L.A. Confidential is in Amerikaanske histoaryske plysjefilm en skriller út 1997 ûnder rezjy fan Curtis Hanson. De haadrollen yn dizze neo-noirfilm waarden spile troch Guy Pearce, Russell Crowe en Kevin Spacey, mei James Cromwell, Kim Basinger en Danny DeVito yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Fertroulik yn Los Angeles" en ferwiist nei it skandaalblêd Confidential, dat yn 'e 1950-er jierren yn Los Angeles publisearre waard. Yn 'e film wurdt dat blêd om auteursrjochtlike redens portrettearre ûnder de namme Hush-Hush ("Sssst").

It ferhaal spilet begjin 1950-er jierren en folget trije leden fan it Los Angeles Police Department, dy't elts los faninoar op it spoar komme fan grutskalige korrupsje binnen it plysjekorps. Harren ûndersiken kruse inoar, en hoewol't se min mei-inoar kinne, wurde se twongen om gear te wurkjen tsjin in eftergrûn fan dekadinsje en seks yn 'e filmyndustry fan Hollywood en ynstitúsjonalisearre rasisme en homofoby by de plysje en yn alle lagen fan 'e maatskippij.

L.A. Confidential krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie yn 'e bioskopen ek kommersjeel súksesfol. De film waard nominearre foar gâns prizen en wûn twa Oscars, in Golden Globe, in Screen Actors Guild Award, twa BAFTA's, in Saturn Award en in Satellite Award. Tsjintwurdich wurdt de film beskôge as in wiere klassiker. Yn 2015 waard L.A. Confidential opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Plot Yn 1951 set it pleatslike plysjekorps fan Los Angeles, it Los Angeles Police Department, útein mei in kampanje om syn imago te ferbetterjen nei jierren fan mar kwealk tadutsen korrupsje en plysjegeweld.

Resjersjeur Jack Vincennes is in plysjeman fan it âlde stimpel, dy't der gjin kwea yn sjocht om him omkeapje te litten. Hy is in dandy dy't him graach yn krease klean klaait en middenmank de pleatslike hegerein bejout, en dat kin er fan inkeld syn plysjesalaris net betelje. Dêrom hat er ek in baan oannommen as adviseur efter de skermen fan 'e populêre plysjesearje Badge of Honor. Vincennes ûnderhâldt fierders in nauwe relaasje mei Sid Hudgens, in rioelsjoernalist dy't it skandaalbledsje Hush-Hush publisearret. Tegearre organisearje se opsjochjaande arrestaasjes fan bekende lju foar yllegale dingen (drugs, prostitúsje, homoseksualiteit). Hudgens makket dêr foto's fan en publisearret der in sensasjoneel artikel oer op 'e foarside fan syn blêd, wylst Vincennes dêrtroch bekend rekket en in reputaasje as trochpakker kriget dy't syn karriêre by de plysje te'n goede komt.

Resjersjeur Bud White libbet heal yn 'e nije en heal yn 'e âlde tiid. Hy is yn prinsipe in ynteger man dy't by de plysje gien is om foar gerjochtichheid te soargjen. Hy wurdt tramtearre troch in trauma út syn jonkheid, doe't er der tsjûge fan wie hoe't syn mem deaslein waard troch syn heit. White hat dêrom yn 't bysûnder in grouwéligen hekel oan húslik geweld en frouljusmishanneling. Oan 'e oare kant hat er der gjin muoite mei om boargers te yntimidearjen, bekentenissen út fertochten te slaan of bewiismateriaal te fabrisearjen. Ek is er fan miening dat plysjeminsken inoar stypje moatte, en soed er nea tsjin in oare plysjeman tsjûgje, lykfolwat sa'nent misdien hie.

Brigadier Ed Exley is in nij soarte plysjeman. Hy wegeret pertinint om him omkeapje te litten en wol alles neffens de regels dwaan. Dêrby tinkt er o sa om syn karriêre, mei't er yn it skaad stiet fan syn heit, dy't in legindaryske plysjeman wie. Dyselde waard op it hichtepunt fan syn karriêre fermoarde troch in dieder dy't nea identifisearre is. Om 'e moardner fan syn heit foar himsels wat persoanlikheid te jaan, hat Exley sels in namme foar him betocht: Rollo Tomasi. Meitiid begjint dy namme foar him eltse krimineel te fertsjintwurdigjen dy't syn rjochtlike straf ûntrint.

Op krystjûn 1951 moetet White in pear djoere prostituees, Lynn Bracken en Susan Lefferts, dy't yn in auto sitte mei de rike sakeman Pierce Morehouse Patchett en dy syn liifwacht anneks sjauffeur Leland "Buzz" Meeks, in eardere plysjeman. White hâldt harren oan om't Susan in brutsen noas en twa blauwe eagen hat. Hy fermoedet dat se mishannele is, mar Susan en Lynn sizze dat er mis is, en sûnder mear bewiis moat er it selskip wol gean litte.

Letter dy jûns wurde in stikmannich Latino's oppakt dy't derfan beskuldige wurde dat se in pear (blanke) plysjes mishannele hawwe (anno 1951 binne alle plysjes blank). White syn dronken partner Dick Stensland en in lulke kliber plysjes dy't syn rasistyske opfettings diele, ferskaffe har mei geweld tagong ta it selleblok yn it plysjeburo en sette útein mei it ôftúgjen fan 'e arrestanten. Exley besiket harren tsjin te hâlden mar wurdt troch syn kollega's opsletten yn in lege sel. White en Vincennes besykje de boel del te bêdzjen, mar wannear't de Latino's begjinne werom te fjochtsjen, ûntstiet der yn it selleblok algemiene slaanderij wêrby't White en Vincennes allebeide ek belutsen reitsje. In parsefotograaf dy't krekt op it plysjeburo oanwêzich wie, makket foto's fan 'e opskuor, dy't yn 'e krante ferskine ûnder de kop "Bloedige Kryst".

Dy publike roftberens fan 'e kwestje makket dat der on offisjeel ûndersyk komme moat. White wegeret te tsjûgjen tsjin Stensland, mar syn sjef, haadynspekteur Dudley Smith, hâldt him de hân boppe de holle. Exley wol wól tsjin syn kollega's tsjûgje en hy jout de haadkommissaris fan it LAPD en ofsier fan justysje Ellis Loew goerie oer hoe't se ek Vincennes oan 'e praat krije moatte. Trije âldere plysjes dy't dochs al hast oan har pinsjoen ta wiene, ûnder wa Stensland, krije de swarte pyt taspile en wurde ûntslein. Vincennes wurdt foar straf tydlik oerpleatst fan Moardsaken nei Sedemisdriuwen en foar de rest komt de saak yn 'e dôfpot.

Exley kriget promoasje ta ynspekteur en komt op syn útdruklike winsk op 'e ôfdieling Moardsaken te wurkjen, dêr't er troch de oare resjersjeurs mei de nekke oansjoen wurdt omreden fan wat sy as syn ferrie beskôgje. White wurdt neitiid boadskiprindersjonge foar haadynspekteur Smith. No't de machtige gangster Mickey Cohen koartby efter de traaljes ferdwûn is, dy't yn 'e ûnderwrâld fan Los Angeles de lekkens útdielde, wol Smith derfoar soargje dat nimmen syn plak ynnimt. Alle kriminelen út oare dielen fan 'e Feriene Steaten dy't har yn Los Angeles fertoane, wurde dêrom yllegaal ûntfierd nei ôfhandige lokaasjes. Dêr wurde se troch White en inkele oaren yn opdracht fan Smith hielendal yninoar slein om harren dúdlik te meitsjen dat se hjir net wolkom binne, om dêrnei ta de stêd útjage te wurden. Underwilens wurde eardere trewanten fan Cohen troffen troch in rige ûnmeilydsume moarden troch mysterieuze dieders, dy't by ien fan harren slachtoffers 11 kg oan heroïne bútmeitsje.

Wannear't der yn 'e rin fan 1952 nachts yn it kafee The Nite Owl in oerfal plakfynt dy't útrint op in sjitpartij, wurdt de saak ûndersocht troch Exley yn 'e mande mei haadynspekteur Smith. It liket derop dat de oerfallers de saak inkeld besochten te berôvjen, doe't de kok in pistoal loek en by in wrakseling deasketten waard. Ien fan 'e dieders ferlear dêrby syn masker en doe waarden de servearster en de fjouwer oanwêzige klantten ek deasketten, nei't men oannimme mei om 'e identiteit fan 'e dieders geheim te hâlden. Ien fan 'e slachtoffers is âld-plysjeman Stensland. In oarenien is Susan Lefferts, de frou dy't White op krystjûn mei in brutsen noas en blauwe eagen sjoen hie. Op basis fan geroften dat der yn in buert net fier fan it kafee trije swarten sjoen binne dy't mei jachtgewearen omrûnen, wurdt daliks oannommen dat dyselden de dieders wêze moatte.

Der folget in klopjacht, wêrby't Vincennes en Exley troch fernimstich plysjewurk in ein ôfsnije en de identiteit fan 'e haadfertochte Sugar Ray Collins útfine. As se op syn adres arrivearje, treffe se dêr harren kollega's Breuning en Carlisle. Dyselden hawwe krekt de trije jachtgewearen, dy't by it bloedbad yn The Nite Owl brûkt binne, ûntdutsen yn 'e auto fan Collins. Fjouweresom falle se it hûs binnen en pakke Collins en syn maten Ty Jones en Louis Fontaine op. Werom op it plysjeburo docht Exley it ferhear, wêrby't hy en de fertochten earst in skoft byinoar lâns prate. Mar úteinlik komt oan it ljocht dat de trije mannen miene dat se arrestearre binne om't se in Latino-fanke ûntfierd en ferkrêfte hawwe, dat noch altyd finzen holden wurdt yn it hûs fan in fjirde swarte man. De plysje set dêrhinne, en Smith stjoert White om 'e wente troch de efterdoar binnen te kringen. White treft in jonge Latino-frou neaken fêstbûn op bêd oan. Hy sjit de bewenner fan it hûs sûnder mear dea en stoppet him in twadde pistoal, dat er sels by him hie, yn 'e hân om it lykje te litten as skeat er út selsferdigening. Dêrnei ûntfermet er him it slachtoffer fan 'e groepsferkrêfting dat er krekt losmakke hat en tadutsen mei in tekken wannear't de oare plysjes it hûs troch de foardoar binnenkomme.

It ferkrêftingsslachtoffer, Inez Soto, jout oan dat Sugar Ray Collins en syn maten har de jûns tefoaren ferkrêfte hawwe, mar om midsnacht hinne ôfset binne. Dat soe harren mear as genôch tiid jûn hawwe om dêrnei noch The Nite Owl te oerfallen. Werom op it plysjeburo docht lykwols bliken dat de trije mannen ûnderwilens ûntsnapt binne. Exley, dy't earder yn it ferhear fan Collins-en-dy de namme en it adres fan harren drugsdealer Roland Navarette loskrigen hie, nimt in kollega mei om by Navarette thús in ynfal te dwaan. Dêre treffe se yndie Collins, Jones en Fontaine oan. De beide senuweftige plysjes, dy't yn 'e minderheid binne, ferprutse de operaasje, dy't útrint op in sjitpartij. Dêrby komme sawol Exley syn kollega as alle fertochten en harren dealer om it libben. Exley, dy't de iennichste oerlibbene is, wurdt neitiid troch syn kollega's as in held ynhelle en kriget in ûnderskieding foar moed. It bloedbad yn The Nite Owl wurdt as oplost beskôge en it ûndersyk dêrnei wurdt beëinige.

Underwilens folget White in eigen line fan ûndersyk. Mei't er Susan Lefferts werkend hat fan 'e koarte moeting op krystjûn, giet er op 'e siik nei har selskipslju fan dy dei. Dat liedt him nei Lynn Bracken en Pierce Morehouse Patchett. Dy lêste hat in nije liifwacht/sjauffeur, mei't Meeks, sa seit er, net langer foar him wurket. It docht bliken dat ien fan 'e ûndernimmings fan Patchett de eksklusive callgirlservice Fleur-de-lis (Frânsk foar "leelje") is, mei prostituees dy't lykje op ferneamde aktrises. De brutsen noas en blauwe eagen fan Susan wiene feroarsake, sa leit Patchett him út, troch de plastyske sjirurzjy dy't se doe krekt oan har noas hân hie om mear op Rita Hayworth te lykjen. Lynn liket fan natuere sterk op aktrise Veronica Lake, en hat inkeld har brune hier blond hoegen te fervjen. White, dy't him sterk ta Lynn Bracken oanlutsen fielt, begjint neitiid in romantyske relaasje mei har, wylst sy ûnderwilens trochgiet mei har wurk as callgirl. Se fertelt White dat se derfan dreamt om úteinlings werom te kearen nei har berteplak Bisbee, yn súdeastlik Arizona, om dêr mei it jild dat se yn Los Angeles fertsjinne hat in damesbûtyk te begjinnen.