Hansa-Park is sûnt 1977 in attraksjepark by Sierksdorf yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It waard yn 1977 iepene as Hansaland op it plak fan it eardere Legoland Sierksdorf. In 1987 waard de namme van Hansaland feroare yn Hansa-Park.

Skiednis Op it terrein ûntstie yn 1973 it earste Dútske legolân, dat boud waard troch oannimmer Hans Peter Rüster. Mei 28 miljoen plestik boustiennen fan de Deenske boartersguodfabrikant Lego waarden hiele stêden yn miniatuerformaat neiboud, fan Rüdesheim am Rhein oant de skyline fan New York. Dit pretpark bestie mar oant ein 1976 fanwegen de hege lisinsjefergoedings oan it Lego-konsern en de matige besikersoantallen. Yn 1976 waard Legolân Dútslân sletten en fallyt ferklearre. In tal fan de âlde attraksjes út Legolân waard oernaam. Se krigen allinnich in nij uterlik. Fierder waard alles wat oan Lego die tinken fuort helle. Op 15 maaie 1977 iepene Hansaland foar it earst syn doarren foar besikers. As nijichheid waard op 21 july dat jier de earste beamstamattraksje fan Dútslân iepene.

Yn 1978 waard it doetiids grutste en modernste dolfinarium mei koepeloerkaping yn Europa iepene, mei 1400 sitplakken. It park presintearre lykwols al yn it iepeningsjier dolfinen, yn in lytse seal dy't efter it westernstêdsje lei. Sûnt 1994 organisearret it Hansa-Park gjin dolfineshows mear, oant 2018 waard der noch in show mei seeliuwen toant.

Yn 1980 waard de achtbaan Nessie mei in fertikale looping iepene. Nessie wie doe de grutste loopingbaan fan Europa en waard boud troch de ferneamde achtbaanbouwer Anton Schwarzkopf. De attraksje is hjoed-de-dei ien fan de klassikers yn it park. Sân jier letter ta gelegenheid fan it tsienjierrich jubileum yn 1987 waard Hansaland omdoopt ta Hansa-Park. As ûnderdiel fan in wiidweidige modernisearring fan it park waard yn 2008 in replika fan de Holstentor (ien fan de twa oerbleaune tagongspoarten fan de Dútske hânzestêd Lübeck.) as yngong foltôge, dy't op 26 april by in grutte seremoanje ûntbleate waard troch de doetiidske minister-presidint fan Sleeswijk-Holstein.

Ferneamde attraksjes Namme IepeneOpm.100px Wellenreiter 1977 100px Koggenfahrt 1977100pxWildwasserfahrt1977Earste beamstamattraksje fan Dútslân100pxNessie1980In achtbaan mei in fertikale looping 100px Der Schwur des Kärnan 2015 Achtbaan mei fertikale liftheuvel 100px Highlander 2019 heechste en fluchste frijefaltoer fan Europa

Ferdwûne ferneamde attraksje Namme Iepene OfbrútsenOpm.100pxDie Glocke 2008 2019 100px Fliegender Hai 1991 2019 Gjin reserve ûnderdielen mear beskikber 100px Monte Zuma 2000 2012 Ofbrútsen fanwegen technyske problemen. 100px Holsteinturm 1987 2025 Ofbrútsen fanwegen technyske problemen 100px Torre Del Mar 2005 2015 Hie problemen troch feroaring fan wynstreaming nei de bou fan achtbaan Der Schwur des Kärnan. De sweefmûne is derom ôfbrútsen en ferkocht. Dolfinarium 1978 1994 De hal is fan 1994 oant en mei 2018 brûkt foar in seeliuweshow, en wurdt hjoed-de-dei brûkt foar in wettersirkus sûnder bisten.

Kategory:Ferdivedaasjepark yn Dútslân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1977