James Earp (folút: James Cooksey Earp; Hartford (Kentucky), 28 juny 1841 – San Bernardino (Kalifornje), 25 jannewaris 1926) wie in Amerikaansk ûndernimmer yn it Wylde Westen, dy't ek wurke as postkoetsier, fuorman en plysjeman. Hy krige in beskate bekendheid om't er de âldere broer wie fan 'e ferneamde plysjeman en revolverman Wyatt Earp.

Libben en karriêre Komôf James Earp waard yn 1841 berne yn Hartford, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, as de soan fan 'e boer en kûper Nicholas Porter Earp (1813–1907) en dy syn twadde frou Virginia Ann Cooksey (1821–1893). Hy wie fan mingd Ingelsk en Ulstersk (protestantsk Noardiersk) etnysk komôf. James Earp hie sân folle bruorren en susters: Virgil (1843–1905), Martha (1845–1856), Wyatt (1848–1929), Morgan (1851–1882), Warren (1855–1900), Virginia (1858–1861) en Adelia (1861–1941). Hy hie út it earste houlik fan syn heit ek in âldere healbroer, Newton (1837–1928).

Militêre tsjinst Doe't de Amerikaanske Boargeroarloch yn 1861 útbriek, wie Earp njoggentjin jier. Hy naam op 25 maaie fan dat jier as frijwilliger tsjinst yn it Noardlike Leger fan 'e Uny om te fjochtsjen tsjin 'e opstannige Súdlike Konfederaasje. Earp syn broer Virgil en syn healbroer Newton fochten yn 'e Boargeroarloch ek foar it Noarden. De ienheid dêr't James Earp by tsjinne, wie F Kompanjy fan it 17e Ynfanteryrezjimint fan Illinois. Dat rezjimint waard organisearre en bewapene yn Alton (Illinois), wêrnei't it opteach nei Missoery.

Missoery wie formeel gjin lid fan 'e Konfederaasje, mar inkeld om't Noardlike troepen mei geweld foarkamen dat it Steatskongres fan Missoery in foarstel oer oansluting by de Konfederaasje yn stimming bringe koe. Op 31 oktober 1861 focht it 17e Ynfanteryrezjimint fan Illinois yn 'e Slach by Fredericktown tsjin ienheden fan 'e Steatsgarde fan Missoery. Hoewol't dat treffen yn it widere ramt fan 'e Boargeroarloch net mear as in skermutseling wie, foelen der dy deis mear as sechstich deaden. James Earp waard troch in kûgel yn syn skouder rekke en ferlear dêrtroch tydlik it gebrûk fan syn lofterearm. Nettsjinsteande dat bleau er noch hast oardel jier lang yn militêre tsjinst, oant er op 22 maart 1863 earfol ûntslach krige omreden fan syn ferwûnings. Syn bruorren Virgil en Newton tsjinnen troch oant de ein fan 'e Boargeroarloch yn 1865.

Libben yn it Wylde Westen Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch ferfear James Earp gauris nei in nij wenplak, in foarm fan hâlden en dragen dy't alle Earps eigen wie. Hy wenne yn Colton (Kalifornje), Helena (Montana), Pineswell (Missoery) en Newton (Kansas) foar't er yn april 1873 mei de eardere prostituee Nellie "Bessie" Ketchum troude. Inkele jierren lang wurke er dêrnei yn in saloon yn Wichita (Kansas). Yn 1876 kaam er yn it feestedsje Dodge City (Kansas) as helpmarshal te wurkjen ûnder marshal Charlie Bassett, dy't Ed Masterson opfolge wie nei't dyselde fermoarde wie. Letter wenne en wurke James Earp yn saloons en as postkoetsier en fuorman op ferskate plakken yn Missoery, Arkansas en Teksas.

Ein novimber 1879 waard James syn broer Virgil Earp oansteld as plakferfangend U.S. marshal foar it eastlike diel fan Pima County (Arizona). Dêrfoar moast er him nei wenjen sette yn Tombstone, in saneamde boom town, dy't op dat stuit te krijen hie mei in befolkingseksploazje fanwegen de ûntdekking dat dêr grutte hoemannichten sulver yn 'e grûn sieten. Virgil nûge syn famylje út om dêr ek te kommen, mei't er der mooglikheden foar de Earps seach om foarút te kommen yn 'e wrâld. Sadwaande setten James Earp en de frou ek ôf dêrhinne. Se arrivearren yn desimber 1879 yn Tombstone, yn 'e mande mei Virgil en dy syn frou Allie Sullivan, Wyatt Earp en dy syn frou Mattie Blaylock, en Wyatt syn goede freon, de gokker Doc Holliday en dy syn libbenspartner Big Nose Kate. Yn it neijier fan 1880 kamen ek James syn bruorren Warren en Morgan oer mei dy lêste syn frou Lou Houston.

Yn Tombstone waarden Wyatt en Morgan Earp troch Virgil behelle yn syn plysjewurk; sa kamen se yn konflikt mei de Cowboys, in binde banditen dy't de omkriten fan it stedsje teheistere. James Earp wurke ûnderwilens yn goksalons en wie bedriuwslieder yn in pleatslike saloon, mar hie neat mei it plysjewurk út te stean. Hy wie dan ek net oanwêzich by de beruchte Sjitpartij by de O.K.-Kraal, in wapene treffen op 26 oktober 1881 wêrby't syn bruorren Virgil, Wyatt en Morgan en Doc Holliday it opnamen tsjin fiif leden fan 'e Cowboys en wêrby't se trije fan dyselden deaskeaten. Neitiid fielden de Earps harren sa bedrige, dat se har húshâldings gearbrochten yn it Cosmopolitan Hotel, sadat se stipe oaninoar hawwe soene. Dat soks net in oerdreaune reäksje wie, die bliken op 28 desimber 1881, doe't Virgil Earp út in mûklaach wei delsketten waard. Hy oerlibbe de moardoanslach, mar moast foar de rest fan syn libben it gebrûk fan in earm misse. Treddel moanne letter, op 18 maart 1882, waard Morgan Earp fermoarde yn in pleatslike biljertsalon.

It stoflik omskot fan Morgan waard troch syn famylje en freonen op 'e trein brocht yn Benson (Arizona) om it te ferfieren nei Colton (Kalifornje), dêr't syn âlden Nicholas en Virginia Earp op dat stuit wennen. James Earp begelate de deakiste fan syn broer nei Kalifornje ta, mei't Morgan syn frou Lou, dy't in swakke sûnens hie, earder al út foarsoarch dêrhinne stjoerd wie. James wie sadwaande net mear yn Arizona doe't syn broer Wyatt dêr de saneamde Earp Vendetta Ride begûn om wraak te nimmen op 'e Cowboys.

Nei't Morgan yn Colton begroeven wie, kearde James net mear werom nei Tombstone. Hy ferbleau in skoft yn Shoshone County yn Idaho, oant er him tsjin 1890 foarfêst nei wenjen sette yn Súdlik Kalifornje. Op 25 jannewaris 1926 kaam er dêr yn San Bernardino oan natuerlike oarsaken te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 84 jier. Hy waard begroeven op it Mountain View Cemetery yn San Bernardino.

Keppelings om utens Koarte biografy fan James Earp op FindAGrave.com

Kategory:Wyatt Earp Kategory:Amerikaansk soldaat Kategory:Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk fuorman Kategory:Amerikaansk plysjeman Kategory:Persoan yn it Wylde Westen Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1841 Kategory:Persoan stoarn yn 1926