De steltgril (Calidris himantopus) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).

Skaaimerken De steltgril hat in donkere snaffel mei in nei ûnderen bûge punt, in lange nekke, ljochte wynbraustreken en wite ûnderdielen. It meast opfallend binne de tige lange, ljochtgriene poaten. Yn 'e flecht is gjin dúdlike wjukbân te sjen.

It folwoeksen eksimplaar yn briedkleed is werkenber oan 'e swier swart-wyt streke ûnderkant en de readeftige krúnstreek en earfearren, dy't kontrastearje mei de ljochte wynbraustreek. De boppekant is brún, mei donkere kearnen en in smelle wite râne oan 'e fearren. Winterdeis is de fûgel oan 'e boppekant oerhearskjend griis en oan de ûnderkant wyt.

De juvenyl liket op it folwoeksen eksimplaar wat de opfallende koptekening en de bruneftige boppekant oanbelanget, mar mist de streken oan de ûnderkant.

Ofbylden

Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte briedt yn noardlik Alaska en noardlik Kanada en oerwinteret fan de súdwestlike Feriene Steaten oant súdlik Súd-Amearika.

Nederlân Dizze Amearikaanske fûgelsoarte wurdt ek regelmjittich yn West-Jeropa as dwaalgast oantroffen en is ek yn Nederlân in oantal kearen sjoen.

Ekology De steltgril briedt op 'e grûn en leit trije of fjouwer aaien. It mantsje hat in baltsflecht. Bûten it briedseizoen wurdt dizze fûgel meastal by binnenwetters ynstee fan iepen kusten sjoen.

De fûgel siket iten op dridzige rânen fan puollen en pikt it iten mei de snaffel op en lokalisearret syn proaikes op it each. Se ite benammen ynsekten, oare wringeleazen (lykas weakdieren), sied en de blêden en woartels fan wetterplanten.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar it tal soe ôfnimme, al is dat net sterk genôch om him as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte sûnt 2024 as gefoelich (Near Threatened) op 'e Reade List. Wat de efterútgong feroarsaket is ûndúdlik, mar nei alle gedachten spylje klimaatferoarings op it briedplak en habitatferlies by oerwinteringsplakken yn Súd-Amearika in rol. De wrâldpopulaasje wurdt op 1,2 miljoen folwoeksen yndividuen rûsd (2023).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen