It fûgelskaai fan 'e krúsbekken (Loxia) is in skaai fan fûgels út de famylje fan 'e finkfûgels. Dizze fûgels binne frij kompakt en steane benammen bekend om harren opfallende, oer inoar hinne krúste snaffelhelten. Dy bysûndere snaffelstruktuer is in spesjalisme wêrmei't se maklik sied út de kegels fan nullebeammen helje kinne

De mantsjes binne meastentiids read oant oranje fan kleur, wylst de wyfkes grizich oant giel-grien binne. Krúsbekken libje foaral yn 'e tichte nullewâlden fan it noardlik healrûn en binne sterk bûn oan it sied fan nullebeammen.

De typesoarte fan it fûgelskaai fan 'e krúsbekken is de gewoane krúsbek (Loxia curvirostra). Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px<center>mantsje</center> grutte krúsbek Loxia pytyopsittacus Skandinaavje, Wyt-Ruslân, Jeropeesk Ruslân 200pxLoxia pytyopsittacus op BirdLife 120px<center>mantsje</center><center>wyfke</center> krúsbek Loxia curvirostra Noardlik Jeropa, Aazje en Noard-Amearika 200pxLoxia curvirostra op BirdLife 120px<center>mantsje</center> Hispanjoalakrúsbek Loxia megaplaga Dominikaanske Republyk en Haïty 200pxLoxia megaplaga op BirdLife 120px<center>mantsje mei juvenyl</center> Idahokrúsbek Loxia sinesciuris Feriene Steaten (Idaho) In tige bedrige soarte dy 't op basis fan DNA-ûndersyk as aparte soarte behannele wurdt. De IUCN beskôget de soarte noch as in ûndersoarte fan 'e gewoane krúsbek en dêrom ûntbrekt in eigen IUCN-status.Loxia sinesciuris op Birds of the World 120px<center>mantsje</center> Skotske krúsbek Loxia scotica Skotlân 200pxLoxia scotica op BirdLife 120px<center>mantsje</center><center>wyfke</center> wytbânkrúsbek Loxia leucoptera Noardeast-Jeropa, Noard-Aazje en Noard-Amearika 200pxLoxia leucoptera op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Finkfûgel