Cat on a Hot Tin Roof is in Amerikaanske dramafilm út 1958 ûnder rezjy fan Richard Brooks, mei yn 'e haadrollen Elizabeth Taylor, Paul Newman en Burl Ives. De titel betsjut "Kat op in Hjit Tinnen Dak". De film is in adaptaasje fan it bekende toanielstik mei deselde namme fan Tennessee Williams. It ferhaal giet oer in rike mar ûngelokkige famylje yn it Amerikaanske Suden. Soan Brick is oan 'e drank en wol neat mear witte fan syn frou Maggie, wylst syn broer Gooper en dy syn frou Mae yntrigearje om 'e erfenis te krijen fan 'e "Big Daddy", de heit fan Brick en Gooper, dy't terminaal siik is mar dat net wit om't it foar him geheim holden wurdt. Cat on a Hot Tin Roof krige oer it algemien positive resinsjes fan filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar gâns prizen, wêrûnder seis Oscars en twa Golden Globes, mar wûn se net.

Plot Te neare nacht besiket Brick Pollitt yn syn berteplak yn eastlik Mississippy syn heechtijdagen te werbelibjen. Op 'e sportbaan fan syn âlde middelbere skoalle giet er mei syn dronken kop oan it horderinnen, mar keallet del oer ien fan 'e hordes en brekt syn ankel.

De oare deis hinget Brick, op 'e nij dronken, op 'e bank om yn 'e útfanhûzerskeamer op it lângoed fan syn heit. Dyselde is in rike grutgrûnbesitter dy't troch eltsenien 'Big Daddy' neamd wurdt. Brick en syn frou Maggie binne út New Orleans dêrhinne kommen foar de 65e jierdei fan Big Daddy. Brick, dy't him de lêste jierren ûntjûn hat ta alkoholist, is lykwols deprimearre en hat in min sin. Maggie besiket him om 'e nocht derby te skuorren, en wannear't se har leafde foar him útsprekt, lit er inkeld minachting foar har blike. Harren stoarmeftige houlik is binnen de famylje reden foar spekulaasjes: se hawwe noch gjin bern ek al binne se al in jier as trije troud. Maggie wiist Brick derop dat er de kop der better by hâlde kin, want Big Daddy is nei in klinyk yn it noarden flein omreden fan oanhâldende sûnensklachten, en as er, sa't sy ferwachtet, terminaal siik is, dan sille Brick syn âldere broer Gooper en syn fekke fan in frou Mae besykje om Brick syn rjochtlike part fan 'e erfenis yn te pikken. Brick seit lykwols dat him dat alhiel neat skele kin.

Big Daddy en Ida, de mem fan Gooper en Brick, dy't ek wol 'Big Mama' neamd wurdt, arrivearje mei in privee-fleantúch werom yn Mississippy. Op it pleatslike fleanfjild wurde se ûnthelle troch Gooper en de swiere Mae en harren fiif bloedyrritante en trochbedoarne bern. Maggie is der ek, mar Brick is op 'e bank lizzen bleaun mei in flesse whisky. Dokter Baugh, de húsdokter fan 'e famylje Pollitt, hat mei Big Daddy en Ida nei it noarden west. Hy en Ida meitsje bekend dat it nijs net better wêze koe: it wie loas alaarm en Big Daddy is sa sûn as in fisk. Mae hat har bern mei ynstruminten tarist as wiene se in muzykkorps om Big Daddy yn teheljen mei it spyljen fan Dixie. Yrritearre troch de optwingerige Mae en syn lûdroftige pakesizzers kiest Big Daddy derfoar om mei Maggie yn har kabriolet nei syn lângoed te riden. Hy fielt him as hat er in nije libbenskâns krigen, en hy hat grutte plannen en is fan doel om feroarings troch te fieren yn saken dy't er te lang op har berin litten hat.

Thús siket dokter Baugh earst Gooper en letter Brick op om ûnder fjouwer eagen te praten. It docht bliken dat er Big Daddy en Ida foarliigd hat, neffens himsels om harren te sparjen, mar syn hâlden en dragen suggerearret dat er te lef is om min nijs oer te bringen. Hoe dan ek, it wie gjin loas alaarm mei de sûnens fan Big Daddy. De âldman hat útsiedde kanker dêr't gjin medyske yngryp mear wat oan ferhelpe kin. De prognoaze is dat er noch minder as in jier te libjen hat. By in nije rûzje tusken harren beiden fertelt Brick letter troch oan Maggie wat de dokter tsjin him sein hat. Mei't Big Daddy hast it iennichste lid fan har skoanfamylje is dat sy lije mei, hat se bot mei him te dwaan. Brick kin min mei syn heit. Maggie wol dat er him mei de âldman fermoedsoenet foar't it te let is, mar Brick ferpoft dat. Hy wol sels net iens in bryfke skriuwe om by it kado te dwaan dat Maggie foar him kocht hat om Big Daddy op 'e jierdei te jaan.

Wannear't it jierdeisfeest jûns let ôfrint, jout Big Daddy him by Brick, dy't de hiele jûn yn 'e útfanhûzerskeamer bleaun is. Hy makket dúdlik dat er skjin syn nocht hat fan Brick syn dwerskoppich hâlden en dragen en syn alkoholisme, en hy easket dat Brick him fertelt wat der no eins oan 'e hân is. Mei tsjinnichheid draacht Brick ferskate redens oan foar syn gedrach, dy't Big Daddy allegearre ôfwiist as leagens. Hy fermoedet dat it ynstee te krijen hat mei de dea fan Brick syn bêste freon Skipper, dy't himsels in pear jier tebek fan kant makke hat troch út it finster fan in hotel yn Chicago te springen. Brick reägearret as troch in bij stutsen, en Big Daddy wit dat er it by it rjochte ein hat. Brick wol lykwols net prate oer Skipper. Wannear't Big Daddy dernei riedt oft Skipper en Maggie soms oerhoer bedreaun hawwe, seit Brick dat er dat mar oan Maggie freegje moat.

Dat, Big Daddy hjit Maggie om deryn te kommen, wêrnei't er har oer de saak ûnderstiet. Sy jout ta dat se jaloersk wie op 'e relaasje dy't Brick mei Skipper hie. De beide mannen wiene inoar sa nei, dat Skipper sels mei wie op Brick en Maggie harren houliksreis, as dat tripke by Amerikaansk fuotbalstadions lâns al sa hjitte mocht. Brick hâldt út dat hysels net goed genôch wie om it as Amerikaansk-fuotbalspiler te meitsjen, mar Maggie fertelt dat Brick yn syn topjierren de bêsten fan dy sport belykje koe. It wie Skipper dy't net goed genôch wie om it te meitsjen, en hy line sa op Brick dat dy him net yn 'e steek litte woe. Dêrom rjochte Brick in eigen team op, dat finansierd waard mei it jild fan Big Daddy. Dat team wûn gjin inkele wedstryd, mei't de iennichste spiler dy't der wat fan koe Brick sels wie.

Yn Chicago, dêr't Brick yn it sikehûs lei nei't er in blessuere oprûn hie, moast it team sûnder him in wedstryd spylje, en dat waard in ôfgong. Neitiid moast Skipper syn eigen ûnfermogen ûnder eagen sjen. Yn syn hotelkeamer bedronk er him en makke er sa'n trelit dat Maggie frege waard om him del te bêdzjen, oars soe de plysje skille wurde. Allinnich mei in dronken Skipper yn in hotelkeamer kaam it idee by Maggie op om him te ferlieden, om sa oan Brick dúdlik te meitsjen dat Skipper in mantsje fan neat wie, dy't noch net genôch respekt foar Brick hie om fan syn frou ôf te bliuwen. Se tute Skipper, en dy liet blike har wol graach hawwe te wollen, mar Maggie skrille tebek om't se benaud wie dat Brick har de skuld jaan soe foar de oerhoer. Dat se flechte Skipper syn keamer út sûnder dat it fierder kommen wie as dy iene tút.

Dat is allegearre nijs foar Brick, dy't al twa jier lang ûnder de yndruk ferkeart dat Maggie him mei syn bêste freon bedragen hat. It iroanyske oan 'e sitewaasje wie dat Skipper letter dy jûns selsmoard die en dat Brick Maggie dêrfan de skuld joech. Dus se hie likegoed trochgean kinnen mei har oarspronklike plan, dan soe Skipper no miskien wol net dea wêze. Brick beskuldiget Maggie derfan dat sy de lêste wie dy't mei Skipper praat hat foar syn selsmoard, mar Maggie ûntstriidt dat. Se seit dat Brick de sprong út it finster oerlibbe en letter yn it sikehûs ferstoar. Sy ried mei him yn 'e ambulânse nei it sikehûs en it hiele ein seid er hieltyd: "Wêrom hong Brick op?" Maggie begrypt dêrút dat Skipper, nei't sy syn hotelkeamer ferlitten hie, noch mei Brick skille hawwe moat.

Nei't Maggie har ôfjûn hat, bychtet Brick oan syn heit op dat Maggie gelyk hat. Skipper skille Brick dy jûns yn it sikehûs yndie op. Hy socht Brick syn stipe, lykas gewoanlik, mar Brick hie op dat stuit genôch oan himsels. Doe't de tillefoan, nei't er einlik harren earste petear beëinige hie, wer oergie en trochgie mei oergean, rekke er op 't langelêst sa lulk dat er yn argewaasje de hoarn oppakte en direkt wer delklapte. Dan komt by Brick it hege wurd derút: it is net Maggie dy't er de skuld jout foar de selsmoard fan Skipper, mar himsels, en dat is wêrom't er drinkt. Big Daddy besiket Brick derfan te oertsjûgjen dat er sjen moat syn libben wer op 'e rails te krijen, mar Brick is net ree om dêrnei te harkjen. It liedt ta in heechoprinnende rûzje wêrby't Brick op in stuit derút blaft dat de grutte plannen fan Big Daddy neat mear wurde sille. Wannear't er beseft wat er sein hat, besiket er syn wurden werom te nimmen, mar it is al te let. Big Daddy hâldt oan mei trochfreegjen oant Brick tajout dat dokter Baugh him foarliigd hat en dat er in terminaal stadium fan kanker hat. Yn shock lûkt Big Daddy him werom yn 'e kelder fan it lânhûs.

Nei witwat drokte jout dokter Baugh úteinlik ek oan Ida ta hoe't it echt sit. Gooper, dy't abbekaat is, en Mae tsiere neitiid mei Ida oer de takomst fan it sake-ympearium fan Big Daddy. Gooper besiket syn mem offisjele papierren ûndertekenje te litten dy't er taret hat, wêrmei't de lieding oer it hiele spul oan him oerdroegen wurde sil as Big Daddy ferstjert. Ida wegeret lykwols te tekenjen. Mae docht alles wat se kin om Brick en Maggie swart te meitsjen, en driuwt Maggie dêrmei op in stuit suver ta slaanderij. Brick heart it hottefyljen fan 'e gong ôf oan en giet dan nei de kelder om syn heit te wurd.

De kelder stiet fol mei âlde rommel en antyk en dingen dy't Ida kocht mar nea brûkt hat en is in wier labyrint. Brick fynt syn heit dy't dêr de âld koffer opdobbe hat dy't de hiele erfenis fan syn eigen heit wie: dy suterige koffer mei dêryn in militêr unifoarm út 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Brick ferwyt syn heit dat dy nea leafde toant hat foar him of Gooper, of sels mar foar Ida, mei wa't er troud is om't Ida swier rekke fan Gooper. Big Daddy leit dêr tsjinyn dat er Brick altyd fan alles jûn hat, mar hy komt net fierder as jild en besittings. Hy liket net te begripen wat Brick fan him wol, oant Brick it petear yn 'e rjochting stjoert fan Big Daddy syn eigen heit. Dyselde wie in feteraan dy't as omrinner libbe, en Big Daddy meisleepte op syn omdoarmings. Hy ferstoar glimkjend doe't er in hertoanfal krige by it besykjen om in ôfsettende frachttrein yn te heljen om yllegaal mei te riden. Brick suggerearret op mylde toan dat syn pake Big Daddy oeral hinne meisleepte om't er fan him hold, en dat er by syn ferstjerren glimke om't syn soan by him wie. Dan begjint Big Daddy einlings en te'n lêsten yn te sjen wat er fout dien hat by de opfieding fan syn eigen soannen. Op basis dêrfan berikke heit en soan úteinlik in fermoedsoening.

Wannear't Brick en Big Daddy inoar by de kelderstrep op holpen hawwe, makket Big Daddy gau in ein oan Gooper syn optwingerigens mei syn papierwurk. Mae beklaget har deroer dat Brick, yn it petear dat er mei Big Daddy yn 'e kelder hân hat, Gooper fansels folslein swartmakke hat. Brick freget Gooper oft er dat wier leaut, en Gooper antwurdet fan net. Maggie seit dat se Big Daddy no graach har eigen jierdeiskado jaan wol: in bekendmakking dat se yn ferwachting is. Mae leaut dêr neat fan en lit dat eltsenien witte, mar Brick falt Maggie by, ek al wit er dat it net wier is. Ek Big Daddy hâldt út dat er Maggie leaut, al moat er, de eardere opbychtings fan Brick en Maggie oer harren houlik, wol fermoedzje dat it net sa wêze kin. Ida is fral bliid mei de langferwachte útwreiding fan 'e famylje. Nei dy lêste opskuor risselwearret eltsenien om op bêd. Yn 'e útfanhûzerskeamer fermoedsoenje Brick en Maggie har mei-inoar, en Brick, dy't oant no ta hieltyd op 'e bank sliept hat wylst Maggie it bêd allinnich hie, stelt foar om fannacht it bêd te dielen. De ymplikaasje is dat se Maggie har leagen ta wierheid meitsje sille.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Maggie Pollitt Elizabeth Taylor Brick Pollitt Paul Newman "Big Daddy" Pollitt Burl Ives

byrollen personaazje                akteur/aktrise Ida "Big Mama" Pollitt Judith Anderson Mae Flynn Pollitt Madeleine Sherwood Gooper Pollitt Jack Carson dokter Baugh Larry Gates diaken Davis Vaughn Taylor

Produksje en distribúsje Produksje