De readpoatielgoes (Poikilocarbo gaimardi, synonym: Phalacrocorax gaimardi) is in fûgel yn it monotypyske skaai Poikilocarbo út de famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae). It skaai is op grûn fan DNA-ûndersyk ôfsplitst fan Phalacrocorax.

Skaaimerken thumb|left|Readpoatielgoes op aaien. De readpoatielgoes is in fûgel fan ​​71 oant 76 sintimeter lang mei in trochsnit spanwiidte fan 91 sintimeter. It gewicht leit tusken 1,3 en 1,5 kilogram. Mantsjes en wyfkes sjogge der itselde út. Folwoeksen fûgels ha yn it briedkleed in roetgriis fearrekleed mei in wat ljochtere ûnderkant. Se ha ferspraat wite triedfearkes efter de eagen, dy't by de hals lâns in grut plak foarmje. De wjukdekfearren binne spikkele sulvergriis en geane oer yn brede swarte wjukpunten. Ek de sturt is swart. De eagen binne grien en wurde omfieme troch sechtjin lytse blauwe plakjes. De kielsek is feloranje of read. Harren snaffel is giel en kleuret rjochting de basis oranjeread en de poaten binne koraalread.

Bûten de briedtiid ûntbrekke de wite triedfearkes en lykje de wjukdekfearren minder sulvereftich en mear donkergriis. Ek de kleuren fan 'e snaffel en kielsek binne dan minder helder.

Juvenilen hawwe trochstrings in ljochter, brún fearrekleed mei wite spikkels om 'e kiel hinne. De kleur fan it juvenile fearrekleed kin tige fariëarje tusken de fûgels fan 'e Atlantyske en Pasifyske kust. Harren eagen binne griis en de kleur fan 'e snaffel en kielsek fariëaret fan swart oant oranje. De poaten kinne fariearje fan fealoranje oant readeftich swart.

Hâlden en dragen Readpoatielguozzen foerazjearje allinnich, mar somtiden ek yn pearen of lytse groepen. De measte readpoatielguozzen foerazjearje by foarkar mei leechwetter net fierder as 3 km fan harren nêst yn kustwetter, estuaria en ûndjip wetter foar de kust. Sy binne nea yn swietwettergebieten te sjen. It iten bestiet út fisk, iel, inketfisk en kreefteftigen.

Readpoatielguozzen briede yn pearkes of lytse koloanjes op 'e rânen fan rotsen. It nêst bestiet út in hoopke smjuntegers, fearren, ekskreminten (guano) en sels ôfeart op rotsrânen, meastentiids yn 'e lijte fan in grot. Der is waarnommen dat se 8 oant 10 meter djip dûke om in snaffelfol nêstmateriaal te sammeljen. It lizzen fan 'e aaien bart tusken oktober en jannewaris mei in trochsnit fan trije aaien. Nei it útkommen binne de jonge fûgels keal, mar se krije al rillegau in brúneftich dûnskleed. Lykas by alle ielguozzen binne de jongen nêstbliuwers, de ynkubaasjetiid duorret sa'n 30 dagen en de tiid dat de jongen grutbrocht wurde 60 oant 70 dagen.

De pearkes fan 'e readpoatielgoes bliuwe teminsten ien seizoen monogaam.

Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte komt foar oan 'e kusten en eilannen fan Súd-Amearika oan 'e Pasifyske kant fan Perû oant de Atlantyske kust fan Argentynje.

Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2014 op 19.400 oant 20.300 folwoeksen fûgels rûsd. De oantallen fan 'e populaasje nimme ôf troch ûnder oare El Niño-ferskynsels en de gefolgen fan fiskerij. Sawol direkte gefolgen fan fiskerij as ferfolging en ferstikking yn fisknetten, as yndirekte gefolgen troch konkurrinsje mei de fiskerij op fisksoarten dy't op de boaiem libje. Dêrfandinne stiet dizze soarte as gefoelich (Near Threatened) op de Reade List fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Readpoatielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan