De koarytrap (Ardeotis kori) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae) dy't yn Afrika foarkomt. Tegearre mei de grutte trap (Otis tarda) heart de soarte ta de swierste fleanende fûgels fan 'e wrâld.
Skaaimerken thumb|left|Yn 'e flecht is goed te sjen dat de slachpinnen djip fingere binne. De koarytrap is de grutste fleanende fûgel fan Afrika en heart tegearre mei de grutte trap ta de swierste fleanende fûgels fan 'e wrâld. It mantsje wurdt 105 oant 135 sm lang, hat in spanwiidte fan 230 oant 275 sm en weaget ornaris tusken de 7 en 18 kg. De measte mantsjes weagje om-en-de-by de 11 oant 12 kg, mar útsûnderlike eksimplaren kinne mear as 20 kg weagje. It wyfke is in stik lytser en lichter.
De soarte hat in krêftige ljochtgrize hals, in brúngrize rêch en boppekant fan 'e wjukken, in ljochte ûnderkant en lange ljocht gielgriene poaten. Oan 'e skouder fan 'e wjuk sit in opfallende swart-wite tekening. Op 'e efterholle hat er in koarte swart-grize kuif. De wjukken binne lang en yn 'e flecht falle de djip fingere slachpinnen fuortendaliks op. Mantsjes en wyfkes hawwe frijwat itselde fearrekleed. Fersprieding en taksonomy Der wurde twa ûndersoarten fan 'e koarytrap erkend, dy't yn twa fan inoar skieden gebieten fan Afrika foarkomme:
Ardeotis kori kori – de nominaatfoarm, dy't foarkomt yn súdlik Angoala, súdlik Mozambyk, Namybje, Botswana, Simbabwe en Súd-Afrika. Ardeotis kori struthiunculus – fan súdeastlik Súd-Sûdan oant noardwestlik Somaalje en súdlik oant noardlik Oeganda en noard-sintraal Tanzania.
Ekology De Koarytrap libbet yn steppes en savannes en briedt oant op hichten fan likernôch 2.000 meter boppe seenivo. thumb|left|Mantsje yn Tanzania. Lykas de oare trapfûgels is de Koarytrap polygaam. In mantsje pearet mei ferskate wyfkes, mar lit dêrnei de fierdere soarch folslein oan it wyfke oer. It wyfke bout it nêst, briedt de aaien út en fersoarget de piken. Foar de briedtiid fret it wyfke har goed fol om genôch enerzjy foar de briedtiid op te bouwen.
De koarytrap libbet it grutste part fan 'e tiid op 'e grûn. It iten bestiet benammen út sied en hagedissen, mar ek oare lytse bisten wurde fongen. Bijefretters sitte geregeldwei op 'e rêch fan 'e koarytrap om ynsekten te fangen dy't troch de grutte fûgel út it gers opskrikke as er troch it lân rint.
De koarytrap fljocht allinne as dat needsaaklik is en bliuwt it leafst op 'e grûn.
Status en bedrigingen De koarytrap hat in grut ferspriedingsgebiet en de wrâldpopulaasje is noch relatyf grut, mar de soarte giet yn oantal efterút. De wichtichste oarsaken binne bejaging, it ferlies fan gaadlik leefgebiet en botsingen mei heechspanningsliedingen.
De IUCN klassifisearret de koarytrap dêrom sûnt 2012 as 'gefoelich' (Near Threatened, NT). De wrâldpopulaasje is net krekt rûsd, mar yn gebieten dêr't de fûgel net ferfolge wurdt, wurdt er noch altyd as algemien beskôge.
Namme De soartnamme kori is ôflaat fan Kğôri of Kxhóri, de namme foar de fûgel yn it Setswana.
Kultuer De Koarytrap is de nasjonale fûgel fan Botswana.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reuzetrap Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe