De Keimpemastins is in fan oarsprong midsiuwske stins oan de Grutte Tsjerkestrjitte yn de Fryske stêd Ljouwert. De stins is boud yn it begjin fan de 14e iuw en soe dêrom ien fan de âldste stiennen huzen fan Ljouwert wêze. Jager, Alexander (1 novimber 2001). Italiaans eten in het oudste huis van Leeuwarden. Leovardia 2001

Beskriuwing De stins is nei alle gedachten boud troch de famylje Keimpema. Dy famylje komt ek foar yn boeken út Ljouwert út de 14e iuw. De Keimpemastins wurdt ek wol it "Pastoarshûs" neamd, om't it begjin 15e iuw tsjinne as pastorij foar de Us-Leaffrouwetsjerke yn Nijehove.Stenvert, R., Kolman, C., Broekhoven S., Yinkel-Meester S. (2000). Monumenten yn Nederlân. Fryslân. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg/Zwolle: Waanders Uitgevers. Dizze tsjerke hold as sadanich op te funksjonearjen yn de tiid fan de Reformaasje, wêrnei't de Keimpemastins in nije bestimming krige as Latynske skoalle. Oan de efterkant fan it gebou waard oan de ein fan de 16e iuw in oanbou makke, mar dy waard yn de 19e iuw wer ôfbrutsen. Yn de 18e iuw tsjinne de stins op 'e nij as pastorij, oant er yn 1765 omfoarme waard ta in skoalle foar earmelju. Yn 1776 waard it wer in partikuliere wenning. It pân waard yn 1840 ferkocht, en de nije eigener ferdielde de Keimpemastins yn trije aparte wenningen. Yn 1890 waard it gebou as pakhûs brûkt. De stins rekke yn ferfal, sadat er tusken 1980 en 1981 yn âlde gloarje restaurearre waard.Braaksma, K. (2019). Keimpemastins te Leeuwarden. [online] Beskikber op: Stinseninfriesland.nl. [Sjoen op 31 july 2019]. It gebou hat noch altyd in souder dy't út de 16e iuw stammet.

Kategory:Bouwurk yn Ljouwert Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert Kategory:Stins of state yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út de 14e iuw