De ljochte tjirk of ljochte tsjirk (Calidris subruficollis, synonym: Tryngites subruficollis) is in slanke waadfûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De fûgel waard yn 1819 troch Louis Jean Pierre Vieillot jildich beskreaun as Tringa subruficollis.
Skaaimerken thumb|left|Fjochtsjende ljochte tjirken. De ljochte tjirk is in lytse waadfûgel dy't 18–20 sintimeter lang wurdt. Hy hat in sânkleurich fearrekleed, in donkere snaffel en in ljochte eachring. De boppekant hat donkere plakken troch donkere fearren en ljochte fearrânen. De soarte is sawat like grut as in bûnte gril, mar hat oare proporsjes en docht mear tinken oan in jonge hoants, mar is lytser en hat in koartere en rjochtere snaffel. Yn 'e flecht docht er tinken oan in wilster mei in donkere boppewjukken sûnder wjukstreken, wite ûnderwjukken mei in donkere efterrâne en in donkere "komma", dy't foarme wurdt troch de fearpunten fan 'e ûnderste hândekfearren. De ferskillen tusken folwoeksen en jonge yndividuen binne subtyl; mar de jonge fûgels hawwe dekfearren mei in brede wite râne mei in donkere streek deryn en in ljochte basiskleur, wylst folwoeksen fûgels donkere dekfearren hawwe mei smellere ljochte rânen.
Fersprieding, systematyk en habitat De soarte is monotypysk en briedt op in pear isolearre plakken op de tûndra's fan it Wrangel-eilân yn noardeastlik Ruslân, yn noardlik Alaska en yn noardlik Kanada. It is in lange-ôfstânstrekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Amearika (benammen Brazylje, Paraguay, Oerûguay en Argentynje). De fûgel hâldt fan drûch, koart gerslân.
Earder waard de soarte allinnich yn it skaai Tryngites pleatst. Genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de soarte diel útmakket fan 'e groep Calidris en, nettsjinsteande it ôfwikende uterlik, it tichtst besibbe is oan de streekte gril, de grize gril en de Alaskagril.
Foarkommen yn 'e regio De ljochte tjirk is in seldsume mar regelmjittige dwaalgast yn West-Jeropa, benammen op 'e Britske Eilannen. Yn Nederlân binne tusken 1955 en 2014 79 befêstige waarnimmings dien, mei in tanimmende frekwinsje tusken 2000 en 2014. Sûnt 2015 wurdt it tal waarnimmings net mear sintraal byhâlden.
Ekology Om wyfkes te lokjen, slacht it mantsje ûnder de balts de wjuk op en lit er de ljochte ûnderkant sjen. As der mear as ien wyfke oanwêzich is, kin it mantsje beide wjukken opheffe, himsels skodzje en ferskate koarte lokroppen jaan. Mantsjes kinne mei mear as ien wyfke pearje. It wyfke bout it nêst op 'e grûn en leit trije oant fjouwer aaien dy't trije wiken bebret wurde. De jongen ferlitte it nêst al nei likernôch 12 oeren om sels iten te sykjen. De ljochte tjirk yt ferskate lytse dieren lykas ynsekten, ynsektelarven en wjirms, mar ek sied. De fûgel stiet bekend as hiel nuet en is faak net skou foar minsken.
Status en bedriging Oannommen wurdt dat de ljochte tjirk te lijen hân hat troch habitatferlies by de rêst- en oerwinteringsplakken, mar ek feroaringen yn it briedmiljeu troch klimaatferoaring kinne dêr de oarsaak fan wêze. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 84.000 en 364.000 folwoeksen yndividuen. Sûnt 2024 klassifisearret de IUCN de soarte as bedrige, yn 'e kategory kwetsber (vulnerable - VU).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska