De denhamtrap of Denhams trap (Neotis denhami) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). It is ien fan 'e gruttere trapsoarten. De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika.

Skaaimerken thumb|left|Tekening fan 'e fûgel(C.G. Finch-Davies). De denhamtrap is de grutste soarte út it skaai Neotis, mar is lytser as de trapsoarten út it skaai Ardeotis, lykas de koarytrap en de grutte Yndyske trap. It mantsje is 100–116 sm lang en weaget 9 oant 10 kg. It wyfke is mei in lingte fan 80–87 sm en in gewicht fan 3 oant 4 kg gâns lytser.

De rêch is brún, by it mantsje donkerder en minder tekene as by it wyfke. De ûnderkant is wyt. De hals is ljochtgriis, mei efter yn 'e nekke in opfallende oranjebrune oant kastanjebrune kleur. De grize krún wurdt oan wjerskanten begrinzge troch swarte fearren. Troch it each rint in swarte streek, mei dêr boppe in opfallende wite eachstreep. De lange poaten binne gielich fan kleur en de snaffel is hoarnkleurich oant wytich.

De wjukken hawwe in opfallend patroan fan brún, wyt en swart. Yn 'e flecht lit it mantsje folle mear wyt yn 'e wjukken sjen as it wyfke of jonge fûgels.

Yn 'e balts blaast it mantsje de kiel op, wêrtroch in grutte, opfallende bal fan wite fearren ûntstiet. De denhamtrap is bûten de balts oer it generaal in stille fûgel.

Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte hat in grut ferspriedingsgebiet fan likernôch 20.700.000 km². Der wurde trije ûndersoarten erkend, mei in grut, mar fersnipele ferspriedingsgebiet:

N. d. denhamide - nominaatfoarm komt foar fan West-Afrika oant yn it noarden fan Oeganda en Sûdan. N. d. jacksoni - fan Kenia oant súdlik Kongo en súdlik Afrika; N. d. stanleyi - yn it uterste suden fan Mozambyk, Súd-Afrika en Swazylân.

De soarte libbet yn licht beboske savannes, op drûch en fochtich gerslân, boulân en ynsiede greiden, fan seenivo oant likernôch 3.000 meter hichte. De soarte is foar in grut part trekfûgel of nomadysk, ôfhinklik fan 'e regio en de delslach.

Iten en fuortplanting De denhamtrap yt benammen ynsekten, lytse wringedieren en plantaardich materiaal. It briedseizoen is fariabel en liket him oan te passen oan 'e delslach. In lechsel bestiet út ien of twa aaien.

Bedrigingen Yn 'e Sahel en West-Afrika is bejaging de wichtichste oarsaak fan 'e efterútgong fan 'e soarte. Yn East- en Súdlik Afrika foarmje habitatferlies en botsingen mei elektrisiteitsliedingen de grutste bedrigingen. Omsetting fan gerslân yn lânbougrûn of kommersjele boskbou liedt ta it habitatferlies. Yn Súd-Afrika binne botsingen mei heechspanningsliedingen de wichtichste oarsaak fan 'e ôfname. De soarte is opnommen yn CITES-bylage II, wêrtroch de ynternasjonale hannel regele wurdt.

Status De populaasje nimt ôf. Yn súdlik Afrika wurdt de populaasje rûsd op 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels. De denhamtrap stiet sûnt 2025 as gefoelich (Near Threatened, NT) op 'e Reade List fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske grutte trap Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia