Ra‘iātea, gauris werjûn mei de ferienfâldige stavering Raiatea (Tahitiaanske útspr.: [raʔˈia̭ːtea̭], likernôch: "rah-jaa-tea"; Frânske útspr.: [ʁajateˈa], likernôch: "chah-jah-tee-jah"), is in eilân yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It heart ta de Underwynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't ta de gruttere regio Polyneezje rekkene wurdt. Bestjoerlik falt Ra‘iātea ûnder Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de politike status fan in oerseeske kollektiviteit. Ra‘iātea is it op ien nei grutste fan 'e Genoatskipseilannen (nei Tahity), en wurdt fan âlds as it sintrum fan eastlik Polyneezje beskôge. De kolonisaasjes fan û.m. de Hawaï-eilannen en Nij-Seelân fûnen nei alle gedachten har oarsprong op Ra‘iātea. Oant 1888 wie it eilân in ûnôfhinklik keninkryk. It haadplak is Uturoa. Neffens gegevens út 2022 hie Ra‘iātea doe krapoan 12.400 bewenners.

Etymology Yn it Tahitiaansk betsjut Ra‘iātea safolle as "ljochte loft". Yn 'e njoggentjinde iuw waard foar deselde namme gauris de no yn ûnbrûk rekke transkripsje Ulitea brûkt.

Geografy Ra‘iātea leit besuden de evener rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It is ien fan 'e Underwynske Eilannen, dy't de westlike helte foarmje fan 'e arsjipel fan 'e Genoatskipseilannen. Dy eilannegroep makket sels wer diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje, dêr't ek û.m. Samoä, Tonga, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ta hearre. Ra‘iātea leit sa'n 219 km westnoardwestlik fan Tahity, it grutste en wichtichste eilân fan 'e Genoatskipseilannen. Ra‘iātea hat in oerflak fan 167,7 km² en is dêrmei nei Tahity it grutste fan 'e Genoatskipseilannen. It eilân dielt ien-en-deselde lagune mei it buoreilân Taha‘a, dat nei it noarden ta leit. De beide eilannen wurde faninoar skaat troch in smelle seestrjitte fan 3 km breed. It koraalrif dat de lagune omsirkelet omslút sawol Ra‘iātea as Taha‘a.

It lânskip fan Ra‘iātea wurdt karakterisearre troch rûge berchpiken, in kustline dy't tinken docht oan 'e fjordekust fan Noarwegen en withoefolle lytse eilantsjes yn 'e lagune. Op it eilân besteane trije grutte berchmassa's, dy't troch legere heuvelrêgen mei-inoar ferbûn wurde. De sintrale berchmassa omfettet de Tefatua, dy't mei in hichte fan 1.017 m boppe seenivo de heechste top fan Ra‘iātea is. De noardlike berchmassa, dy't bekend stiet as it Temehaniplato, hat op 'e measte plakken in hichte fan 600–650 m, mar riist hjir en dêr heger op, lykas by de berch de Tepahu, dy't mei 821 m boppe seenivo de heechste top fan it plato is. De heechste top fan 'e súdlike berchmassa is de Oropiro.

Fan 'e berchmassa's yn it binnenlân ôf rinne tsien steile dellings rjochting de see. Troch de dellings streame in protte beken en rivierkes, dy't op guon plakken spektakulêre wetterfallen foarmje. De grutste rivier is de Apo‘omau, dy't fan 'e Tefatua nei de Fa‘aroabaai streamt. Dat is de iennichste befarbere rivier yn Polyneezje, mei't er by in heech genôch wetternivo oer in lingte fan ferskate kilometers yn lytse boaten befearn wurde kin. It eigentlike eilân Ra‘iātea, mei syn rotsige kustline, hat gjin strannen dy't it neamen wurdich binne, mar op it omjaande koraalrif lizze in grut tal motu oftewol leechleine rifeilantsjes mei prachtige wite strannen.

Geology Ra‘iātea is fan fulkanyske oarsprong en bestiet út it basalt fan in skyldfulkaan mei dêroerhinne trachityske lavastreamen, datearjend fan 2.750.000 oant 2.290.000 jier lyn. De foarming fan Ra‘iātea wie it resultaat fan 'e eardere lizzing fan it eilân boppe de fulkanyske hotspot dy't it grutste diel fan 'e Genoatskipseilannen foarme hat. Troch de tektoanyske ferskowing fan 'e Pasifyske Plaat nei it westnoardwesten ta is Ra‘iātea ûnderwilens fier fan 'e hotspot ôf rekke en bestiet der gjin inkele kâns mear dat de âlde fulkanen op it eilân wer ta libben komme sille. Op 't heden leit it eilân Meheti‘a, it eastlikste fan 'e Boppewynske Eilannen, boppe de hotspot.

Skiednis Prekoloniaal tiidrek De earste minsklike bewenners fan Ra‘iātea wiene de Polynezyske seefarders dy't it eilân om 200 f.Kr. hinne kolonisearren yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren. Dy kolonisaasje fûn plak út Samoä en Tonga wei. Yn prehistoaryske tiden stie Ra‘iātea bekend ûnder de namme Hava‘i, dat yn 'e Polynezyske kultuer in hillige namme is. Oare foarmen fan dy namme binne Hawai‘i (de lânseigen namme foar Hawaï), Savai‘i (in eilân yn Samoä) en Havaiki (de âlde namme foar it atol Fakarava yn 'e Tûamotû-arsjipel).

Yn 'e mande mei de Markesaseilannen, dy't fierder nei it noardeasten lizze, foarmen Ra‘iātea en de oare Genoatskipseilannen yn it prekoloniale tiidrek it hert fan Polyneezje, dêr't de kolonisaasjes fan 'e Hawaï-eilannen, de Mangareva-eilannen en Nij-Seelân wei plakfûnen. De kolonisaasje fan Nij-Seelân wie it lêste stadium yn it Grutte Polynezyske Folkeferfarren en barde oan 'e ein fan 'e trettjinde of it begjin fan 'e fjirtjinde iuw. Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Maoary, de lânseigen bewenners fan Nij-Seelân, kamen twa fan harren grutte migraasjekano's (te witten: de Tainui en de Arawa) fan Ra‘iātea. In protte hjoeddeistige Maoary kinne harren komôf noch nei dy kano's weromtrasearje, wêrûnder alle leden fan 'e Tainui- en Te Arawa-stammen.

Op Ra‘iātea sels ûntstiene yn 'e iuwen nei de earste oankomst fan 'e Polyneezjers njoggen ûnôfhinklike tribale foarstedomkes. Dat proses waard skewiele troch de geografy fan it eilân mei djippe dellings dy't nei see liede mar faninoar skaat wurde troch steile berchrêgen. De foarstedomkes koene fierder opdield wurde yn aparte clans en allegearre hiene se in strang stratifisearre maatskippij, mei klassen dy't suver wol kasten lieken. It bestjoer wie yn 'e hannen fan 'e ariki of ari‘i, haadlju fan adel, dy't har oanspraken op it liederskip rjochtfeardigen mei har ôfstamming fan 'e foaroanmannen fan 'e earste kolonisten. Sy wiene grutgrûnbesitters en lieders op sawol polityk as religieus mêd.

Harren ynfloed wie net inkeld beheind ta Ra‘iātea, mar wreide him op religieus en kultureel (sij it net op polityk) mêd ek út oer de oare Genoatskipseilannen. Dat wie benammentlik te tankjen oan 'e marae fan Taputapuatea, de grutte timpel op Ra‘iātea dy't wijd wie oan 'e god Oro. Dat wie fierwei it wichtichste religieuze sintrum yn 'e arsjipel. De kultus fan Oro wie yn it plak kommen fan 'e ferearing fan mear tradisjonele Polynezyske goaden, lykas Ta‘arao en Tane. De oare marae (timpels) op Ra‘iātea en de oare eilannen wiene ûnderhearrich oan 'e marae fan Taputapuatea. Om 'e grutte timpel hinne ûntstiene de Arioi: in aristokratyske en kriichshaftige preesterkaste mei absolute religieuze sizzenskip. In lid fan 'e Arioi koe, inkeld troch syn mei taboes omjûne oanwêzigens, stamme-oarloggen op slach beëinigje.

Sindelingen en ynterne konflikten Troch Westerlingen waard it bestean fan Ra‘iātea foar it earst ûntdutsen doe't op 20 july 1769 de Britske ûntdekkingsreizger James Cook op syn earste reis de HMS Endeavour troch it omjaande rif fan it eilân fear en foar anker gean liet yn 'e Opoabaai. Hy gie oan lân yn 'e neite fan 'e grutte marae fan Taputapuatea en hyste op it eilân de Union Jack by wize fan in symboalysk yn besit nimmen fan Ra‘iātea foar de Britske Kroan. Yn 1772 wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Domingo de Bonechea de twadde Westerling dy't Ra‘iātea oandie. Hy naam it eilân yn besit foar de Spaanske Kroan. Net ien fan beide anneksaasjes hie úteinlings politike konsekwinsjes.

