De lytse bûnte ielgoes (Microcarbo melanoleucos) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen. De soarte komt foar fan 'e Lytse Sûnda-eilannen yn Yndoneezje oant de Salomonseilannen, Austraalje en Nij-Seelân.
Skaaimerken en lûd thumb|left|Fûgel yn Austraalje. De lytse bûnte ielgoes wurdt likernôch 56 oant 58 sintimeter lang en weaget 410 oant 880 gram. Folwoeksen fûgels binne meastentiids swart mei in wyt boarst en wite wangen, mar der komme ek fûgels foar mei swarte plakken op it boarst en de búk. De snaffel is giel en relatyf koart. De eagen binne brún en de poaten binne swart.
Fersprieding en systematyk De soarte wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Microcarbo melanoleucos melanoleucos – komt foar fan 'e Lytse Sûnda-eilannen oant de Salomonseilannen, Austraalje en Tasmaanje. Microcarbo melanoleucos brevicauda – komt foar op Rennell (Salomonseilannen). Microcarbo melanoleucos brevirostris – komt foar op Nij-Seelân, Stewart-eilân en de Campbell-eilannen.
Skaai-yndieling Oant koartlyn waard dizze fûgel lykas oare lytse ielguozzen yn it grutte skaai Phalacrocorax yndield. Liedende taksonomyske autoriteiten en fûgelorganisaasjes diele de soarten no yn by it skaai dwerchielguozzen Microcarbo, om't se in dúdlike groep foarmje dy't him 12 miljoen jier lyn fan 'e oare ielguozzen ôfskieden hat.
Hâlden en dragen Brieden thumb|left|Briedend span. Lytse bûnte ielguozzen bouwe harren nêst yn beammen, op seekliffen en bytiden ek yn ferlitten gebouwen. De nêsten wurde faak makke fan lytse tûkjes. Yn oktober en desimber lizze de wyfkes 3 oant 5 wite oant blau-eftige aaien. Beide âlden briede de aaien yn likernôch fjouwer wiken út.
Iten De lytse bûnte ielgoes yt lytse fisken, iel, kikkerts en ynsekten.
Status en bedrigings De grutte fan 'e populaasje fan 'e soarte is net rûsd en de populaasjetrend is ûnbekend, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See