The Man Who Knew Too Much is in Amerikaanske psychologyske skriller út 1956 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock, mei yn 'e haadrollen James Stewart en Doris Day. De titel betsjut "De Man Dy't Tefolle Wist". De film, dy't yn Technicolor opnommen waard, wurdt gauris beskôge in remake fan in eardere swart-wytfilm fan Hitchcock, mei deselde titel, út 1934. Hoewol't beide films deselde titel hawwe, ferskille de plots lykwols oansjenlik faninoar.

It ferhaal fan 'e film (út 1956) folget in Amerikaanske húshâlding (heit, mem en harren jonge soan), dy't op fakânsje is yn Marokko. Dêr komme de trije toeristen yn 'e kunde mei in Frânsman dy't, sûnder dat sy it witte, in geheim agint is. Dyselde hat lucht krigen fan in gearspanning ta it útfieren fan in politike moardoanslach yn Londen, en wannear't er troch de gearspanners út 'e wei romme wurdt, flústeret er mei syn lêste wurden ynformaasje yn it ear fan 'e Amerikaan. Dêrtroch wit dy tefolle, en de gearspanners gizelje syn soan om him te twingen en hâld de lippen opinoar.

The Man Who Knew Too Much gie yn premiêre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De filmkritisy wiene oer it algemien posityf yn harren oardiel, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. The Man Who Knew Too Much wûn in Oscar foar it liet Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be), dat yn 'e film songen waard troch Doris Day.

Plot Ben McKenna, in dokter út Indianapolis, is yn 1956 mei syn frou Jo en harren tsienjierrige soan Hank op fakânsje yn Frânsk-Marokko. Wylst se mei de bus fan Kasablanka nei Marrakesj reizgje, komme se yn 'e kunde mei in Frânsman, dy't himsels foarstelt as Louis Bernard. Dat liket in hiel sympatike man te wêzen, mar oan 'e ein fan harren petear wit hy alles oer de McKenna's, wylst sy neat oer him witte. Syn withoefolle fragen en ûntwikende antwurden op 'e fragen fan 'e McKenna's meitsje Jo erchtinkend, mar har man wiuwt har soargen fuort.

Oankommen yn it hotel yn Marrakesj dêr't se ferbliuwe sille, nûget Bernard Ben en Jo McKenna út om mei him út iten te gean yn in tradisjoneel Marokkaansk restaurant, wylst Hank yn 'e hotelkeamer efterbliuwe sil op 'e noed fan in hotelwurknimster. Wannear't lykwols in fertocht útsjende man by fersin op 'e hotelkeamersdoar fan 'e McKenna's oankloppet en dan nei ûntskuldigings gau-gau wer fuortdûkt, seit Bernard it diner op it lêste momint ôf. Dêrmei wekket er de argewaasje fan Ben McKenna.

Hy en Jo beslute dochs nei it neamde restaurant te gean, want se moatte fansels likegoed ite. Yn it restaurant treffe se in âlder Ingelsk troud pear, Edward en Lucy Drayton, dy't fans fan Jo blike te wêzen. Jo McKenna wie nammentlik foar har trouwen in fierd sjongster, dy't net inkeld optredens yn New York hân hat, mar ek yn Londen en Parys. Wylst se mei de Draytons oan it miel sitte, binne de McKenna's ferheard as se sjogge hoe't Louis Bernard it restaurant binnen komt (mei in jonge frou by him) en harren straal negearret.

De oare deis besykje de McKenna's, mei harren nije freonen, de Draytons, de merk fan Marrakesj, dêr't net inkeld waren ferhannele wurde, mar dêr't ek optredens binne fan akrobaten en ferhalefertellers, en dêr't dromedarissen en oare eksoatyske bisten te sjen binne. De gemoedlike sfear wurdt rou fersteurd troch in efterfolging wêrby't in Arabier neisitten wurdt troch Frânske sjendarmes. Wylst de plysjes de man út it each ferlern binne, wurdt er troch in oare Arabier mei in baas dagge yn 'e rêch stutsen. Hy knoffelet in steechje út, wurdt Ben McKenna gewaar en strompelet op him ta. It docht bliken dat it Louis Bernard yn in momkape is. Wylst er stjert, flústeret er McKenna yn it ear dat der mei koarten by in oanslach yn Londen in steatsman fermoarde wurde sil. Ek jout er him de namme fan in Ambrose Chappell.

Neitiid moatte Ben en Jo McKenna mei nei it pleatslike plysjeburo foar it ôflizzen fan in ferklearring. Frou Drayton biedt oan om Hank werom te bringen nei it hotel, wylst Edward Drayton, dy't Frânsk sprekt, meigiet nei it plysjeburo om te tolkjen. Fan 'e (Ingelsk sprekkende) ynspekteur dy't de moard op Bernard behannelet, krije de McKenna's te hearren dat Bernard eins in geheim agint wie fan it Deuxième Bureau, de Frânske ynljochtingetsjinst. Hy fertinkt Ben McKenna derfan dat er òf by de moard op Bernard belutsen wie, òf dat er Bernard syn kontaktpersoan by de CIA wie. McKenna ûnstriidt beide teoryen by heech en by leech. It ferhear wurdt ûnderbrutsen as der tillefoan is foar McKenna. It blykt in ûnbekende man te wêzen, dy't him fertelt dat syn soan Hank ûntfierd is en gizele wurdt, mar dat it jonkje neat oerkomme sil salang't McKenna de plysje net fertelt wat Louis Bernard him mei syn lêste wurden yn it ear flústere hat.

McKenna wurdt dêr rare kjel fan. Hy freget Drayton om it hotel op te skiljen en te kontrolearjen oft frou Drayton en Hank dêr arrivearre binne, mar dat blykt net sa te wêzen. Drayton set hookstrooks ôf nei it hotel, wylst McKenna weromkeart nei de ynspekteur om op botte wize in fierder ferhear ôf te kapjen. As hy en Jo letter yn it hotel komme, fertelt de portier harren lykwols dat Edward Drayton ûnderwilens útcheckt en ôfset is. McKenna kriget dan foar it ferstân dat de Draytons ûnder ien tekken skûlje mei de mysterieuze man oan 'e tillefoan, en dat Hank ûntfierd is troch deselde minsken oan wa't de jonge yn goed fertrouwen op 'e noed jûn wie.

Nei't er der in skoft oer neiprakkesearre hat, begrypt McKenna dat Louis Bernard sa yn him en Jo ynteressearre wie om't er ynljochtings hie dat er in bûtenlânsk troud pear yn 'e rekken hâlde moast. Doe't de fertochte man by fersin by de hotelkeamer fan 'e McKenna's oan 'e doar kaam, moat Bernard beseft hawwe dat er de ferkearden op it each hie. Dat er letter opdaagjen kaam yn itselde restaurant dêr't de McKenna's sieten te iten, wie om't er doe de Draytons bespionearre. McKenna wint ynljochtings yn by de lofthaven fan Marrakesj en kriget sa te hearren dat de Draytons mei in privee-fleantúch ôfreizge binne nei Londen. Hy beslút dat hy en Jo dêr ek hinne moatte, sadat se dy Ambrose Chappell fine kinne oer wa't Bernard it hie. McKenna is fan doel dy man syn hiele fermogen oan te bieden yn ruil foar de weromjefte fan Hank.

Wannear't de McKenna's yn Londen arrivearje, wurde se opwachte troch ynspekteur Buchanan fan Scotland Yard. Dyselde nimt harren mei nei syn buro, dêr't er harren útleit dat Bernard nei Marrakesj ta stjoerd wie op fersyk fan 'e Ingelske plysje, dy't lucht krigen hie fan in moardkomplot. De sjendarmery yn Frânsk-Marokko hat de belutsenens fan 'e McKenna's by de saak trochdien oan Scotland Yard, en no wol Buchanan dat de McKenna's him helpe en los de saak op. Op it plysjeburo komt lykwols wer in tillefoantsje binnen fan 'e ûntfierders, dy't de McKenna's nochris goed yn 't sin bringe wolle dat se de lippen stiif opinoar hâlde moatte as se net wolle dat Hank wat oerkomt. Buchanan, dy't it tillefoanpetear ôfharket, hat begryp foar it freeslike dilemma fan 'e McKenna's en lit harren gean.

Yn harren hotelkeamer wurde de McKenna's neitiid besocht troch âlde freonen fan Jo út 'e tiid dat sy noch optredens joech as sjongster. McKenna ûntskuldiget him en spilet gau fan ruten om Ambrose Chappell te besykjen, waans adres oft er yn it tillefoanboek opsocht hat. Dy man blykt lykwols in taksidermist te wêzen, dy't neat mei de kwestje fan dwaan hat. De wanhopige en almar twingender fragen fan McKenna beskôget er as it jeuzeljen fan ien dy't net goed doocht. Wannear't op 'e lêst de plysje skille wurdt en Chappell en syn wurknimmers McKenna besykje te oermasterjen, wit er him mar kwealk los te skuorren en te ûntkommen.

Underwilens beseft Jo dat Ambrose Chappell gjin persoan is, mar de kapel Ambrose Chappel. Se set dêr hookstrooks hinne en lit har gasten efter yn har hotelkeamer. Dyselden fertelle McKenna, wannear't dy sûnder wat bedijd te hawwen weromkomt, wêr't sy hinne set is, dat hy giet har fuortendaliks efternei. Yn 'e kapel wurdt in tsjerketsjinst holden dy't de McKenna's ynfiltrearje. Ta harren alteraasje sjogge se dat Edward Drayton de predikant is, wylst Lucy Drayton mei de ponge rûngiet. De Draytons kenne de McKenna's werom en kapje de tsjinst healwei ôf. McKenna stjoert Jo nei bûten ta om 'e plysje op te skiljen. Sels siket er de konfrontaasje mei de Draytons, mar hy wurdt troch ien fan harren trewanten bewusteleas slein.

Tsjin 'e tiid dat de plysje arrivearret, binne alle doarren fan 'e kapel op 't slot en is der neat fertochts gewaar te wurden. De plysje kin fierders neat dwaan sûnder hûssikingsbefel en giet dêrom werom nei it buro. As Jo heart dat ynspekteur Buchanan nei in konsert yn 'e Royal Albert Hall gien is, nimt se in taksy dêrhinne om by him oan te kringen op it trochsykjen fan 'e Ambrose Chappel. Sadree't Jo en de plysje ôfset binne, ferlitte de Draytons en harren trewanten troch de efterdoar it gebou en nimme Hank mei nei de ambassade fan in net by namme neamd fiktyf lân. Letter wurdt McKenna allinnich yn 'e kapel wekker en ûntsnapt út it hermetysk ôfsletten gebou troch himsels op te lûken oan it klokketou nei de iepen klokketoer, om himsels dêrnei oer it dak oan it klokketou del te litten.

Yn 'e lobby fan 'e Royal Albert Hall sjocht Jo de man dy't yn Marrakesj by fersin by harren oan 'e hotelkeamersdoar kaam. Hy ken har ek werom en flústeret har in bedriging fan Hank ta. Jo beseft dat dizze man de hiermoardner wêze moat dy't de moardoanslach útfiere sil. Wannear't se him út in lôzje wei in man yn in foaroerlizzende lôzje begluorkjen sjocht, fan wa't se sizzen heard hat dat er de premier is dan it net by namme neamde lân, wit se ek wa't syn doelwyt is. Jo stiet yn ferskriklike twastiid oft se de premier no warskôgje moat of net. Wannear't har man him by har jout en se him alles fertelt, beslút McKenna om 'e premier te warskôgjen. De wei nei dy syn lôzje is lykwols ôfset troch de Britske plysje, dy't net nei McKenna harkje wol. Dêrop giet er op eigen manneboet oan 'e oare kant fan 'e skouboarch ferskate lôzjes ôf, op 'e siik nei de hiermoardner.

Edward Drayton hat de hiermoardner yn 't foar ynstruëarre om 'e premier dea te sjitten op in beskaat punt yn it konsert, wannear't de muzyk ta in kresjendo komt, kulminearjend yn in earferdôvjend gearslaan fan 'e bekkens. As er persiis dan sjit, sil nimmen it skot hearre. Jo, dy't as sjongster krekt wit wêr't it mei de muzyk op tagiet en boppedat fan har posysje ôf de risselwaasjes fan 'e hiermoardner merkslacht, jout krekt foarôfgeande oan it klinken fan 'e bekkens in lûde gjalp, dêr't eltsenien yn 'e skouboarch fan skrikt. De premier krimpt ynstinktyf yninoar by it hearren fan 'e gil, en de kûgel, dy't in momint letter ôffjurre wurdt, rekket him yn 'e earm ynstee fan yn it boarst. Fuort dêrnei skopt McKenna de doar fan 'e lôzje fan 'e hiermoardner iepen en kringt dêr binnen. Der folget in wrakseling tusken him en de hiermoardner, dy't dêrby oer de râne fan 'e lôzje kneppelet en te pletter falt op 'e flier fan 'e Royal Albert Hall.

De McKenna's, yn 't bysûnder Jo, wurde neitiid hertlik betanke troch de premier, dy't wol goed foar it ferstân hat dat sy syn libben rêden hat. Ek ynspekteur Buchanan is harren tige tankber. As neitiid lykwols blykt dat Hank nei alle gedachten fêstholden wurdt yn 'e ambassade, binne de hannen fan 'e ynspekteur bûn. Want in ambassade is in stikje soeverein grûngebiet fan it lân dêr't de ambassade fan is, en de plysje kin dêr net hûssiking dwaan, ek al is der mear as genôch bewiis foar. De McKenna's betinke dêrom in list om 'e ambassade sels te trochsykjen. Jo skillet op en freget de premier te wurd. As se him ienris oan 'e tillefoan hat, freget him by wize fan beleanning om har en har man dy jûns yn 'e ambassade út te nûgjen, in fersyk dêr't er grif oan foldocht.