Nijkleaster (ek wol bekend as Kleaster Westerhûs) is in iepen kleastermienskip yn de provinsje Fryslân. It kleaster, fêstige oan It Westerhûs 1 tichtby it doarp Hilaard, leit it klam op stilte, refleksje en ferbining. Tegearre mei de midsiuwske Sint-Redbadtsjerke yn Jorwert foarmet Kleaster Westerhûs de thúsbasis foar dizze oekumenyske leauwensmienskip. De mienskip is ûntstien binnen de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) en stiet iepen foar minsken mei ferskate eftergrûnen. De kop-hals-romppleats dêr't it kleaster yn fêstige is, hjit It Westerhûs en is sûnt 1970 in ryksmonumint.

Skiednis Nijkleaster waard yn 2009 as stifting oprjochte, op inisjatyf fan dûmny Hinne Wagenaar en syn frou, Sietske Visser. It inisjatyf krige stipe fan de lokale protestantske gemeente Westerwert en de lanlike missy-ôfdieling fan de PKN.

Yn july 2012 setten de earste deistige kleasteraktiviteiten útein yn de Sint-Radboudtsjerke (Redbadtsjerke) yn Jorwert. Om de tsjerke hinne foarme him in mienskip fan frijwilligers en belangstellenden, mei fêste rituelen, mominten fan refleksje en lytsskalige retrêtes.

Fan 2015 ôf waarden plannen ûntwikkele foar in permanint kleaster op it hiem fan de histoaryske pleats 'It Westerhûs'. Nei in perioade fan tarieding en renovaasje krige it kompleks in nije bestimming as kleaster. Arsjitekt Henk Kroes hie de lieding oer de renovaasje. Kleaster Westerhûs waard offisjeel iepene foar gebrûk mei Pinkster 2023.

Missy en aktiviteiten De kearnwearden fan Nijkleaster binne stilte, refleksje en ferbining. It kleaster organisearret aktiviteiten lykas alle wiken de 'Nijkleasterkuier' op woansdeitemoarn, deistige gebedsmominten, retrêtes en stúdzjedagen. De Stifting Nijkleaster organisearre in tentoanstelling fan wurken dy't skonken wiene troch skilder Jentsje Popma yn syn wenplak Ljouwert, en publisearre in boek oer Popma en syn keunst by gelegenheid fan syn hûndertste jierdei yn 2021. Ferskate fan syn wurken hawwee in plak krigen yn it kleaster en yn de rûne kapel dêrbûten. De aktiviteiten rjochtsje har op persoanlike geastlike ferdjipping en maatskiplike belutsenens. Besikers dogge mei oan kleasterdagen en tsjinsten.

Gebouwen It kleasterkompleks yn Hilaard bestiet út trije kleasterwenningen, njoggen gastkeamers en mienskiplike romtes, wêrûnder in deikapel yn de eardere molkkelder. Duorsumens wie by de opknapbeurt essinsjeel, mei funksjes lykas sinnepanielen, in waarmtepomp, reinwetteropfangsystemen, en foarsjenningen foar flearmûzen en fûgels.

De tichtby lizzende Redbadtsjerke yn Jorwert spilet in wichtige rol foar it kleaster. Dizze midsiuwske tsjerke, eigendom fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, wurdt troch Nijkleaster hierd foar sneinstsjinsten en gruttere gearkomsten.

Wurdearring Yn 2024 krige Nijkleaster de NRP Gulden Feniks yn de kategory Transformaasje, in priis foar fernijende renovaasje- en fannijs bestimmingsprojekten. It sjueryrapport priizge it kleaster as "in perfekt foarbyld fan hoe't it gefoel fan mienskip nij libben ynblaasd wurde kin".

Dat selde jier waard it projekt — tegearre mei it Missiehuis yn Hoorn — útroppen ta winner fan de Pieter van Vollenhoven-priis, in ûnderskieding dy't de súksesfolle op 'e nij bestimming fan erfgoedgebouwen bekroanet.

Ek yn 2025 waard Nijkleaster ûnderskieden mei de Vredeman de Vries-priis foar Arsjitektuer. De útrikking wie yn Alde Leie. Foar de trettjinde edysje fan de kompetysje wiene fjirtjin bouprojekten ynstjoerd. Dizze projekten waarden beoardiele troch in saakkundige sjuery — offisjeel in advyskommisje fan Deputearre Steaten — besteande út foarsitter Titus Mars (arsjitekt), Erik Dorsman (arsjitektuer- en stêdebouhistoarikus) en Piet Vollaard (arsjitekt). De sjuery beoardiele kritearia lykas kwaliteit, duorsumens en artistike wearde.

Eksterne keppeling Offisjele webside

Kategory:Kleaster yn Fryslân Kategory:Pleats yn Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Hilaard Kategory:Bouwurk út 1625 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2009 Kategory:Protestantske Tsjerke yn Nederlân