De rüppelltrap (Heterotetrax rueppelii) of Rüppells trap is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte is ferneamd nei Wilhelm Rüppell, in Dútske ûntdekkingsreizger, samler en natuerûndersiker.
Beskriuwing thumb|left|Rüppelltrap. De rüppelltrap is in lytse trap fan mar likernôch 60 sm lang. De kop en de hals binne griis, mei swarte streken oer de kiel (minder dúdlik by it wyfke), troch it each en oan 'e siden fan 'e hals. De wangen binne wyt. It lichem is boppe sânbrún en ûnder wyt. De poaten binne sânich gielbrún.
Fersprieding en habitat De rüppelltrap komt fan natuere foar yn súdwestlik Afrika, benammen yn Angoala en Namybje.
De soarte libbet yn drûge gebieten lykas woastinen, flakten en savannes. Syn tige goed ûntwikkele sintugen spylje in wichtige rol by oerlibjen en feilichheid. De fûgel wurdt geregeld oantroffen yn it Natuerreservaat NamibRand, by Mirabib en Ganab yn it Nasjonaal Park Namib-Naukluft, by Bloedkoppie en yn ’e omkriten fan Spitzkoppe.
De rüppelltrap wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Heterotetrax rueppelii rueppelii – komt foar yn drûge kustgebieten fan súdwestlik Angoala (Benguela) oant noardwestlik Namybje. Heterotetrax rueppelii fitzsimonsi – komt foar yn súdlik Namybje (fan Maltahöhe oant Windhoek).
Hâlden en dragen De rüppelltrap is meast monogaam en briedt bytiden ek yn grutte famyljegroepen. Der kinne it hiele jier troch aaien lein wurde, mar it meast fan febrewaris oant maaie.
It nêst wurdt makke tusken rotsen en stiennen, soms mei wat plantemateriaal as beskutting. Yn in briedsyklus wurde 1–3 aaien lein, dy't allinne troch it wyfke útbret wurde.
De soarte is omnivoar. It iten bestiet benammen út wringeleazen, lykas termiten en lytse reptilen, mar ek út blêd en sied. By it sykjen nei iten rint de fûgel oer de grûn en pikt er nei de proai of plantemateriaal.
Status en beskerming Oannommen wurdt dat de populaasjetrend fan 'e soarte stabyl is. De rüppelltrap wurdt op 'e Reade List troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
Trappen binne tige gefoelich foar ferlies of feroaring fan harren leefgebiet, meastentiids troch tanimmende druk fan lânbou, jacht en streuperij foar sport en iten, benammen yn 'e briedtiid.
Troch harren natuerlike skouens, grutte leefgebieten en goede kamûflaazje hearre trappen ta de dreechst te bestudearjen fûgelgroepen. Dêrtroch is it dreech om foldwaande gegevens te sammeljen oer biology, populaasjegrutte en stjerte.
In ûndersyk nei tsien fûgelsoarten yn Namybje, wêrfan it ferspriedingsgebiet mar min bekend is, besocht ûnder oare de populaasjetichtens en fersprieding fan 'e rüppelltrap te foarsizzen. De útkomsten fan sa'n ûndersyk kinne helpe by de beskerming fan fûgelsoarten dy't oars dreech waar te nimmen binne.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Woastyntrap Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje