Marmaduke Tunstall (Burton Constable, Yorkshire, 1743 – Wycliffe, greefskip Durham, 11 oktober 1790) wie in Ingelske ornitolooch en samler. Hy is it meast bekend as de skriuwer fan Ornithologia Britannica (1771), wierskynlik de earste Britske publikaasje dy't konsekwint gebrûk makke fan binomiale nomenklatuer. Titelside Ornithologia Britannica BHL (útjefte fan 1880)

Libben en wurk Cuthbert Tunstall, syn heit — in dokter en samler fan âldheden — feroare syn namme yn 1718, nei it ferstjerren fan syn omke, yn Cuthbert Constable (1680–1746). Hy troude dêrnei mei Elizabeth (berne as Heneage; ferstoarn yn 1766); Marmaduke wie it fyfde bern út dit houlik.George Townshend Fox, s. 25

Marmaduke wie noch mar fjouwer jier âld doe't syn heit ferstoar. Syn mem, dy't him belangstelling foar natuerlike histoarje bybrocht, stjoerde him nei alle gedachten — mei help fan syn omke William Constable — nei it Collège yn Douai, Frankryk.George Townshend Fox, s. 9 Nei ôfrin fan syn oplieding fêstige er him yn Londen, dêr't er in museum opboude mei in samling fan libbene en opsette bisten.

Yn 1760, nei it ferstjerren fan syn omke Marmaduke Tunstall, erfde er de bûtenpleatsen Scargill, Hutton Long Villers en Wycliffe. Tagelyk naam er de namme Tunstall oan – de oarspronklike efternamme fan syn heit – wylst er dêrfoar bekend stien hie as Marmaduke Constable. Yn 1776, nei syn houlik, ferhuze er syn samling nei de buorskip Wycliffe yn County Durham. Yn dy tiid waard de samling beskôge as ien fan de bêste fan Ingelân.

Doe't Tunstall noch mar 21 jier wie waard erlid fan de Society of Antiquaries of London en yn 1771 lid fan de Royal Society. Hy fêstige jildige wittenskiplike nammen foar it grut giel boumantsje (Motacilla cinerea), de Amerikaanske wetterpiper (Anthus rubescens) en de sljochtfalk (Falco peregrinus), en ek foar in ûndersoarte fan de stienfalk, Falco columbarius aesalon, en de skaainamme foar de Alpenkrie, Pyrrhocorax. (Eds). 2024. IOC World Bird List (v14.1)

Nei syn ferstjerren kaam de kolleksje yn hannen fan syn healbroer William Constable. Constable noege de houtgraveur en ornitolooch Thomas Bewick út om yllustraasjes te meitsjen op basis fan de kolleksje. Letter kaam de kolleksje – tegearre mei de yllustraasjes fan Bewick – yn it besit fan it Newcastle Museum yn Newcastle upon Tyne.

Kategory:Ingelsk ornitolooch Kategory:Ingelsk samler Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1743 Kategory:Persoan stoarn yn 1790