De Somalyske goudwjukfink (Rhynchostruthus louisae) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). It is in foar útstjerren gefoelige, endemyske fûgelsoarte yn Somaalje.
Skaaimerken De Somalyske goudwjukfink is middelgrutte fink fan 15 sm lang mei in grutte snaffel en in koarte sturt. It mantsje is griisbrún mei in swarte snaffel en in donker masker en wjukken mei giele plakken. Oars as de oare soarten fan it skaai ûntbrekt it wite wangplak. It wyfke is wat doffer fan kleur en jonge fûgels binne streke en hawwe in ûndúdlik masker.
Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte is endemysk yn Somaalje. It leefgebiet bestiet út rotsich terrein mei stikelige strûken en grutte planten út it skaai Euphorbia abessinica.
Status De Somalyske goudwjukfink hat in beheind ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns op útstjerren oanwêzich. In rûzing fan 2005 fan BirdLife International giet út fan in populaasje fan 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels. De populaasje-oantallen nimme ôf troch habitatferlies. Dêrfandinne steat dizze soarte as gefoelich (Near Threatened) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudwjukfink Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje