De Ludwigtrap of Ludwigs trap (Neotis ludwigii) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte is ferneamd nei baron Von Ludwig en heart ta de middelgrutte oant grutte trapsoarten.
Skaaimerken thumb|left|Tekening fan 'e ludwigtrap(Boyd Robert Horsbrugh) De Ludwigtrap weaget tusken de 3 en 7,3 kg. It mantsje is mei in trochsneed gewicht fan 6,3 kg folle swierder as it wyfke, dat trochstrings 3,4 kg weaget. De lingte fan it wyfke leit tusken de 76 en 85 sm, wylst it mantsje 80 oant 95 sm lang wurdt.
It gesicht en de foarkant fan 'e hals binne griisbrún fan kleur, wylst de efterkant fan 'e hals en de siden fan 'e kop wyt binne. Efter yn 'e nekke sit in dof oranjebrún oant kastanjebrún plak. Wyfkes en jonge fûgels binne lytser as folwoeksen mantsjes en hawwe in wat ljochtere kleur oan 'e foarkant fan 'e hals en it gesicht.
De Ludwigtrap wurdt gauris betize mei de Denhamtrap (Neotis denhami). Dy soarte hat lykwols in ljochtergrize kop en foarkant fan 'e hals, in brúnere nekke en in opfallend swart-wyt patroan op 'e krún, dat by de Ludwigtrap ûntbrekt.
Taksonomy De Ludwigtrap heart ta de famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). Lykas oare trapsoarten hat er in koarte, krêftige snaffel, in kamûflearjend fearrekleed dat goed yn in libben op savannes en gerslân opgiet.
De soarte heart ta it Afrikaanske skaai Neotis, dêr't njonken de Ludwigtrap noch trije oare soarten ta rekkene wurde.
Fersprieding en leefgebiet Lykas oare trapsoarten libbet de ludwigtrap op gerslân en yn drûge oant healdrûge gebieten. It ferspriedingsgebiet leit benammen yn it westlike diel fan súdlik Afrika, mei populaasjes yn westlik Súd-Afrika, Namybje en yn minder grutte oantallen ek Botswana. It folsleine ferspriedingsgebiet beslacht likernôch 380.000 km².
Lang waard tocht dat de soarte de rein folge, mar resinter ûndersyk hat sjen litten dat dêrfoar net in soad bewiis is. Wol liket de Ludwigtrap in foarkar te hawwen foar troch minsken feroare lânskippen, lykas lânbougrûn en greiden.
Hâlden en dragen Yn 'e baltstiid lit it mantsje in djippe, doffe "blûp"-rop hearre. Oer de oare lûden fan 'e soarte is mar in bytsje bekend.
De Ludwigtrap is in omnivoar mei in ôfwikseljend menu. De fûgel fret ynsekten, oare lytse wringeleaze bisten en lytse wringedieren. Benammen sprinkhoannen foarmje in wichtich part fan it iten. Dêrnjonken wurde ek blommen en sied iten.
De Ludwigtrap libbet yn útstrekte, tin bewenne gebieten dy't dreech tagonklik binne foar ûndersikers. Dêrnjonken is de soarte gefoelich foar fersteuring, sadat der relatyf bytsje bekend is oer it briedgedrach. Yn Namybje is fêststeld dat de fuortplanting yn alle gefallen yn maart plakfynt.
De soarte foarmet meastentiids gjin grutte keppels. Simmerdeis wurde ornaris groepkes fan gemiddeld 2,1 fûgels sjoen, wylst dat tal yn 'e winter oprint nei likernôch 3,6 fûgels.
Bedrigingen en status De grutste bedriging foar de ludwigtrap binne de heechspanningsliedingen. Trapfûgels hawwe nei foarren in relatyf lyts gesichtsfjild as se yn 'e flecht de grûn ôfsykje nei iten. Dêrtroch sjogge se obstakels lykas elektrisiteitsliedingen faak te let. Rûsd wurdt dat alle jierren tusken de 4.000 en 11.900 Ludwigtrappen troch botsingen mei heechspanningsliedingen omkomme. Dat is sa'n grut tal dat it op 'e lange termyn in serieus gefaar foar it behâld fan 'e soarte foarmje kin.
Foar in goede beskerming fan 'e Ludwigtrap is mear kennis nedich oer de fersprieding, de grutte fan 'e populaasje en de trekbewegingen fan 'e soarte. Underwilens sille de fierdere útwreiding fan ynfrastruktuer en it elektrisiteitsnet yn it ferspriedingsgebiet de druk op 'e populaasje fergrutsje.
De IUCN klassifisearret de fûgel as bedrige (Endangered, EN) op 'e Reade List.
Yn 'e jierren 1980 waard de wrâldpopulaasje op 56.000 oant 81.000 fûgels rûsd. Letter die lykwols bliken dat dy rûzing te leech wie. Yn 'e jierren 2010-2012 waard de populaasje yn Súd-Afrika allinnich al op likernôch 87.000–148.000 fûgels rûsd. Om't neffens rûzing 50 oant 75% fan 'e wrâldpopulaasje yn Súd-Afrika foarkomt, wurdt de totale wrâldpopulaasje no op 100.000 oant 500.000 yndividuen rûsd, wêrfan neffens rûzing 70.000 oant 335.000 folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske grutte trap Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika