De Arabyske goudwjukfink (Rhynchostruthus percivali) is in krêftige en seldsume finkfûgel dy't allinnich foarkomt yn it súdwestlike hoeke fan it Arabysk Skiereilân. De soarte nimt yn oantal ôf en wurdt troch de IUCN as gefoelich klassifisearre
Skaaimerken De Arabyske goudwjukfink is in middelgrutte fink fan 15 sintimeter lang mei in grutte kop en in sterke snaffel. Folwoeksen mantsjes binne oer it algemien griisbrún mei in swarte snaffel, wite wangen, in donker maske om 'e eagen en in kastanjebrune kroan. De wjukken en de relatyf koarte sturt hawwe giele dielen. It wyfke hat in soartgelyk uterlik as it mantsje mar is doffer fan kleur, wylst de jonge fûgels streke binne en de koptekening fan 'e folwoeksen fûgels misse.
Fersprieding De fûgel komt allinnich foar op it súdwestlike diel fan it Arabysk Skiereilân, yn it súdwesten fan Saûdy-Araabje, it súdwesten fan Oman en it westen fan Jemen. Tusken Aden en al-Mukalla binne sûnt 1950 gjin waarnimmingen mear dien. Oannommen wurdt dat de soarte yn dat gebiet tige seldsum of al útstoarn is.
Systematyk De goudwjukfinken yn it skaai Rhynchostruthus binne besibbe oan 'e feale woastynfink (Rhodospiza obsoleta) en de grienfinken yn Chloris. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten. De fûgel waard earder as ûndersoarte fan 'e Sokotragoudwjukfink (R. socotranus) behannele en guon dogge dat noch jimmeroan, lykas yn it wurk Handbook of Western Palearctic Birds (Shirihai & Svensson 2018).
Hâlden en dragen De fûgel wurdt oantroffen yn Jemen yn heechlizzend, rotsich en mei strûken begroeid terrein mei jeneverbeiebeammen, akasia's, Euphorbia en bosken fan Anogeissus of Commiphora; yn Oman libbet de fûgel yn steile dellingen en op nei de see rjochte skeantes mei baobabs, Commiphora habessinica en Euphorbia. Arabyske goudwjukfinken ite fral fruchten en sied. Se foerazjearje allinnich, yn pearkes of yn groepen oant 30 fûgels op 'e grûn of yn beammen.
Status De Arabyske goudwjukfink is oer it generaal seldsum en dreech te finen. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op mar 3000 pearkes, wêrfan 500 pear yn Saûdy-Araabje, 500 yn Oman en 2000 yn Jemen. De soarte liket yn oantal ôf te nimmen, mooglik troch habitatferneatiging. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as gefoelich (Near Threatened).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudwjukfink Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje