De skiednis fan de Frysktalige film beskriuwt de ûntwikkeling fan films dêr't it Frysk de wichtichste sprektaal yn is. Lange tiid wiene Frysktalige filmproduksjes seldsum. It Frysk waard wol brûkt yn toaniel, literatuer en letter ek op radio en telefyzje, mar in Frysk filmdomein wie der net. De komst fan Fryske telefyzje en de groeiende belangstelling foar Fryske produksjes soargen derfoar dat der om 1990 hinne mear mooglikheden kamen foar profesjonele Frysktalige filmproduksjes.

Mei films as De dream (1988), De Fûke (1992) en De Gouden Swipe (1996) ûntstie in nije generaasje Frysktalige spylfilms. Yn de 21e iuw hat de Frysktalige film him fierder ûntwikkele mei nije bioskoopfilms, koarte films en produksjes fan nije filmmakkers.

Begjintiid Yn de earste helte fan de 20e iuw ûntstiene de earste filmproduksjes mei in Fryske eftergrûn. Yn de tiid fan de stille film waarden Fryske ferhalen en ûnderwerpen soms ferfilme, mar der wie noch gjin profesjonele Frysktalige filmsektor. De earste wichtige stap nei in eigen Fryske filmtradysje wie de film Kar út twa (1937). Dy film wurdt beskôge as de earste Frysktalige spylfilm. De produksje liet sjen dat it Frysk ek as filmtaal brûkt wurde koe.

Nije produksjes Yn de jierren tachtich en njoggentich ûntstie in nije perioade fan Frysktalige spylfilms. De komst fan Fryske telefyzje joech in nije ympuls oan Frysk TV-produksjes. Omrop Fryslân waard yn 1994 in wichtige produsint en útstjoerder fan Frysktalige programma's en koarte films.

De film De dream (1988), regissearre troch Pieter Verhoeff, wie in wichtige histoaryske dramafilm yn it Frysk. De film fertelt oer de Hogerhuis-saak en kombinearret Fryske skiednis mei maatskiplike tema's. Yn 1992 ferskynde De Fûke, regissearre troch Steven de Jong en basearre op it ferhaal fan Rink van der Velde. De film waard in grut súkses en joech de Frysktalige film nije bekendheid. Ek De Gouden Swipe (1996), basearre op de roman fan Abe Brouwer, waard regissearre troch Steven de Jong en heart ta de bekende Frysktalige filmproduksjes.

Yn de 21e iuw waard de Frysktalige film hieltyd profesjoneler. In wichtige film yn dat tiidrek wie Nynke (2001), regissearre troch Pieter Verhoeff. De film giet oer it libben fan skriuwster Nynke van Hichtum en politikus Pieter Jelles Troelstra. It filmbudzjet fan Nynke wie 3 miljoen euro, in rij bedrach yn dy tiid.

Yn 2021 ferskynde de film Stjer, in aksje-komeedzje mei yn 'e haadrol de Fryske band De Hûnekop. De film wie wikenlang yn de Fryske bioskopen te sjen. De regisseurs wienen Emiel Stoffers en Janko Krist. Yn 2026 makke regisseur Janko Krist syn twadde Frysktalige spylfilm mei de namme Lulk.

List

Eksimpels fan ferneamde Frysktalige films binne: Kar út twa (1937) — iere Frysktalige spylfilm. De Dream (1988) — histoarysk drama fan Pieter Verhoeff. De Fûke (1992) — drama basearre op it wurk fan Rink van der Velde. De Gouden Swipe (1996) — ferfilming fan de roman fan Abe Brouwer. Nynke (2001) — histoaryske dramafilm oer Nynke van Hichtum. Stjer (2021) — Frysktalige aksjekomeedzje. Lulk (2026) — misdiedfilm.

Fryske filmmakkers Bekende filmmakkers dy't in rol spile hawwe yn de ûntwikkeling fan de Frysktalige film binne:

Pieter Verhoeff — regisseur fan ûnder oare De dream en Nynke. Steven de Jong — regisseur fan De Fûke en oare Fryske films. Janko Krist — regisseur fan Stjer (tegearre mei Emiel Stoffers) en Lulk.

Koarte Frysktalige films Njonken spylfilms en dokumintêres hat de koarte film in wichtige rol spile yn de ûntwikkeling fan de Frysktalige film. Omrop Fryslân hat troch de jierren hinne ferskate koarte films produsearre en dêrmei romte jûn oan nije filmmakkers en nije foarmen fan Fryske ferhalen.

In foarbyld is Skuld (2014), in Frysktalige koarte film fan regisseur Fokke Baarssen. De film krige omtinken troch syn fertoaning op ferskate filmfestivals en der waard ek troch Omrop Fryslân sels omtinken oan jûn. Yn 2015 folge Jacht, in spannende koarte film oer in froulike húsdokter dy't mei finansjele problemen wrakselet.

Yn 2021 makke skriuwer Nyk de Vries de sfearfolle koarte krystfilm Hoe komt it moarn?, dy't op twadde krystdei fan dat jier troch Omrop Fryslân útstjoerd waard. In letter foarbyld is Wekker (2023), in swarte komeedzje dy't spesjaal makke waard foar Omrop Fryslân Tsjil. De film wûn yn 2023 de priis foar Best Art Direction by de London Director Awards.

Sjoch ek List fan Fryske films Omrop Fryslân

Kategory:Fryske film

Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Filmskiednis