Hoewol't Tahity, it grutste fan 'e Genoatskipseilannen, en yn mindere mjitte ek it buoreilân Mo‘orea tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw al ûnder Jeropeeske ynfloed stiene, wist Ra‘iātea dêr yn 't earstoan noch frij fan te bliuwen. Mar yn 'e earste desennia fan 'e njoggentjinde iuw wûn ek dêre de ynfloed fan 'e sindelingen fan it protestantske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS) gâns oan. It skeel tusken de bekearlingen fan it kristendom en de oanhingers fan 'e tradisjonele animistyske natoerreligy joech op 'e Genoatskipseilannen oanlieding ta in boargeroarloch. Mei stipe fan 'e sindelingen slagge it kening Pōmare II fan Tahity om syn keninkryk oer alle Genoatskipseilannen út te wreidzjen. Op 12 novimber 1815 waarden de tradisjonalisten op Tahity beslissend ferslein yn 'e Slach by Fe‘i Pī (ek bekend as Puna‘auia).

Op Ra‘iātea gie it dêrnei ek hurd mei de bekearing fan 'e befolking ta it kristendom, en yn 1828 waard de marae fan Taputapuatea ferwoastge troch de kristenen. Yn 1831 slagge it de Mamaia-kultus, in synkretistyske beweging dy't eleminten út it kristendom fermong mei eleminten út 'e tradisjonele natoerreligy, om 'e sindelingen fan Ra‘iātea te ferbaljen. Mar in jier letter, yn 1832, waarden de oanhingers fan 'e Mamaia-kultus ferslein. De sindelingen kearden werom en op 'e Mamaia-kultus waard foargoed it near lein.

Koloniaal tiidrek Underwilens besocht Frankryk mear ynfloed op 'e Genoatskipseilannen te krijen. Yn 1842 waard der in Frânsk protektoraat ôfkundige oer it Keninkryk Tahity. Doe't de Tahitianen blike lieten it dêr net mei iens te wêzen, folge yn 1843 in folsleine anneksaasje. Keninginne Pōmare IV fan Tahity moast yn ballingskip gean op Ra‘iātea oant it koloniaal bestjoer har yn 1847, nei de Frânske oerwinning yn 'e Frânsk-Tahitiaanske Oarloch (1844–1846), tastie werom te kommen by wize fan symboalysk gebeart fan fermoedsoening. Datselde jiers sleaten Frankryk en it Feriene Keninkryk de Konvinsje fan Jarnac, wêryn't de ûnôfhinklikheid fan 'e Underwynske keninkriken (it Keninkryk Ra‘iātea, it Keninkryk Huahine en it Keninkryk Bora Bora) bekrêftige waard. Dêrtroch koe Ra‘iātea de Frânsen noch in jier as fjirtich op in distânsje hâlde.

Yn 1878 feroare de sitewaasje lykwols, mei't it Keizerryk Dútslân, it letkommer by it fêstigjen fan in eigen koloniaal ryk, belangstelling opfette foar de Genoatskipeilannen. Foar Frankryk waard it doe driuwend om 'e eigen oanspraken op 'e eilannen krêft by te setten. Dêrom waard it Feriene Keninkryk ôfkocht mei militêre konsesjes yn 'e Nije Hebriden, sadat de Konvinsje fan Jarnac mei goedfinen fan beide partijen skrast wurde koe. Yn 1880 kundige Frankryk in provisjoneel protektoraat ôf oer it Keninkryk Ra‘iātea (dat behalven it eilân Ra‘iātea ek it buoreilân Taha‘a omfette). Dat hie noch net folle om 'e hakken en it koe fierhinne negearre wurde troch de eilânbewenners.

Mar yn 1887 bombardearre de Frânske Marine Ra‘iātea op fersyk fan Westerske keaplju, dy't woene dat der in ein kaam oan 'e beheinings op it mêd fan hannel mei de befolking dy't har troch de kening oplein wiene. Nei it bombardemint folge der in ynvaazje fan Ra‘iātea troch Frânske mariniers, dy't it eilân besetten en kening Tamatoa VI ôfsetten. Op 19 maart 1888 fûn de anneksaasje fan 'e Underwynske Eilannen plak, wêrby't Ra‘iātea foargoed syn ûnôfhinklikheid ferlear. Dy anneksaasje late op 'e eilannen ta it útbrekken fan 'e saneamde Underwynske Oarloch. Op Ra‘iātea groef de haadman Teraupo‘o him yn 'e Averadelling oan 'e eastkust yn, dêr't er de Frânsen njoggen jier lang fan him ôf wist te slaan. Pas yn 1897 waard er ferslein en kriichsfinzen nommen, wêrnei't er fan it eilân ferballe waard nei Nij-Kaledoanje. Fan syn trouste folgelingen waarden 190 mei harren húshâldings deportearre nei it eilân ‘Ua Huka yn 'e Markesaseilannen.