De Botswanatrap (Afrotis afraoides) of de noardlike swarte trap is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte komt rûnom foar yn súdlik Afrika. It leefgebiet bestiet benammen út iepen gerslannen en strûkgebieten.
Taksonomy thumb|left|Tekening fan in mantsje en in wyfke. De Botswanatrap waard yn 1831 foar it earst beskreaun troch de Skotske sjirurch, ûntdekkingsreizger en soölooch Andrew Smith, dy't de soarte de namme afraoides joech. Hy dielde de fûgel yn it skaai Eupodotis yn, dêr't mar twa soarten ta hearden: de noardlike en de súdlike swarte trap.
Yn 1993 beskôgen Dowsett en Forbes-Watson de noardlike swarte trap (de Botswanatrap) as in ûndersoarte fan 'e súdlike swarte trap (Eupodotis afra), wylst Sibley en Monroe de soarte as in selsstannige soarte beholden. Yn 2014 brochten del Hoyo en Collar beide soarten ûnder yn it skaai Afrotis.
De Botswanatrap wurdt yn trije ûndersoarten ûnderskieden:
A. a. etoschae: noardwestlik Namybje en noardlik Botswana. A. a. damarensis: Namymbje, westlik en sintraal Botswana. A. a. afraoides: fan súdeastlik Botswana oant Lesoto en noardeastlik Súd-Afrika.
Skaaimerken It mantsje hat op 'e rêch en de wjukken in regelmjittich patroan fan swarte en wite dwersbannen. De kop, hals en ûnderkant binne swart. By it wyfke binne de kop, hals, it boarst en de boppekant brúngiel mei swarte bannen of in skaakboerdeftich patroan, wylst de búk swart is.
In wichtich skaaimerk dat de Botswanatrap ûnderskiedt fan 'e súdlike swarte trap is dat de earste slachpinnen foar in grut part wyt binne; by de súdlike swarte trap binne dy swart. Sawol it mantsje as it wyfke hat in reade snaffel en helder giele poaten.
Ofbylden mantsje Botswanatrap/swarte trap
Fersprieding en leefgebiet De Botswanatrap komt foar yn Namybje, Botswana, Lesoto en it noarden fan Súd-Afrika. De soarte libbet yn gerslân mei in fegetaasje dy't oant likernôch in meter heech is, op gersdunen, yn healdrûge strûkgebieten en op iepen fjild.
Ekology De Botswanatrap is in fûgel dy't foar it grutste part op 'e grûn libbet, mar fljocht by fersteuring gauris ynienen op.
As in ynkringer te tichteby komt, rint it mantsje faak earst fuort mei de kop en de hals fier nei foaren útstutsen. Dêrnei bliuwt er ûnferweechlik stean, wêrtroch't er troch syn skutkleur ferrassend dreech te ûntdekken is. It wyfke falt noch minder op en wurdt mar selden sjoen.
By it foerazjearjen rinne de fûgels stadich troch it terrein. Hja ite benammen ynsekten, lykas termiten, mychammels, sprinkhoannen en krobben, mar ek spinnen, tiken en sied.
Der kin it hiele jier troch bret wurde. By de balts set it mantsje de wite fearren op en jaget er op rituele wize efter oare fûgels oan. It baltsen is rjochte op ferskate wyfkes, mar tagelyk ferdigenet it mantsje in territoarium en ferjaget er oare mantsjes.
It nêst is in ienfâldige kûle yn 'e grûn, dêr't ien of twa aaien yn lein wurde.
Status De IUCN hat de Botswanatrap as net bedrige (Least Concern, LC, 2024) klassifisearre. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, is op in soad plakken noch algemien en der binne op it stuit gjin grutte bedrigingen bekend. De populaasje liket stabyl te wêzen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swarte trap Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika