De Nubyske trap (Neotis nuba) is in fûgel út 'e famylje trapfûgels. It is in middelgrutte oant grutte trap dy't yn 'e drûge gebieten tusken de súdlike râne fan 'e Sahara en it noardlike part fan 'e Sahel libbet. De soarte komt foar yn Niger en Tsjaad en is nei alle gedachten útstoarn yn Mauretaanje, Maly en Sûdan. Eartiids wie de Nubyske trap yn dy streek gewoan, mar hjoed-de-dei is er tige seldsum troch jacht en efterútgong fan it leefgebiet.
Uterlik Mantsjes binne folle grutter as wyfkes. Se hawwe in readbrún oant sânkleurich fearrekleed mei in opfallende brede streek oer de krún. In bysûnder skaaimerk is de sturt: de bûtenste sturtfearren binne langer en stiver, wat soarget foar in foarkefoarmige sturt by it pronkgedrach.
Taksonomy Tsjintwurdich wurdt de soarte meast yn it skaai Neotis pleatst. Yn 2023 waard it nije skaai Nubotis foarsteld op grûn fan molekulêr, morfologysk en gedrachsbewiis, mar dy namme is noch net algemien oernaam De Nubyske trap waard yn 1851 De soarte waard yn troch Philipp Jakob Cretzschmar beskreaun as Otis nuba. Meastentiids wurdt er yn it skaai Neotis yndield. Yn 2023 waard in nij skaai, Nubotis foarsteld op grûn fan molekulêr, morfologysk en gedrach, mar dy namme is noch net algemien oernaam.
Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
N. n. nuba (eastlike foarm). N. n. agaze (westlike foarm).
Fersprieding en leefgebiet De Nubyske trap libbet yn woastynrânen, healdrûge strûkgebieten en op drûge savannes mei fersprate begroeiïng. De populaasjes binne fersnipele en lokaal seldsum.
Hâlden en dragen Oer it gedrach is mar in bytsje bekend. Lûdopnames binne seldsum. Yn 2022 waard foar it earst de balts beskreaun. It mantsje rint dan mei de sturt rjocht omheech yn in dúdlike foarkefoarm, wylst de wjukpunten tusken de beide sturthelten hingje. Dat ferskilt fan it hals-opblaasgedrach fan oare trapsoarten.
De soarte is omnivoar en yt grutte ynsekten, gerssied, blêden en fruchten. Nei alle gedachten hellet er in grut part fan syn wetter út it iten, wat in wichtige oanpassing is oan it drûge klimaat.
It briedseizoen falt yn 'e reintiid, fan july oant oktober. It nêst is in ûndjippe kûle yn 'e grûn. Oer it tal aaien, de brieddoer en de soarch foar de jongen is mar in bytsje bekend.
Beskerming De IUCN beskôget de Nubyske trap as kwetsber. De grutste bedrigingen binne jacht (benammen troch falkeniers), oerbeweiding, ferlies en fragmintaasje fan leefgebiet en tanimmende drûchte troch klimaatferoaring.
Yn guon lannen hat de efterútgong sa dramatysk west, dat de soarte dêr mooglik útstoar. De wichtichste oerbleaune populaasjes binne nei alle gedachten benammen yn beskerme gebieten yn Niger en Tsjaad te finen. Der wurdt tocht dat de fûgel yntusken yn Maly, Mauretaanje en Sûdan útstoarn.
Oanrikkemandearre maatregels foar it behâld fan 'e fûgel binne strangere hanthavening tsjin jacht, better behear fan it leefgebiet, gjin oanlis fan elektrisiteitstriedden yn wichtige trapgebieten en systematyske tellingen fan 'e populaasje.
Kulturele betsjutting De soarte hat mar in beheinde kulturele betsjutting, mar wurdt troch guon nomadyske groepen as boarne fan fleis brûkt. Troch syn seldsumens en it ôfhandige leefgebiet hat er hast gjin betsjutting foar ekotoerisme. Wol is er spitigernôch bekend wurden as in tige populêre proai foar falkeniers út it Arabyske Skiereilân.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske grutte trap Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan