Bouke Jouke Koning (Akkrum, 19 septimber 1915 – 24 april 1998) wie in Fryske arbeider en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Komôf en ferset Koning waard berne yn Akkrum as soan fan Jouke Koning en Pietje Koopmans. Hy waard túnman by De Werkplaats yn Bilthoven. Yn de tiid fan de Dútske besetting fan Nederlân hearde hy ta de groep dy't meiwurke oan it besykjen om alle bewenners fan Jeugdalijah Loosdrecht (it "Paviljoen") ûnder te bringen foardat se deportearre wurde koene. Bouke hannele op eigen inisjatyf, ferfalske offisjele dokuminten, sammele jild yn foar ûnderdûkers en socht ûnderdûkplakken. Hy en syn frou Froukje ferburgen ek Joaden yn harren eigen hûs.
Nei't Koning him yn 'e simmer fan 1942 by de fersetsgroep fan Joop Westerweel oansletten hie, wie it ien fan syn taken om flechtlingen oer de Belgyske grins te begelieden om dêrwei fierder nei it suden te reizgjen. Under de persoanen dy't er begeliede, wiene twa jonges út Loosdrecht; sy wiene de earsten dy't de grins oerstieken en in feilich plak yn Spanje berikten. Dizze flechtrûte wie in foarkarmetoade wurden om oan de nazi's te ûntkommen, om't in soad ûnderdûkplakken mar koart brûkt wurde koene of ûnfeilich blieken te wêzen.
Yn desimber 1943 waarden Koning en ien fan de ûnderdûkers thús arrestearre en nei it plysjeburo yn Utert brocht, en dêrwei nei Amsterdam. Koning waard nei seis wiken frijlitten, mar de ûnderdûkster waard nei kamp Westerbork deportearre; dêr wist se út te ûntsnappen en gie werom nei de famylje Koning.
Op 11 maart 1944 waard Bouke tagelyk mei Joop Westerweel arrestearre en oerbrocht nei Kamp Vught. Letter waard er nei de konsintraasjekampen Oranienburg, Mittelbau-Dora, Ravensbrück en úteinlik nei Peltoff In ûnbekend kamp; neffens it Ghetto Fighters House Archive waard er befrijd doe't er yn Groß-Rosen siet. Argivearre op 7 juny 2023. stjoerd, oant er troch de Russen befrijd waard.
Op 16 juny 1964 erkende Yad Vashem Bouke Koning en syn frou, Froukje Koning-Kramer (1914–1995), as Rjochtfeardige ûnder de Folken.
Keppelingen om utens Bouke Jouke Koning humanitarisme.nl No. 117, Ghetto Fighters House Archive Bouke Jouke Koning, oorlogsbronnen.nl
Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Oerlibbene fan Kamp Vught Kategory:Oerlibbene fan Ravensbrück Kategory:Rjochtfeardige ûnder de Folken Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Akkrum Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 1998