De Somalyske trap (Heterotetrax humilis, synonym: Eupodotis humilis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte waard earder yndield yn it skaai Eupodotis.

Skaaimerken De Somalyske trap is de lytste trapfûgel en wurdt maksimaal 45 sm lang. De Somalyske trap is in lytse, brune trap mei in lange hals en relatyf koarte snaffel. De soarte hat in brune boppekant en in ljochtkleurige ûnderkant.

It mantsje hat in swarte plom op 'e nekke en in swarte kiel mei spikkels. It wyfke mist dy swarte dielen en hat ynstee gielbrune spikkels op 'e rêch, wjukken en it boarst. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe donkere slachpinnen op 'e wjukken en yn 'e flecht is in smelle wite wjukbân te sjen, dy't de swarte fearren fan 'e sânbrune wjukdekfearren skiedt.

Fersprieding en leefgebiet De soarte komt foar yn noardlik en west-sintraal Somaalje en yn oangrinzgjende dielen fan eastlik Etioopje, in gebiet dat de soarte yn 'e jierren 1970 nei alle gedachten kolonisearre hat.

Yn Somaalje wurdt er as frij algemien beskôge oant súdlik ta 7° noarderbreedte. Yn Etioopje binne fersprate waarnimmingen út it eastlik part bekend.

De soarte libbet yn drûge iepen gebieten mei toarnstrûken en somtiden yn oanbuorjende gersflakten, meast op reade sânboaiem, op hichten fan 100 oant 1.500 meter.

It briedseizoen rint fan april oant augustus. De generaasjedoer bedraacht 6,8 oant 7 jier.

Hâlden en dragen De Somalyske trap yt ynsekten, lytse reptilen en sied. It nêst wurdt op sân oanlein, meast sûnder dúdlike kûle; ornaris wurde twa aaien lein.

Bedrigingen De soarte is nei alle gedachten efterútgien troch fersteuring as gefolch fan oarloch en konflikt yn it ferspriedingsgebiet yn 'e jierren 1970 en 1980. De soarte hat te lijen hân fan de oanlis fan flechtlingekampen yn it habitat en de jacht. Dêrnjonken spilet ferlies fan leefgebiet troch oerbeweiding, útwreiding fan 'e lânbou, it sammeljen fan brânhout en klimaatferoaring (drûchte) in rol.

Status De populaasjetrend is ôfnimmend. De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as frij algemien yn 'e Ogaden-woastyn en yn noardlik Somaalje.

De Somalyske trap stiet op 'e Reade List fan 'e IUCN as gefoelich (Near Threatened). De soarte stiet op CITES-bylage II.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Woastyntrap Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje