Spartacus is in Amerikaanske histoaryske biografyske oarlochs- en dramafilm yn Technicolor út 1960 ûnder rezjy fan Stanley Kubrick. De haadrollen, yn wat ek oantsjut wurde kin as in swurd-en-sandalefilm, waarden spile troch Kirk Douglas en Jean Simmons, mei Laurence Olivier, Peter Ustinov, Charles Laughton en Tony Curtis yn 'e wichtichste byrollen. De titel ferwiist nei Spartakus, de lieder fan 'e opstannige slaven yn 'e Trêde Slave-oarloch (73–71 f.Kr.) yn 'e Romeinske Republyk. It ferhaal folget Spartakus fan syn jierren as slaaf yn 'e stiengatten fan Lybje, fia syn training as gladiator en syn liederskip fan 'e slave-opstân oant syn úteinlike finzenname en krusiging troch de Romeinen. Tagelyk besteget de film ek oandacht oan 'e politike yntriizjes yn 'e Romeinske Republyk, dy't it paad tariede foar de takomstige machtsoername troch Julius Caesar.
Kirk Douglas, dy't de titelrol fertolke, wie teffens de eigner fan Bryna Productions, de studio dy't de film makke. Hy wie dêrom ek útfierend produsint, en hy wie dejinge dy't nei ien wike fan opnamen de oarspronklike regisseur, Anthony Mann, ûntsloech en ferfong troch Kubrick. Douglas makke mei Spartacus ek eigenhandich in ein oan 'e Swarte List fan Hollywood troch iepentlik de as kommunist weisette Dalton Trumbo yn te hieren as senarioskriuwer. Spartacus krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wûn fjouwer Oscars en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama, en waard yn 2017 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. It wurdt tsjintwurdich beskôge as in wiere klassiker en ien fan 'e bêste films oer de Romeinske Tiid dy't ea makke binne.
Plot Yn 'e earste iuw f.Kr. is de Romeinske Republyk in broeinêst fan korrupsje, dat him foar arbeid ôfhinklik makke hat fan slavernij. Dêrfoar wurde benammen leden fan ûnderwurpen folken ynset. Ien fan dy slaven, de Traasjer Spartakus, is sa'n grutske iggewearder dat er troch syn Romeinske master ferkocht wurdt om deawurke te wurden yn in stiengat yn Lybje. Ek dêr wegeret er him by syn sitewaasje del te lizzen. Nei't er in bewekker de haksine trochbiten hat, wurdt er by wize fan foarbyldstelling foar de oare slaven mei keatlings yn 'e fûle sinne fêstset en efterlitten om fan ferhongering te stjerren. Safier komt it lykwols net, want krekt dan wurde de minen besocht troch de Romeinske slavekeapman Lentulus Batiatus, dy't in skoalle foar gladiators hat en gaadlike slaven siket om ta gladiator opliede en dan mei in protte winst trochferkeapje te kinnen. As er heart wat Spartakus útheefd hat om syn straf te fertsjinjen, ornearret der dat der in earsten gladiator yn him sit en keapet er him oan.
Mei Batiatus en in stikmannich oare oankeapen fan dyselde reizget Spartakus neitiid nei Capua, yn Itaalje, dêr't de gladiatorskoalle stiet. Dêr oankommen geane Spartakus en de oaren yn training ûnder de wrede Marsellus, de foarman en haadynstrukteur fan 'e skoalle, dy't sels in eardere gladiator is. Foar goed wurk wurde de gladiatorlearlingen út en troch beleanne mei seksuele omgong mei in slavinne. Wannear't de Brittannyske slavinne Varinia by Spartakus brocht wurdt, wegeret hy lykwols om mei har op bêd te gean wylst Marsellus-en-dy tasjogge, mei't er, sa ropt er út, gjin bist is. As se allinnich litten wurde, seit Varinia tsjin Spartakus dat sy ek gjin bist is. Dêrop jout er har har klean, dy't se al útdien hie, werom en lit har gean sûnder har besliept te hawwen. Dat liedt ta hún fan Marsellus. Wannear't dyselde neitiid foar it ferstân kriget dat Spartakus en Varinia fereale opinoar rekke binne, docht er war om harren mei de meast útsochte ûnderhânske streken te fernederjen en te kwetsen om't se ferset bean hawwe tsjin 'e omstannichheden fan harren sitewaasje.
