De Australyske trap (Ardeotis australis) is in grutte fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte komt foar yn Austraalje en yn it suden fan Nij-Guineä.
Skaaimerken thumb|left|Australyske trap. De Australyske trap is de iennichste soarte út it skaai Ardeotis dy't yn Austraalje foarkomt. De Australyske trap is in fûgel fan iepen lânskip dy't op 'e grûn libbet. De soarte is maklik te werkennen oan syn grutte omfang, lange poaten en de stadige, treftige gong. De boppekant fan 'e kop en de nekke binne swart, wylst de foarkant fan 'e lange hals ljochtgriis is. De rêch en de wjukken binne brún, wylst de búk wyt is en fan 'e ljochtgrize hals troch in swarte fearrebân skieden wurdt. De dekfearren fan 'e wjukken hawwe in swart-wyt bûnte tekening, dy't sawol by in sittende fûgel as yn 'e flecht goed te sjen is. De iris is wyt en de snaffel fariëarret fan wytich oant brún. De lange poaten binne giel oant rjemmekleurich.
Mantsjes en wyfkes lykje wat fearrekleed oanbelanget in soad op inoar, mar it mantsje is mei in lichemslingte fan maksimaal 120 sm folle grutter as it wyfke, dat sa'n 80 sm lang wurdt. De spanwiidte rint fan 180 (wyfkes) oant 230 sm (mantsjes).
Fersprieding en biotoop Oan it begjin fan 'e 20e iuw kaam de Australyske trap noch rûnom yn Austraalje foar. De soarte libbet op steppes, yn healiepen strûklân, mar ek yn ekstinsyf behearde lânbougebieten yn Sintraal- en Noard-Austraalje en op 'e savannes en greidlannen fan 'e Trans Fly-regio yn it suden fan Nij-Guineä.
Yn 'e rin fan 'e 20e iuw hat de soarte slim te lijen hân fan 'e ynfiering fan rôfdieren lykas foksen en fan 'e yntinsivearring fan 'e lânbou en feehâlderij yn it leefgebiet. Dêrnjonken is de Australyske trap tige gefoelich foar fersteuring.
Briedgedrach thumb|left|Aai. De Australyske trap makket gjin nêst. It wyfke leit meastentiids ien aai, soms twa, op 'e bleate grûn yn 'e buert fan in lytse strûk of in boskje. De skaal fan it aai hat oer hast it hiele oerflak oliifbrune plakken en streken. Dy tekening is faaks it meast oanwêzich oan 'e stompe kant fan it aai. De eftergrûnkleur is in ljochtere tint fan oliifbrún of oliifgrien.
Allinne it wyfke briedt de aaien út. It aai is likernôch 75 × 55 mm grut. Nei't de pyk út it aai kommen is, ferlit er fuortendaliks it nêst om predaasje te foarkommen. De pyk fertrout dêrby op 'e kamûflearjende swart-brune tekening fan syn dûns. Troch him del te drukken en hielendal stil te hâlden, falt de pyk hast net op yn 'e omjouwing.
Status Nettsjinsteande de delgong yn 'e 20e iuw hat de Australyske trap noch jimmeroan in relatyf grut ferspriedingsgebiet. Dêrom wurdt de kâns dat de soarte útstjert lyts achte. Neffens in rûzing út 2003 bestiet de wrâldpopulaasje út 6.700 oant 67.000 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de soarte noch yn oantal ôfnimt, mar minder rap as earder. Dêrom waard de kategory 'gefoelich' (Near Threatened) yn 2012 bysteld nei 'net bedrige' (Least Concern).
Hoewol't de Australyske trap troch de IUCN as net bedrige klassifisearre wurdt, ferskilt de status fan 'e fûgel yn Austraalje sterk fan dielsteat ta dielsteat. Yn West-Austraalje en it Noardlik Territoarium wurdt de soarte as 'gefoelich' (Near Threatened) beskôge. Yn Súd-Austraalje en Nij-Súd-Wales stiet er te boek as bedrige (Threatened), wylst er yn Queenslân de status 'net bedrige' hat.
Yn Fiktoaria wurdt de Australyske trap as in bedrige soarte beskerme ûnder de Flora and Fauna Guarantee Act 1988. Op grûn fan dy wet is in behear- en werstelplan foar de soarte opsteld. Op 'e advyslist fan bedrige wringedieren fan Fiktoaria út 2007 waard de Australyske trap as 'krityk bedrige' (Critical Endangered) opnommen; dy klassifikaasje waard yn 'e list fan 2016 hanthavene.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reuzetrap Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä