De kroanielgoes (Microcarbo coronatus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen. De soarte is endemysk foar súdwestlik Afrika.

Skaaimerken De kroanielgoes is in lytse (likernôch 50 sintimeter) swarteftige ielgoes mei in lange kilige sturt. Dêrnjonken hat er reade hûd op it gesicht, in read each en in gielige snaffel. Yn 'e briedtiid is de soarte glânzgjend grieneftich swart, wylst er by 't winter brún is mei in ljochte kin en kiel. Hy ûnderskiedt him fan 'e langsturtielgoes troch syn readere hûd op it gesicht en it ûntbrekken fan swarte punten oan 'e middelste wjukdekfearren, wat makket dat de boppekant net spikkelich liket. Dêrby is de sturt koarter en it túfke op 'e foarholle langer.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar oan 'e kusten fan it súdwesten fan Afrika, fan Angoala oant Súd-Afrika en wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

Skaai-yndieling Oant koartlyn waard dizze fûgel lykas ferskate oare dwerchielguozzen yn it grutte skaai Phalacrocorax yndield. De liedende taksonomyske autoriteiten diele dizze no yn by it skaai Microcarbo, om't se in dúdlike groep foarmje dy't him 12 miljoen jier lyn fan 'e oare ielguozzen ôfskieden hat.

Hâlden en dragen De kroanielgoes is unyk yn ferliking mei de oare lytse ielguozesoarten yn it skaai Microcarbo om 't er allinnich oan see bûn is. Hy briedt yn lytse koloanjes op eilannen en seekliffen wêrby't it briedseizoen meastal yn 'e súdlike maityd en simmer falt, mar per regio wat ferskille kin.

Status en bedrigings De kroanielgoes hat in relatyf lytse wrâldpopulaasje, dy't yn 2021 op mar 2.162 pearkes rûsd waard: 944 yn Namybje en 1.218 yn Súd-Afrika. Hoewol't de populaasje stabyl liket te wêzen, wurdt er bedrige troch fersteuring en fersmoarging. De IUCN klassifisearret de soarte lykwols as net bedrige (Least Concern, 2021) op 'e Reade List.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan