De Hoop is in houten nôtmûne yn Sint-Philipsland yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Eigner is de gemeente Toalen.
De mûne waard yn 1724 boud as opfolger fan in standermûne. De mûne bleau oant ein 1969 yn bedriuw en waard yn 1971 troch de mûnder ferkocht oan 'e doetiidske gemeente Sint-Philipsland.
Yn 1972 waard de mûne restaurearre. Meidat de dyk der't de mûne op stiet yn 1980 op Deltahichte brocht wie, moast de mûne yn syn gehiel opfizele wurde.
De Hoop is ynrjochte mei twa koppels mealstiennen en de Aldhollânsk ophekke wjukken hawwe in lingte fan 17,60 meter. Yn maaie 2009 krige de mûne in nije kape. Yn jannewaris 2010 is de mûne weriepene. De mûne is mealree en wurket mei ynset fan frijwillige mûnders.
Kategory:Bouwurk yn Seelân Kategory:Ryksmonumint yn Seelân Kategory:Mole yn Seelân Kategory:Nôtmole Kategory:Muonts (mole) Kategory:Bouwurk út 1724