Op in dei kriget Batiatus ûnferwachts heechpleatste gasten oer de flier. It binne de smoarrike Romeinske senator en tribún Markus Lisinius Krassus, syn beskermeling Markus Glabrus, syn mêtresse en teffens Glabrus syn suster Helena, en Glabrus syn breid Klaudia Marius. De beide dames hawwe der de sinnen op set om twa pearen gladiators oan 'e dea ta fjochtsjen te sjen, en se wolle de gladiators sels útkieze. Batiatus is dêr hielendal net bliid mei. Soks ûnderminet de sfear yn 'e gladiatorskoalle. Boppedat, hy fertsjinnet syn jild troch trainde gladiators troch te ferkeapjen, en net troch se inoar deameitsje te litten. Mar hy doar Krassus net te wegerjen, en as dyselde taseit him ryklik betelje te sillen, leit Batiatus him by de sitewaasje del. Helena en Klaudia sykje fjouwer gladiators út, ûnder wa Spartakus. Underwilens falt it each fan Krassus op Varinia, en hy twingt Batiatus om har oan him te ferkeapjen. It earste gefjocht einiget sa't dat by gladiatorgefjochten gebrûklik is, mei ien fan 'e beide fjochters deamakke troch de oare. Spartakus moat it yn it twadde gefjocht opnimme tsjin 'e Etioopjer Draba. Hy ferliest it gefjocht, mar wannear't Helena mei in tomme omleech oanjout dat Draba Spartakus deadzje moat, wegeret er dat. Ynstee falt Draba de gasten oan en besiket nei it balkon te klimmen dêr't se sitte, oant er deamakke wurdt troch de wachters en Krassus.
Spartakus bliuwt yn betizing efter, mei't er sels net wifele hawwe soe om Draba te deadzjen as de rollen omdraaid west hiene. De oare deis sjocht Spartakus, wannear't de slaven iten krije, hoe't Batiatus mei Varinia yn in karre fuortriidt. Marsellus fertelt him dat syn freondintsje no it bêd fan Krassus waarmje sil en bespot him dêrmei. Spartakus ferliest syn selsbehearsking, slacht Marsellus del en ferdrinkt him yn in grutte panne sop. It slagget de oanwêzige wachters net him tsjin te hâlden, mei't se oanfallen wurde troch de oare slaven as se tuskenbeiden komme wolle. De wachters wurde deamakke en de slaven brekke út. Oare wachters komme mei tûzen hasten fanwegen, mar wurde troch de slaven ûnder de foet rûn. De slaven naaie út, it omlizzende plattelân op, dêr't se oare slaven befrije en de besittings fan Romeinske boargers begjinne te plonderjen. Wannear't Spartakus sjocht hoe't de ûntsnapte slaven finzen nommen boargers oan 'e dea ta mei-inoar fjochtsje litte, grypt er yn en hjit harren dat se net wurde moatte lykas harren earderde masters wiene. Ynstee stelt er foar om mei-inoar nei in haven te marsjearjen en skip te gean út Itaalje wei, om werom te kearen nei harren lannen fan oarsprong. Fan gefolgen wurdt Spartakus troch de oaren ta harren lieder keazen.
Spartakus fêstiget syn haadkertier op 'e berchskeanten fan 'e Fesuvius en begjint de ûntsnapte slaven ta in leger te smeien. Underwilens geane de slaven troch mei it plonderjen fan 'e lânerijen fan rike Romeinen om kostberheden te garjen. Dêrmei wolle se de seerôvers fan Silysje, dêr't de Romeinske Republyk mei yn oarloch ferkeart, betelje om harren út 'e havenstêd Brindisium wei oer te farren nei Illyrje, op 'e Balkan. Tsientûzenen slaven, manlju, froulju en bern, jouwe har by Spartakus-en-dy. Under harren is ek Varinia, dy't ûnderweis nei Rome oan 'e obese Batiatus ûntkommen is. Sy en Spartakus ferklearje inoar har leafde en trouwe, en Varinia rekket meitiid swier. In oarenien dy't him by Spartakus jout, is de jonge Antoninus, in slaaf dy't traind is as sjonger en jongleur. Hy naaide út doe't er eigendom waard fan Krassus, dy't him yn bedutsen termen witte liet dat er biseksueel wie en mei Antoninus op bêd woe. Spartakus wurdt in soartemint heitefiguer foar Antoninus. Hoewol't Spartakus himsels eins hielendal net geskikt achtet foar syn liedersposysje, blykt er in treflik oanfierder te wêzen, dy't de folgelingen, nettsjinsteande har ûnderskate etnyske en persoanlike eftergrûnen, ta ien gehiel wit te meitsjen.
