Theodor von Heuglin (Ditzingen yn Württemberg, Dútske Bûn, 20 maart 1824 - Stuttgart, Noard-Dútske Bûn, 5 novimber 1876) wie in Dútske ûntdekkingsreizger en ornitolooch.

Libben en wurk Theodor Heuglin waard berne as it âldste fan seis bern fan de protestantske dûmny Ludwig Friedrich Heuglin (1797–1846) en syn frou Wilhelmine Friderike (berne Hildebrand, earder Mayer; 1801–1860). Nei't er de middelbere skoalle dien hie, studearre er op 15-jierrige leeftyd metallurgy oan it Wittenskiplik Underwiisynstitút yn Ludwigsburg. Yn 1842–1843 folge Heuglin ûnderwiis oan it Polytechnysk Ynstitút yn Stuttgart. Yn de earste helte fan 1843 wurke er as stazjêr by de Württembergse izerfabriken yn Königsbronn, en fan 1845 oant 1847 as assistint by de foarstlike izerjitterij Amalienhütte fan it Hûs Fürstenberg.

Hy ûndernam syn earste reis nei Afrika — nei Egypte — yn 1850, neidat er syn baan as wurknimmer by de izerjitterij opjûn hie. Yn Egypte learde er Arabysk en makke er ekskurzjes nei de bergen tusken de Reade See en de Nyl, en ek nei Arabia Petraea.

Yn maaie 1852 waard er beneamd ta Eastenryksk konsulêr-sekretaris yn Kartûm; hy reizge mei Konstantin Reitz — de Eastenrykske konsul yn Kartûm — oer Gedaref en Gallabat nei Gondar en de regio fan it Simienberchtme, en lei de reis fêst yn Reisen in Nordostafrika (Gotha, 1857). Nei't er Reitz — dy't yn 1853 ferstoar — opfolge wie as waarnimmend haad fan it Eastenrykske konsulaat, reizge Heuglin nei de Wite Nyl en de provinsje Kordofan. Yn 1855 gie er nei Wenen, dêr't er it earste systematyske oersjoch fan de fûgels fan Noardeast-Afrika gearstalde, wêryn't 754 soarten opnommen wiene. Begjin 1856 besocht er East-Sûdan op 'e nij en ferkende er de Bajudasteppe; yn 1857 reizge er lâns de kust fan de Reade See, oant in minder wurdende sûnens him twong om werom te kearen nei Jeropa. Hy bleau dêr fan ein 1858 oant ein 1860, wêrby't er syn kolleksjes oardere en ferslaggen fan syn reizen skreau. Yn 1860 waard er keazen ta lid fan de Deutsche Akademie der Naturforscher Leopoldina.

Yn 1860 waard er troch August Petermann en Heinrich Barth oanwiisd om lieding te jaan oan in ekspedysje dy't as doel hie it lot te efterheljen fan de Afrika-ûntdekkingsreizger Eduard Vogel, dy't sûnt 1855 fermist wie. Oare leden fan de ekspedysje wiene ûnder oaren Hermann Steudner, Gottlob Theodor Kinzelbach (1822–1867), Werner Munzinger, Martin Ludwig Hansal en Hermann Schubert (1830–1863). Aleksandrië tsjinne as startpunt foar de reis nei Wadai, dêr't Vogel ferdwûn wie. De ekspedysje berikte Massawa op 17 juny 1861 en ferbleau yn de reintiid yn it heechlân fan de regio Bogos; ynstee fan direkt troch te reizgjen nei Kartûm, makke de groep lykwols in grutte omwei troch Abessinië — wêrby't se sels fierder reizgen as Gondar. Op dat punt skieden Munzinger en Kinzelbach harren fan de ekspedysjelieder ôf en besochten se om 'e nocht om fia Darfûr Wadai binnen te kommen.

Heuglin reizge troch oant de provinsje Galla en moete op 4 april 1862 de Abessynske keizer Tewodros II (Theodor II). Der bestiene al freonlike bannen mei de keizer sûnt Heuglins earste ekspedysje yn 1853. Neitiid ûnthefte it komitee Heuglin fan de lieding oer de ekspedysje. De resultaten fan de ekspedysje wurde beskreaun yn it wurk Die deutsche Expedition in Ostafrika 1861 und 1862 (Gotha, 1864).

Yn 1863 joech Heuglin him, yn it selskip fan Hermann Steudner, by de ekspedysje fan de Nederlânske aventoerierster Alexine Tinne; hy reizge mei har de Bahr al-Ghazal op nei de Re-mar en sette fan dêrwei ôf nei de Dembo-rivier, dy't er op 17 july 1863 berikte. Steudner wie earder, op 10 april 1863, oan de Wau-rivier ferstoarn. Ek Heuglin waard siik en waard dêrtroch twongen om mei Alexine Tinne — waans mem, dy't mei op ekspedysje wie, ek ferstoarn wie — werom te kearen nei Kartûm, en dêrnei yn septimber 1864 fia Berbera, Suakin en Suez nei Europa te reizgjen.

Fan 1870 oant 1871 makke Heuglin reizen nei Spitsbergen en it eilân Nova Zembla (ferslaggen dêrfan ferskynden fan 1871 oant 1874 yn Petermanns Mitteilungen en yn it oanfoljende nûmer 15). Yn 1875 reizge er troch it gebiet fan de Beni-Amer; nei't er werom wie yn Europa begûn er mei de tariedingen foar in ekspedysje nei it eilân Sokotra – in reis dy't úteinlik net trochgie. Heuglin stoar op 5 novimber 1876 yn Stuttgart en waard beïerdige op it Pragfriedhof-tsjerkhôf dêre.

Publikaasjes Systematische Übersicht der Vögel Nord-Ost-Afrika’s mit Einschluss der arabischen Küste des Rothen Meeres und der Nil-Quellen-Länder südwärts bis zum 4. Grade nördl. Breite. Wenen 1856. Systematische Übersicht der Säugetiere Nordost-Afrika’s mit Einschluss der arabischen Küste, des Rothen Meeres, der Somali- und der Nilquellen-Länder, südwärts bis zum 4. Grade nördl. Breite. Wenen 1866 (mei Leopold Fitzinger) Reise nach Abessinien, den Gallaländern, Ostsudán und Chartúm. Hermann Costenoble, Jena 1868, Die Ornithologie Nordost-Afrika’s, der Nilquellen- und Küsten-Gebiete des Rothrn Meeres und des nördlichen Somal-Landes. Theodor Fischer, Kassel 1869–73., Reise in das Gebiet des Weißen Nils und seiner westlichen Zuflüße in den Jahren 1862–64. Winter’sche Verlagsbuchhandlung, Leipzig 1869. Reisen nach dem Nordpolarmeer. 2 Bände., George Westermann, Braunschweig 1872–73. Reise in Nordost-Afrika. Schilderungen aus dem Gebiete der Beni Amer und Habab nebst zoologischen Skizzen und einem Führer für Jagdreisende. George Westermann, Braunschweig 1877.

Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk ûntdekkingsreizger Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1824 Kategory:Persoan stoarn yn 1876