De langsturtielgoes (Microcarbo africanus) is in fûgel út de famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae). De langsturtielgoes briedt yn in grut part fan Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar.

Skaaimerken thumb|left|Net-briedende langsturtielgoes. Dit is in lytse ielgoes fan 50 oant 55 sintimeter lang mei in spanwiidte fan 80 oant 90 sintimeter. Yn it briedkleed is er benammen swart mei in griene glâns. De wjukdekfearren binne sulvereftich. Hy hat in frij lange sturt (dêrfandinne de namme), in koart túfke op 'e kop en in read of giel plak op it gesicht. De snaffel is giel.

Mantsjes en wyfkes sjogge der itselde út, mar folwoeksen fûgels bûten it briedseizoen en juvenilen binne bruner, mei in wite búk. Guon súdlike populaasjes hâlde it túfke it hiele jier troch.

Fersprieding en taksonomy De langsturtielgoes waard yn 1789 formeel beskreaun troch de Dútske natuerûndersiker Johann Friedrich Gmelin yn syn fannijs besjoene en útwreide edysje fan Carl Linnaeus syn Systema Naturae. Hy dielde de soarte yn it skaai Pelecanus yn en betocht de bynominale namme Pelecanus africanus. De langsturtielgoes is tsjintwurdich ien fan 'e fiif soarten yn it skaai dwerchielguozzen (Microcarbo), dat yn 1856 yntrodusearre waard troch de Frânske natuerûndersiker Charles Lucien Bonaparte.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

M. a. africanus (Gmelin, JF, 1789) – yn it binnenlân en oan 'e kusten fan Afrika besuden de Sahara. M. a. pictilis (Bangs, 1918) – Madagaskar (benammen it westen).

Hâlden en dragen thumb|left|Aaien. De fûgel briedt yn swietwettergebieten (sompen) of oan rêstige kusten. Langsturtielguozzen foerazjearje meast yn ûndjip wetter op langwerpige fisken en somtiden ek kikkerts, wringeleaze dieren en lytse fûgels. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaien yn in nêst yn in beam of op 'e grûn, dat dan meastentiids ferside sit tusken heech gers.

Der wurde twa oant fjouwer aaien lein yn in nêst yn in beam of op 'e grûn, meastentiids ferskûle foar it each troch heech gers.

Status Dit is in algemiene soarte mei in grut ferspriedingsgebiet, dy't net as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje wurdt op 134.000 oant 802.000 folwoeksen fûgels rûsd (Wetlands International 2023).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See