It skaai woastyntrappen (Heterotetrax) is in fûgelskaai út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarten waarden earder faak yndield by it skaai Eupodotis, mar binne op basis fan genetysk ûndersyk yn in eigen skaai ûnderbrocht.
Woastyntrappen libje foaral yn drûge, iepen biotopen lykas woastinen, healwoastinen, steppes en drûge savannes. Se hawwe in tige goede skutkleur en fiede har benammen mei ynsekten, lytse reptilen en plantemateriaal.
De typesoarte fan it skaai fan 'e woastyntrappen (Heterotetrax) is de swartkintrap (Heterotetrax vigorsii, earder bekend as Otis vigorsii A. Smith, 1831). Soarten It skaai omfiemet trije middelgrote fûgelsoarten dy't alle trije foarkomme op it Afrikaanske kontinint. Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px Rüppelltrap Heterotetrax rueppelii Súdwestlik Afrika 200pxHeterotetrax rueppelii op BirdLife Somalyske trap Heterotetrax humilis East-Afrika 200pxHeterotetrax humilis op BirdLife 120px Swartkintrap Heterotetrax vigorsii Súdlik Afrika 200pxHeterotetrax vigorsii op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Trapfûgel