Yn Rome hat Krassus ûnderwilens bewurkmastere dat syn fertrouling Markus Glabrus oansteld is as kommandant fan it garnizoen fan 'e stêd. Mar yn ôfwêzigens fan Krassus soarget syn fijân, de ynfloedrike senator Sempronius Grakchus, derfoar dat Glabrus oan it haad pleatst wurdt fan seis kohorten troepen fan it Romeinske garnizoen dy't nei it suden ta stjoerd wurde om mei Spartakus en syn slaveleger ôf te weven. De ûnnoazele Glabrus sjocht dat as in eare, oant in weromkearde Krassus him útleit dat Grakchus Glabrus hjirmei as skaakstik fan it boerd (d.w.s. út Rome wei) ferwidere hat. Ta oermjitte fan ramp wurdt Glabrus yn syn ôfwêzigens ferfongen troch de jonge Julius Caesar, dy't in fertrouling fan Grakchus is. Dêrmei hat dy lêste Krassus kreas eltse sizzenskip oer it Romeinske garnizoen ûntnommen, wat betsjut dat de gryp nei de macht, dêr't er plannen foar hie, net trochgean kin. Glabrus makket it spul noch helte minder as er op syn lytse fjildtocht by oernachtings gjin grêft grave en wâl opsmite lit om syn legerkamp hinne, sa't foar Romeinske troepen wizânsje is; syn tsjinstanners binne ommers mar slaven. Spartakus makket fan dy domheid gebrûk troch mei syn leger by nacht simpelwei it Romeinske legerkamp binnen te riden en de soldaten yn har sliep oer it mad te kommen. It treffen rint út op in slachting, wêrby't suver de hiele Romeinske legermacht útrûge wurdt. Glabrus wurdt finzen nommen en op fernederjende wize werom nei Rome stjoerd. Ien en oar liedt ta de ferballing fan Glabrus troch de Romeinske Senaat en it dellizzen fan alle funksjes troch Krassus, dy't ommers Glabrus oan syn post holpen hie en dêrom mei-ferantwurdlik is.
Grakchus hat goed foar it ferstân dat Krassus mar tydlik ferslein is en dat dyselde de oangeande slave-opstân brûke sil om 'e macht yn 'e Republyk dochs noch oer te nimmen as er dat oprêde kin. Dêrom moat de slave-opstân sa gau mooglik beëinige wurde. En de fluchste manear om dat te berikken is om Spartakus-en-dy harren sin te jaan en út Itaalje wei ûntsnappe te litten. Dêrta slút Grakchus in oerienkomst mei de Silisyske seerôvers om dy put te klearjen. Mar dan begiet er in flater troch Julius Caesar te fertellen wat er dien hat. Caesar is skokt troch de reewilligens fan syn mentor om mei kriminelen te hantsjebakken, en Grakchus syn nonsjalante berop op Realpolitik stelt him beslist net gerêst. Hoewol't Caesar net oanhelle is mei de minachting foar de plebejers (de legere maatskiplike klassen) dy't Krassus útdraacht, sjocht er Krassus syn rigide opfettings oan foar it hâlden en dragen fan in wiere patrysjer (in lid fan 'e hegere maatskiplike klassen). Dat hy ferriedt Grakchus en giet nei Krassus ta om him te fertellen wat Grakchus dien hat. Krassus keapet dan op syn beurt de Silisyske seerôvers om, sadat Spartakus en syn slaven yn 'e Lears fan Itaalje fêst komme te sitten.
Dêrnei stjoert Krassus twa Romeinske legioenen, ûnder Pompejus en Lukullus, wêrfan't it iene lânet yn Kalaabrje (de tean fan 'e Lears) en it oare yn Apûlje (de hakke fan 'e Lears). Tegearre driuwe dy beide legioenen it slaveleger wer noardoan. Spartakus is him derfan bewust wat der bart, mar hy kin it net tsjin twa legioenen tagelyk opnimme. Dat betsjut dat er gjin oare kar hat as om Rome sels oan te fallen, dêr't Krassus oan it haad fan in trêde legioen wachtet. Spartakus moat de troepen fan Krassus sjen te ferslaan. As dat slagget, kin er Rome ynnimme om him dêr te ferskânzjen tsjin 'e beide oare legioenen. Krassus wol krekt Spartakus yn 'e neite fan Rome ferslaan, sadat hy as rêder fan 'e Romeinske Republyk beskôge wurde sil. Dêrom hat er Spartakus nei it noarden driuwe litten. Mar hy lit neat oan it tafel oer en troch gebrûk te meitsjen fan geheime berchpassen yn 'e Apeninen wêrfan't it bestean inkeld by it Romeinske leger bekend is, wit er de legioenen fan Pompejus en Lukullus op 'e tiid nei it slachfjild te dirigearjen. Yn 'e fjildslach witte de slaven troch de slachoarder fan it legioen fan Krassus te brekken, en it liket der in skoftke op dat se de oerwinning behelje sille, mar wannear't de oare beide legioenen ûnferwachts op it slachfjild ferskine, is it spul dien en wurdt it slaveleger alhiel ferneatige.