat ljochter binne as de boppedielen.
De dwerchielgoes is wat grutter en foarser, mei mear útsprutsen wite plommen yn it briedkleed. Bûten it briedseizoen is it lichem wat bruner, is de fûgel ûnder wat bûnter mei wyt en is de oergong fan it wite kin nei de brune nekke floeiender.
Fersprieding en systematyk Dizze soarte komt foar yn leechlân, fan Yndia oant Súdeast-Aazje en it westen fan Yndoneezje. De fûgel wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt. Yn it ferline waard de Yndyske dwerchielgoes ek wol as in ûndersoarte fan 'e dwerchielgoes behannele.
Hâlden en dragen De fûgel libbet benammen yn swietwettergebieten lykas sompen, marren, rivieren en opslachmarren. It iten bestiet hast folslein út fisk, dy't se fange troch te dûken. Se binne faak allinnich of yn lytse groepen te sjen, mar kinne yn gruttere koloanjes briede tegearre mei oare wetterfûgels. It nêst wurdt makke fan tûkjes en reid, meast yn beammen of strûken tichteby wetter.
Status De grutte fan 'e populaasje bestiet neffens in rûzing út 2023 út 183.000 oant 233.000 folwoeksen fûgels (Wetlands International). De soarte hat boppedat in tige grut ferspriedingsgebiet. Dêrom stiet de Yndyske dwerchielgoes as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See