De túfljurken of toefljurken (Galerida) foarmje in skaai fan fûgels út de famylje fan 'e ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgels út dit skaai binne benammen te werkennen oan har opfallende, spitse túf op 'e kop en libje foar it meastepart yn drûge, iepen lânskippen, steppes en healwoestinen yn Jeraazje en Afrika.
Skaaimerken Túfljurken binne middelgrutte, griisbrune fûgels dy't oer it algemien wat mear op 'e grûn libje. Se ha oer it generaal in ûnopfallend fearrekleed, dat se in goede kamûflaazje biedt yn drûch of stiennich terrein. It meast opfallende skaaimerk is harren túf. De snaffel is faak wat langer en steviger as dy fan 'e gewoane ljurk en geskikt foar it sykjen nei sied en ynsekten op en yn 'e grûn.
Hâlden en dragen De soarten út dit skaai foerazjearje op 'e grûn en it binne faak stânfûgels dy't har briedgebiet net graach ferlitte. Se briede yn in ûndjip kûltsje op 'e grûn. Se sjonge meast heech yn 'e loft of op in ferheging lykas in peal. It dieet bestiet benammen út sied, gers en ferskate ynsekten.
Soarten It skaai Galerida omfiemet seis erkende soarten. De Galerida cristata macrorhyncha (de langsnaffelljurk of de Mahrebljurk) troch guon autoriteiten lykas de IOC World Bird List as in selsstannige soarte beskôge, yn stee fan in ûndersoarte fan 'e gewoane túfljurk (Galerida cristata).
Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px túfljurk Galerida cristata Europa, Aazje, Noard-Afrika 200pxGalerida cristata op BirdLife120px Theklaljurk Galerida theklae Ibearysk Skiereilân, Noard- en East-Afrika 200pxGalerida theklae op BirdLife120px Malabarljurk Galerida malabarica Yndia (súdwestlik diel) 200pxGalerida malabarica op BirdLife120px Sykesljurk Galerida deva (ynlânsk) Yndia 200pxGalerida deva op BirdLife120px sinneljurk Galerida modesta Sahel en West-Afrika 200pxGalerida modesta op BirdLife120px grutsnaffelljurk Galerida magnirostris súdlik Afrika (Súd-Afrika, it súdlikste part fan Namybje) 200pxGalerida magnirostris op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai
Kategory:Ljurkfûgel