De Sokotragoudwjukfink (Rhynchostruthus socotranus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes) .
Beskriuwing Mantsjes binne griis-brún mei in swarte snaffel, in donkere kop en in swart masker mei grutte wite wangplakken. Sy hawwe felgiel op 'e wjukken en sturt. Wyfkes binne lykas mantsjes, mar doffer en jonge fûgels hawwe streken en misse de tekening op 'e kop fan 'e folwoeksenen.
Fersprieding en systematyk De Sokotragoudwjukfink komt allinnich foar op it eilân Sokotra, dat by Jemen heart. Hy wurdt meastentiids as monotypysk behannele, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten. Foarhinne waard ek de Arabyske goudwjukfink ta de soarte rekkene, mar dy wurdt no oer it algemien as selsstannige soarte ûnderskieden.
Status en bedriging De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet, mar de populaasje wurdt as stabyl beskôge. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudwjukfink Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen