De mûne De Hoop oan 'e Oudelandsepoort is in stellingmûne út 1736 yn 'e Siuwske stêd Toalen. De mûne stiet oan it wetter fan 'e âlde stedsgrêft oan in kuierpaad.
It is in stiennen rûne mûne, wêrfan de wjukken in flecht hawwe fan 23,60 meter. De kape is mei sink dutsen. De mûne is mealree en hat de funksje fan nôtmûne.
De foargonger fan 'e mûne wie in standermûne, wêrfan't by opgravingen earder de fjouwer tearlingen fûn binne. Oant 1901 wie de mûne ek bewenne, de ramen yn it ûnderste part datearje noch út dy tiid.
In 1935 stie it faai mei de mûne nei't ien roede troch bliksemynslach net mear te brûken wie en de oare skansearre rekke. De mûnder wie fan doel om de mûne te ûnttakeljen, mar de gemeente en de feriening De Hollandsche Molen wisten dat tefoarren te kommen en yn 1937 waard de mûne nei it hâlden fan in bazar wersteld.
Eigner fan 'e mûne is de gemeente Toalen.
Kategory:Bouwurk yn Seelân Kategory:Ryksmonumint yn Seelân Kategory:Mole yn Seelân Kategory:Nôtmole Kategory:Stellingmole Kategory:Bouwurk út 1736