De Sibearyske gril (Calidris acuminata) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).

Skaaimerken thumb|left|Fûgel mei iepen wjuk. De fûgel mjit 17 oant 21 sintimeter en hat in spanwiidte fan 36 oant 43 sintimeter. Mantsjes weagje 53 oant 114 gram en wyfkes 39-105 gram. Yn briedkleed hawwe folwoeksen fûgels in readbrune, swier streke krún en in dúdlike wite wynbraustreek, fral efter it each. De boppekant is okerbrún mei donkere plakken op it sintrum fan 'e fearren. De ûnderkant is wyt en it boarst is swier streke en bûnt mei swart op 'e boppedielen tsjin in waarm gielbêzje eftergrûn. Der is gjin dúdlik skieding tusken de boarstmarkearingen en it bleke boarst. Oan 'e sydkant fan it lichem en de ûnderbúk feroarje de streken yn pylkfoarmige plakjes en hoekige streken. De boppekant yn it winterkleed is grizer, mar de readbrune krún bliuwt.

De juvenyl hat in kontrastearjend ljocht gesicht. It hat ferlykbere markearingen as de folwoeksen fûgel, mar is folle minder donker tekene op it waarm bêzje boarst. De donkere markearingen oan 'e sydkant fan it lichem en de ûnderbúk ûntbrekke, wylst de skouderfearren in wite ûnderrâne hawwe en der in wite "V" op 'e mantel is.

It hiele jier troch binne de poaten giel oant griengiel, is de nei ûnder bûge snaffel donker mei in brúneftige of rôzige ûnderbasis en is der in smelle wite eachring.

Fersprieding en leefgebiet thumb|left|Sibearyske grillen op in rysfjild yn Japan. De soarte is in trekfûgel dy't lange ôfstannen fleant nei de wintergebieten. It briedgebiet leit yn it noardeasten fan Sibearje. De measte fûgels oerwinterje fier nei it suden, yn Austraalje, Nij-Seelân en op eilannen yn Polyneezje, Mikroneezje en Melaneezje. Guon oerwinterje bliuwe sa noardlik mooglik oant Taiwan. Yn Austraalje is de soarte ien fan 'e meast foarkommende trekfûgels en komt er yn geskikt habitat oan kusten en ynlânsk foar. Op 'e trek yn 'e hjerst wurdt de Sibearyske gril ek alle jierren yn Alaska waarnommen. Folwoeksen fûgels trekke mear oer lân en juvenilen mear bylâns de kust.

Nederlân De Sibearyske gril is in dwaalgast yn West-Jeropa en is ek yn Nederlân in oantal kearen waarnommen.

Ekology De Sibearyske gril briedt yn 'e súdlike Arktyske en subarktyske tûndra, yn heuveleftige omkriten mei fochtige begroeiïng en strûken. Yn 'e oerwinteringsgebieten komt de fûgel foar yn wiete gebieten, rysfjilden en waadgebieten. Yn 'e wiete gebieten wurdt er meast oan 'e drûgere rânen dêrfan sjoen.

Sibearyske grillen briede om juny hinne. It nêst is in ûndjip gat yn 'e grûn en wurdt beklaaid mei wylgebledsjes. Der wurde fjouwer oliifkleurige oan brune aaien lein mei donkerbrune plakken.

Sibearyske grillen foerazjearje op sicht en snippe de proaien mei de snaffel fan it oerflak. Somtiden foerazjearet de fûgel lykwols ek djipper mei de snaffel yn 'e dridze of sêfte grûn. De fûgel yt ynsekten en lytse wringeleazen.

Status Sibearyske grillen ha in grut ferspriedingsgebiet, mar op basis fan 'e oerwinterjende populaasje yn Austraalje wurdt fêststeld dat de soarte te lijen fan in sterke delgong. De oarsaak wurdt socht yn fersmoarging en oantaasting fan it leefgebiet en klimaatferoaring. De IUCN hat de soarte dêrom sûnt 2022 opnommen yn 'e kategory kwetsber (Vulnerable) op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 60.000 oant 120.000 fûgels (2020).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Hawaï Kategory:Lânseigen fauna yn de Kermadeceilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn Lord Howe Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân) Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Tonga