De swarte trap (Afrotis afra) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). Dizze relatyf lytse trap komt foar yn it súdwesten fan Súd-Afrika, fan Namakwalân yn it suden oant Kaapstêd en fierder eastlik oant Makhanda. De soarte hat in foarkar foar healdrûge leefgebieten lykas gerslannen, strûklân en savannes, dêr't er benammen op op 'e grûn libjende lidpoatigen jaget en ek sied yt. De swarte trap briedt alle jierren yn 'e maityd en leit ornaris ien of twa aaien yn elk briedseizoen.
It tal swarte trappen is de lêste desennia bot weromrûn, benammen om't in grut part fan it leefgebiet omset is yn lânbougrûn. De oerbleaune gebieten binne faak fragmintearre. Troch dat ferlies fan gaadlik leefgebiet wurdt de soarte troch de IUCN as gefoelich (Vulnerable, VU) klassifisearre.
Taksonomy De swarte trap waard yn 1758 troch Linnaeus beskreaun yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturae, dêr't de soarte de wittenskiplike namme Otis afra krige. Letter waard de soarte hiel lang ûnderbrocht yn it skaai Eupodotis, mar tsjintwurdich wurdt er yndield yn it skaai Afrotis.
Earder waarden de swarte trap en de Botswanatrap as ien soarte beskôge, wêrby't de noardlike foarm as in ûndersoarte (Eupodotis afra afroaoides) sjoen waard. Tsjintwurdich wurde se as twa aparte soarten beskôge, om't se ferskillende ferspriedingsgebieten en leefgebieten hawwe en ek dúdlik faninoar ferskille yn harren fearrekleed, lûd, sosjaal hâlden en dragen en mitochondriaal DNA.
Skaaimerken thumb|left|Mantsje. De swarte trap is in fûgel dy't foaral op 'e grûn libbet mei dúdlike ferskillen tusken mantsje en wyfke.
It mantsje hat in opfallend swart-wyt bûnt fearrekleed mei in swarte hals en ûnderkant. Fierders hat er wite ûnderwjukken, wite wangen en wite streken boppe de eagen. It wyfke is folle minder kontrastearjend kleure. Har kop, hals en boarst hawwe deselde brún-wite bûntekening as de rest fan it lichem. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe helder giele poaten.
It mantsje is wat grutter as it wyfke. De wjuklingte fan it mantsje leit tusken de 27 en 28 sm, wylst dy fan it wyfke 25 oant 26 sm bedraacht. De sturt is likernôch 12 oant 13 sm lang. De snaffel fan it mantsje is mei 3,8 oant 3,9 sm wat grutter as dy fan it wyfke, dy't likernôch 3,5 sm mjit. De snaffel is readrôze fan kleur mei in swarte punt. De soarte wurdt yn trochsneed sa'n tsien jier âld.
Fersprieding en leefgebiet De swarte trap is endemysk yn it súdwesten fan Súd-Afrika. It ferspriedingsgebiet rint fan Namakwalân oant Kaapstêd en fierder eastlik oant Makhanda. Yn 2020 waard it gaadlike leefgebiet op likernôch 20.355 km² rûsd.
De soarte hat in foarkar foar iepen, healdrûge lânskippen lykas strûklân en savannes, mar komt ek foar yn gerslannen oan 'e rânen fan sompen. Yn sokke gebieten kin de fûgel maklik op yn it gers libjende lidpoatigen jeie.
Briedgedrach De swarte trap is in polygame soarte, wat betsjut dat in mantsje mei ferskate wyfkes pearet. Om yndruk te meitsjen op wyfkes makket it mantsje opfallende baltsflechten, wêrby't er heech troch de loft fljocht. De briedtiid falt yn 'e maityd.
It wyfke leit ien of twa aaien yn in ûndjippe kûle yn 'e grûn, dy't mei in pear gersspruten bedutsen wurdt. De aaien binne oliif- of brúnkleurich en hawwe donkere swarte plakken. Allinnich it wyfke briedt de aaien út en nimt de fersoarging fan 'e piken foar har rekken.
Iten De swarte trap is in allesiter. Likernôch twatredde fan it iten bestiet út lidpoatigen, lykas termiten, krobben, gaanders en mychammels. It oerbleaune part fan it menu bestiet út plantaardich materiaal, benammen sied.
De soarte hat in mutualistyske relaasje mei Acacia cyclops, in soarte fan akasia. De swarte trap yt it sied fan dizze beam, dy't in wichtige fiedingsboarne foarmet. Tagelyk ferspriedt de fûgel it sied nei gaadlike plakken dêr't it útrinne kin.
Lykas in protte oare fûgels slokt de swarte trap ek lytse stientsjes en grint yn. Dy helpe yn 'e spiermage by it fynmeallen fan it iten. Ut ûndersyk docht fierder bliken dat likernôch twatredde fan 'e fûgels besmet is mei nematoaden yn it termkanaal.
Status en beskerming Resint ûndersyk lit sjen dat de populaasje fan 'e swarte trap fierder efterútgiet, wat soargen opropt oer de takomst fan 'e soarte. Eartiids wie de swarte trap in algemien foarkommende fûgel, mar hjoed-de-dei wurdt er hieltyd seldsumer trochdat syn leefgebiet mear en mear fragmintearre rekket. Dêrom stiet de soarte sûnt 2013 as 'gefoelich' (Vulnerable, VU) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
De grutste bedriging foar de soarte is de omsetting fan natuerlike begroeiïng yn lânbougrûn en gebieten foar akwakultuer. Dêrtroch rekket it leefgebiet fragmintearre en wurdt it oanbod fan iten lytser. Ek binne der minder gaadlike briedplakken beskikber, wat negative gefolgen hat foar it briedsúkses en de oerlibbingskânsen fan aaien en piken. Lânbougebieten biede boppedat net genôch beskerming tsjin rôfdieren, lykas de wytboarstraven (Corvus albus).
Oare bedrigingen foar de swarte trap binne klimaatferoaring, fersteuring troch minsken en sykten.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swarte trap Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika