Frontier Marshal is in Amerikaanske swart-wyt-western út 1934 ûnder rezjy fan Lewis Seiler, mei yn 'e haadrollen George O'Brien en Irene Bentley. De titel betsjut "Marshal oan 'e Amerikaanske frontier". It wie de earste fan trije films basearre op it boek Wyatt Earp: Frontier Marshal fan Stuart N. Lake, dat in biografy fan 'e bekende revolverman Wyatt Earp hiet te wêzen. Tsjinwurking troch Earp syn widdo soarge der lykwols foar dat Earp syn namme yn 'e film Frontier Marshal net foarkomt. It ferhaal giet oer in omdoarmjende plysjeman dy't in wetteleas stedsje binnen riidt en yn konflikt rekket mei de baas dy't dêr de lekkens útdielt.
Plot Boarne: de plotbeskriuwing (tabblêd Synopsis) yn 'e filmkatalogus fan it Amerikaansk Filmynstitút (AFI).
Begjin juny 1890 wurdt foar de trêde kear yn in wike in postkoets ûnderweis nei Tombstone (Arizona) oerfallen troch maskere banditen. Dêrop konfrontearret bankier George Reid syn sakepartner, boargemaster Ben Melton, mei syn fermoeden dat Melton mei de banditen ûnder ien tekken skûlet. Dy jûns wurdt Reid troch Melton fermoarde.
Koarte tiid letter arrivearje de Joadske winkelman David Ruskin, de omdoarmjende âld-plysjeman Michael Wyatt, en Mary Reid, de dochter fan 'e bankier, yn Tombstone mei in postkoets dy't ûnderweis oerfallen is. Wyatt is op trochreis, dat hy is fan doel om inkeld yn Tombstone te oernachtsjen. Mar wannear't de dronken revolverman Ben Murchison in pleatslike saloon oan grôt sjit, grypt Wyatt yn en sjit Murchison de revolver út 'e hân. Boargemaster Melton biedt him dêrnei it amt fan marshal fan Tombstone oan, en Wyatt giet dêr op yn om't er ûnderweis fereale rekke is op Mary. Wat er net wit, is dat Melton ek in eachje op har hat.
De earste test foar Wyatt as marshal komt wannear't Doc Warren, de koelbloedichste moardner fan it hiele Amerikaanske Súdwesten, yn in saloon rûzje mei him siket. Fan Warren wurdt sein dat er neat om it libben jout om't er wit dat er mei koarten oan in hertsykte ferstjerre sil. Wyatt lit him lykwols net op 'e kop sitte en wint dêrmei it respekt fan Warren, dy't in slokje foar harren beiden keapet.
Wyatt merkt al rillegau dat der wat net rjocht doocht mei it hâlden en dragen fan Melton. Om ynformaasje oer de boargemaster te krijen, giet er te rie by Queenie LaVerne, in tsjep frommeske dat yn har libbensûnderhâld foarsjocht as sjongster yn in pleatslike saloon. Sy stekt har begearte foar Wyatt net ûnder stuollen of banken, en as se ienris allinnich binne, besiket se Wyatt om 'e nocht te ferlieden. As ûnderdiel dêrfan fertelt se him dat se fermoedet dat Melton belutsen is by de rige oerfallen dy't Tombstone teheisteret.
Wylst alle ynwenners fan Tombstone gearkloftsje foar in evenemint om jild yn te sammeljen foar de bou fan in skoalle, brekt Murchison út syn sel en deadet de sipier. Wyatt fynt neitiid yn 'e hân fan 'e deade sipier de horloazjekeatling fan Melton. Dat suggerearret dat Melton dejinge wie dy't de sipier fermoarde en Murchison frijlitten hat. As Wyatt Doc Warren helpt wannear't in man besiket en sjit him dea, jout Warren him by wize fan tank in brief wêryn't bewiis stiet dat Melton de heit fan Mary Reid fermoarde hat.
Om te sjen wat Melton dwaan soe, hie Wyatt earder al tsjin him sein dat er in oanwizing fûn hie dy't him úteinlik nei de moardner fan 'e sipier liede soe. Wannear't er op basis fan 'e nije ynformaasje út it brief nei Melton ta giet om him te arrestearjen, komt er him dêrby oer it mad wylst er syn eigen bank berôvet yn tarieding op syn flecht út Tombstone. Wyatt wurdt delslein troch ien fan 'e leden fan 'e binde fan Melton, wat Melton by steat stelt om it brief en it horloazjekeatling fan him te stellen en ferdwine te litten.
Neitiid skoot Melton Wyatt de bankberôving op 'e lea. Rjochter Walters lit Wyatt arrestearje en fêstsette, mar Warren helpt de marshal om út syn eigen sel te ûntsnappen. Wyatt freget Ruskin, mei wa't er ûnderweis yn 'e postkoets befreone rekke is, om Melton foar him yn 'e rekken te hâlden. Ruskin docht dat en harket in petear ôf wêryn't Murchison fan Melton op hege toan syn oandiel opeasket yn 'e opbringst fan 'e postkoetsoerfallen en ferskate gefallen fan feedieverij. Ek fangt Ruskin op dat Mary Reid, dy't nei it beoarderjen fan har heite neilittenskip yn in postkoets út Tombstone ôfset is, ûntfierd wurde sil nei de ranch fan Melton.
Om foar te kommen dat Melton Mary yn 'e macht kriget, oerfalle Wyatt en Warren de postkoets wêryn't Mary reizget. Sy ferkeart yn 'e oertsjûging dat Wyatt in bandyt is en wol neat mei him te krijen hawwe. De beide mannen moatte har tsjin har wil ûntfiere om har mei te krijen nei Queenie LaVerne, op wa't Mary jaloersk is. Murchison en ferskate oare trewanten fan Melton, dy't stjoerd binne om Mary út har postkoets te heljen en nei de ranch fan Melton te bringen, komme harren oer it mad en der ûntstiet in sjitpartij. Wyatt en Warren deadzje alle mannen fan Melton útsein Murchison, dy't troch Wyatt op 'e nij finzen nommen wurdt.
Wyatt makket Murchison wiis dat Melton him ynformaasje trochspile hat oer it plak en de tiid dat Murchison-en-dy Mary har postkoets oerfalle soene. Melton soe Murchison op dy manear út 'e wei romje wollen hawwe, sadat er him syn rjochtlike oandiel yn 'e opbringst fan 'e oerfallen net hoegde te jaan. Murchison yt dat allegearre foar sûkerswiet op en ûnthjit dat er tsjin Melton tsjûgje sil as it Wyatt slagget om 'e man foar de rjochter te bringen. Underwilens foarmet him yn Tombstone in lulke kliber folk dy't Wyatt lynche wol foar it banditisme en de bedragerij dêr't er fan beskuldige wurdt. Wyatt en Warren litte Mary efter op 'e noed fan Queenie en witte Murchison fia de efterdoar fan it marshalskantoar wer yn 'e sel te krijen. Dêrnei giet Wyatt ta de foardoar út mei in gewear yn 'e hân om 'e mannichte te wjerstean en it rjocht op te easkjen om syn ûnskuld te bewizen.
Melton berikt it berjocht dat Mary by Queenie LaVerne is, dat hy set dêrhinne om har op te heljen. As er dêr arrivearret, wurdt er lykwols opwachte troch Wyatt en rjochter Walters, dy't him fertelt dat Murchison in folsleine bekentenis ôflein hat. Dêrop lûkt Melton syn revolver om Wyatt dea te sjitten, mar Queenie stapt yn it paad fan it skot en fangt de kûgel foar him op. Melton besiket troch it finster te ûntkommen, mar wurdt delsketten troch Wyatt en falt te pletter. In fataal ferwûne Queenie freget Wyatt om in tút, in fersyk dêr't er oan foldocht, wêrnei't se glimkjend ferstjert. Neitiid omearmje en tútsje Wyatt en Mary inoar tsjin 'e eftergrûn fan 'e ûndergeande sinne.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise marshal Michael Wyatt(basearre op Wyatt Earp) George O'Brien Mary Reid Irene Bentley
byrollen personaazje akteur/aktrise David Ruskin George E. Stone Doc Warren(basearre op Doc Holliday) Alan Edwards Queenie LaVerne Ruth Gillette Ben Melton Berton Churchill George Reid Frank Conroy Ben Murchison Ward Bond rjochter Walters Edward LeSaint Pickett Russell Simpson
Produksje en distribúsje Boarne Frontier Marshal waard basearre op Wyatt Earp: Frontier Marshal, in boek fan sjoernalist en amateur-histoarikus Stuart N. Lake. Dat boek hiet in biografy fan 'e ferneamde revolverman út it Wylde Westen Wyatt Earp te wêzen, dy't skreaun wêze soe neffens de ferhalen dy't Earp sels oan Lake ferteld hie by in stikmannich fraachpetearen. Letter die bliken (en joech Lake ta) dat er it ferhaal fierhinne sels optocht hie.
Wyatt Earp: Frontier Marshal wie yn 'e 1930-er en 1940-er jierren tige populêr yn 'e Feriene Steaten en winliken wie it dizze 'biografy' dy't Wyatt Earp en syn wichtichste wapenfeit, de Sjitpartij by de O.K.-Kraal ynbêde yn it Amerikaanske kollektyf ûnthâld. Op it boek waarden trije films basearre, wêrfan't Frontier Marshal de earste wie. Neitiid folgen yn 1939 in film mei deselde titel en yn 1946 My Darling Clementine. Dy lêste ferfilming, fan 'e hân fan regisseur John Ford, is fierwei it bekendst wurden.
Earp syn widdo, Josephine Earp, dy't der alles oan gelegen wie om har eigen ferline en dat fan har man silger te behimmeljen, besocht de publikaasje fan it boek fan Lake om 'e nocht tsjin te kearen. Lykwols waard Earp dêryn portrettearre sa't men oannimme mei dat Josephine it sels graach seach: as in ûnferskrokken hanthavener fan wet en iepenbiere oarder. Dingen dy't se beslist bûten it boek hâlde woe, lykas har eigen eftergrûn as prostituee en it feit dat Earp sawol bordeelhâlder west hie as útbater fan saloons dêr't gokt waard, kamen der net yn foar.
Nettsjinsteande dat spande Josephine Earp, doe't se gewaar waard dat der in ferfilming fan Wyatt Earp: Frontier Marshal op til wie, in rjochtsaak oan tsjin 'e belutsen filmstudio, de Fox Film Corporation, om 'e produksje fan 'e film tsjin te kearen. Se easke, as de ferfilming dochs trochgie, in skeafergoeding fan $50.000 (in lyts kaptaal yn dy tiid). Neffens har wie de film nammentlik in "ûnautorisearre portrettearring" fan har man silger. Der waard in skikking troffen, wêrby't de namme fan Wyatt Earp folslein út it senario skrast waard (om ferfongen te wurden troch "Michael Wyatt"). Ek de titel fan 'e film waard feroare: ynstee fan Wyatt Earp: Frontier Marshal waard it koartwei Frontier Marshal.
Produksje Frontier Marshal waard regissearre troch Lewis Seiler nei in senario fan Stuart Anthony en William M. Conselman. As produsint wie Sol M. Wurtzel by it projekt belutsen foar de filmstudio Fox Film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert H. Planck, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Arthur Lange. Frontier Marshal waard fierhinne opnommen yn 'e studio yn Hollywood.
Distribúsje De distribúsje fan Frontier Marshal waard fersoarge troch Fox Film. De film gie op 19 jannewaris 1934 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Trivia Ward Bond is de iennichste akteur dy't yn alle trije films spilet dy't basearre waarden op it boek Wyatt Earp: Frontier Marshal (Frontier Marshal út 1934, Frontier Marshal út 1939 en My Darling Clementine út 1946). Yn eltse film fertolket er in oare rol.
Keppelings om utens Ynformaasje oer Frontier Marshal yn 'e filmkatalogus fan it Amerikaanske Filmynstitút (AFI) Ynformaasje oer Frontier Marshal yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Amerikaanske westernfilm Kategory:Amerikaanske swart-wytfilm Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film fan Fox Film Kategory:Film fan Lewis Seiler Kategory:Film út 1934 Kategory:Film oer in plysjeman Kategory:Film oer dieverij Kategory:Film oer moard Kategory:Film oer feedieverij Kategory:Film oer hertsykte Kategory:Werjefte fan Wyatt Earp yn keunst en kultuer Kategory:Werjefte fan Doc Holliday yn keunst en kultuer Kategory:Film basearre op in non-fiksjewurk