De readkrúnfink (Haemorhous cassinii) is in fûgel út Noard-Amearika. It is ien fan 'e trije soarten yn it skaai poarperfinken (Haemorhous) út de famylje finkfûgels (Fringillidae).
Skaaimerken De soarte kriget in lingte fan 16 cm, hat in spanwiidte fan 25 oant 27 sintimeter en weaget likernôch 24 oant 34 gram. Folwoeksen fûgels ha in koarte, foarke brune sturt en brune wjukken. Sy ha in langere snaffel as de besibbe poarperfink ( (Haemorhous purpureus). De folwoeksen mantsjes binne framboasread op 'e kop, it boarst en de stút en harren rêch en de ûndersturt binne streke. Folwoeksen wyfkes ha ljochtbrune boppedielen en in ljochte ûnderkant mei oeral brune streken. De tekening op harren kop is minder dúdlik as by it wyfke fan 'e poarperfink. Sy kinne brune, reade of wite eagen ha.
Fersprieding It briedgebiet bestiet út nullebosken yn 'e bergen fan it westen fan Noard-Amearika oant yn it suden yn it noarden fan Nij-Meksiko en Arizona; ek Súdlik Kalifornje by Baja California. Sy nêskje meastentiids yn grutte nullebeammen, mar somtiden ek yn leafbeammen. Winterdeis trekke se nei legere gebieten.
De fûgels út it meast noardlike ferspriedingsgebiet trekke nei it suden, lykas guon fûgels út oare dielen fan it ferspriedingsgebiet. In soad fûgels binne lykwols stânfûgel. Guon net-briedende fûgels oerwinterje oant yn 'e sintrale binnenlannen fan Meksiko.
Hâlden en dragen It nêst is komfoarmich en bestiet út tûkjes, kjitten, woartels, hier en moas. It wyfke leit ornaris fjouwer oant fiif aaien, dy't blau-grien binne mei brune en swarte plakjes. It wyfke briedt de aaikes yn tolve oant fjirtjin dagen út. De jonge fûgels wurde troch it mantsje en it wyfke fuorre en ferlitte it nêst nei twa wiken nei it útkommen.
It dieet bestiet fral út sied, knoppen en beien, mar simmerdeis wurde ek ynsekten fongen. Bûten de briedtiid foerazjearje se fakentiden yn lytse groepen.
Status De readkrúnfink stiet op it stuit (2026) as net bedrige (Least Concern) klassifisearre op 'e Reade List fan 'e IUCN. De status fan 'e soarte waard yn 2019 feroare fan gefoelich (Near Threatened) nei net bedrige neidat bliken die dat de delgong fan 'e soarte minder hurd gyng as foarhinne.
Bedrigingen foar de readkrúnfink binne it kappen fan hout, brannen en drûchte, syktes en ynvasive soarten.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperfink Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko