De grutte wettergril (Phalaropus tricolor, synonym: Steganopus tricolor) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).

Skaaimerken thumb|left|Juvenyl. De fûgel is 22 oant 24 sm lang en weaget 30 oant 128 gram. Wyfkes binne trochstrings 20 gram swierder as it mantsje. De spanwiidte is 35 oant 38 sm. De grutte wettergril is de grutste soarte yn it skaai. Hy hat in lange, tige slanke nulle-eftige swarte snaffel, in lange hals en lange poaten. Yn 'e flecht is de wite stút te sjen en strekke de poaten foarby de sturt út. Folwoeksen fûgels ha donkere poaten.

It wyfke yn briedkleed hat in boppekant dy't foar it grutste part griis en donker readbrún is en in wite ûnderkant. In readbrún plak op 'e halskant giet oer yn in swart plak op 'e sydkant fan 'e kop sadat der in gesichtsmasker ûntstiet. De krún is griis, de wangen en it kin binne wyt en de foarhals en it boarst binne goudgiel. It mantsje is in ljochtere ferzje fan it wyfke.

It winterkleed fan 'e grutte wettergril is ljochtgriis fan boppe en wyt fan ûnder. Jonge fûgels ha giele poaten en in bûnte griisbrune boppekant mei in wite ûnderkant. Se lykje op folwoeksen fûgels yn it winterkleed.

Fersprieding en leefgebiet De grutte wettergril briedt yn it westen fan Kanada en de Feriene Steaten. It leefgebiet bestiet út sompich lân yn 'e sône fan 'e prêrje oant de taiga, faak by marren en puollen. Bûten de briedtiid ferbliuwt de fûgel oan 'e kusten deunby sâltwetterpuollen, mar ek yn sâltwettermarren dy't heech yn 'e Andes lizze yn Perû, Sily, West-Bolivia en Noardwest-Argentynje.

Foarkommen bûten de Nije Wrâld De grutte wettergril is in dwaalgast yn in grut tal lannen ferspraat oer de hiele wrâld. Yn West-Jeropa binne tsientallen befêstige waarnimmings. Ek yn Nederlân binne in oantal befêstige waarnimmings dien.

Ekology Wettergrillen binne net tier en ite alles wat oan lytse wringeleaze dieren yn it wetter libbet. thumb|left|Piken. It nêst is in kûltsje op 'e grûn en beklaaid mei plantedielen. De jonge fûgels wurde troch it mantsje fersoarge.

De grutte wettergril is in tige aktive fûgel, mar swimt minder faak as oare wettergrillen.

Status In rûzing út 2023 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 1.500.000 fûgels. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne stiet de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wettergril Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen