De lytse trap (Tetrax tetrax) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trappen (Otididae). De soarte komt foar op steppes, ekstinsyf brûkte lânbougrûn en braaklizzende terreinen op it Ibearysk Skiereilân, yn Frankryk, Itaalje, Sardynje, op 'e Balkan, yn Marokko en fan Sintraal-Aazje oant it Altaiberchtme. Om't de lytse trap yntinsyf brûkte lânbou mijt, is it tal de ôfrûne desennia sterk tebekrûn. Yn Nederlân is de lytse trap in seldsume dwaalgast.

Skaaimerken thumb|left|Wyfke yn Frankryk. De lytse trap is 40–45 sm lang, hat in spanwiidte fan 83 oant 91 sm en weaget likernôch 900 gram. It mantsje hat yn 'e briedtiid in grize kop, in swart-wite halsbân, in wite búk en in brún tekene rêch. By it wyfke, de jonge fûgels en it mantsje yn 'e winter ûntbrekt de swart-wite halsbân. It wyfke is sterker tekene as it mantsje yn 'e winter en liket dêrtroch donkerder.

Lytse trappen fleane fluch, wêrby't de wjukken by it opfleanen in soad leven meitsje, lykasas by hineftigen. De flecht wurdt karakterisearre troch ûndjippe wjukslaggen, yn tsjinstelling ta de folle gruttere grutte trap, dy't in stadige en treftige flecht hat. De wjukken binne foar it grutste part wyt, mei in swarte efterrâne en in kommafoarmich plak.

Fersprieding en habitat De lytse trap komt fan súdwestlik Europa en noardwestlik Afrika oant Sintraal-Aazje foar. It leefgebiet bestiet út frij drûge, ekstinsyf bewurke greide mei in mozayklânskip besteande út nôtfjilden, braaklizzend lân, greidlân, lege begroeiïng.

Foarkommen yn Nederlân Yn Nederlân is de lytse trap in tige seldsume dwaalgast, dy't meast yn 'e hjerst waarnommen wurdt.

Balts en brieden thumb|thumb|left|Aaien. Yn maaie of juny set it mantsje ûnder de balts syn kraach fan halsfearren op en spriedt de sturt wiid út. Tagelyk lit er de wjukken hingje, dêr't er mei klapperet en in ratteljen en knetterjend lûd mei makket. Dêrnjonken makket er koarte, klapwjukjende hippen yn 'e loft. By de lytse trap spilet it swart-wite halspatroan fan it mantsje in wichtige rol by de balts.

It nêst bestiet út in ûndjippe kûle op 'e grûn mei mar in bytsje nêstmateriaal. Dêryn leit it wyfke twa oant fjouwer brúngriene aaien, dy't yn 20 oant 21 dagen útbret wurde. It mantsje bewekket it nêst. Nei't de piken útkommen binne, ferlitte se fuortendaliks it nêst.

Iten Lytse trappen ite benammen blêden fan steppeplanten. Dêrnjonken bestiet har iten út knoppen, sied, gaanders, krobben en oare wringeleaze bisten.

Status De soarte giet yn tal efterút. Dat komt benammen trochdat it leefgebiet fragmintearre rekket troch bebouwing en de oanlis fan ynfrastruktuer, mar ek troch feroarings yn 'e lânbou. Ekstinsyf brûkte lânbougrûn wurdt op grutte skaal omset yn yntinsive feehâlderij of yntinsive ikkerbou. Dêrfandinne wurdt de lytse trap as gefoelich (Near Threatened, 2018) op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse trap Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje