De Beringgril (Calidris ptilocnemis) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).
Skaaimerken Yn it briedkleed hat de Beringgril in swart plak op it ûnderboarst. De krún en rêch binne swart mei kastanjebrune streken. Yn 'e flecht binne wite wjukstreken te sjen en in folslein donkere sturt. De nominaatfoarm ptilocnemis dy't op 'e Pribilofeilannen briedt is grutter en hat in nei ûnder bûge snaffel dy't oan 'e basis griengiel is. Ek de poaten binne griengiel. Winterdeis is de soarte te ûnderskieden fan 'e pearse gril (Calidris maritima) troch it ferspriedingsgebiet en dofere kleur fan 'e snaffelbasis en de poaten en fan 'e brâninggril (Calidris virgata) troch de langere snaffel, it lytser formaaat en de mear tekene boppedielen en boarst.
Ofbylden
Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte komt foar fan eastlik Sibearje oant Alaska en telt fjouwer ûndersoarten:Gill, F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2022. IOC World Bird List (v12.2).
C. p. tschuktschorum: fan Tsjoekotka oant westlik Alaska; se oerwinterje yn noardwestlik Noard-Amearika en eastlik Japan. C. p. ptilocnemis: de Pribilofeilannen, St. Matthew en Hall; se oerwinterje yn Alaska. C. p. couesi: de Aleoeten en Alaska. C. p. quarta: de Koerilen, it suden fan it skiereilân Kamtsjatka, en de Komandorski-eilannen.
De fûgel briedt op 'e tûndra en oerwinteret foar in grut part oan 'e rotseftige kusten, faak yn it selskip fan swarte stienpikkers (Arenaria melanocephala) en brâninggrillen. Let yn 'e hjerst begjint de trek.
Briedgedrach It pearke is meastentiids monogaam, wêrby't de bân tusken de partners faak ferskate jierren duorret. Se nêskje op 'e grûn, heech op rotsen of op in leger, fochtich plak. It mantsje makket ferskate kûltsjes; it wyfke kiest der ien út en leit 4 aaien. Sawol it mantsje as it wyfke binne ferantwurdlik foar it brieden.
Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2006 rûsd op 160-170 tûzen fûgels. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska