thumb|Monumint ta neitins oan de fusilearring fan û.o. Hendrik Nicolaas Werkman en Sijbe Hoekstra Sijbe Jan Hoekstra (Boerum, 14 augustus 1908 - Bakkefean, 10 april 1945) https://oorlogsgravenstichting.nl/persoon/64664/sijbe-hoekstra oorlogsgravenstichting.nl wie in Nederlânske dûmny en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Biografy Hoekstra waard berne yn Boerum as soan fan dûmny Jan Hoekstra en Durkje Boersma. Hy wie de âldere broer fan Jan, dy't letter boargemaster fan efterinoar Nieuwleusen en Nijkerk wurde soe. Hoekstra waard in ottodoks-herfoarme predikant yn Midwolda. Yn de Twadde Wrâldoarloch rekke er rillegau belutsen by it ferset. Hy wie aktyf yn it Nasjonaal Steunfûns (NSF), de Oarderstsjinst (OD) en de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO), en tsjinne as kommandant fan de Binnenlânske Striidkrêften (BS) yn syn wenplak.https://www.wo2slachtoffers.nl/bio/52552/Hoekstra-ds-Sijbe.htm+&cd=12&hl=en&ct=clnk&gl=nl (Deade keppeling) Hy wurke ek foar de fersetskrante Trouw. Yn it ferset wurke er gauris op mei dûmny W.A. ​​Krijger út Oostwold.

Hoekstra waard op 21 maart 1945 thús arrestearre, neidat in lid fan syn fersetsgroep ûnder ferhear yn it wreed ferneamde Scholtenhûs trochsloech en syn namme priisjoech. Nei't er yn de finzenis fan Winschoten sitten hie, kaam Hoekstra yn it Hûs fan Bewar yn Grins telâne. Moandeimoarn 9 april 1945 waarden Hoekstra en njoggen oaren út harren sellen helle, per pear oaninoar bûn en yn in lytse frachtwein set. Underweis nei Bakkefean rekke de frachtwein it paad bjuster, dat fersetsman Harmannus Pieter Schuringa — dy't oan Hoekstra fêstbûn wie, mar him fan de touwen befrije kinnen hie — ûntkomme koe. Nei't de frachtwein nochris yn it sân fêstkommen wie, gied er mei de njoggen fersetslju werom nei Grins. Nei't se wer yn it sân fêst sitten hiene, gie de frachtwein mei de njoggen fersetsstriders werom nei Grins. De oare moarns waarden de njoggen - dizze kear mei Hendrik Nicolaas Werkman derby - werom nei Bakkefean brocht. Dêr waarden se persoanlik by Allardseach deasketten troch SD-er Peter Schaap. Trije dagen letter waard Grins befrijd.https://www.deverhalenvangroningen.nl/alle-verhalen/gefusilleerd-in-de-laatste-oorlogsdagen

Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn Boerum Kategory:Persoan stoarn yn Bakkefean Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1945