Panama is in Amerikaansk-Portorikaansk-Britkske histoaryske aksjeskriller út 2022 ûnder rezjy fan Mark Neveldine, mei yn 'e haadrollen Cole Hauser en Mel Gibson. De titel ferwiist nei it Middenamerikaanske lân mei deselde namme. It ferhaal folget in Amerikaanske feteraan dy't yn 'e 1980-er jierren op in misje nei Panama stjoerd wurdt om dêr wapens te keapjen fan it rezjym fan diktator Manuel Noriega foar de Contra-rebellen yn Nikaragûa. Hy bedarret yn in stjonkdobbe fan korrupsje, drugshannel en prostitúsje. Panama krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Hoewol't it budget fan 'e produksje net bekendmakke waard, liket it ûnwierskynlik dat de film yn 'e bioskopen út 'e reade sifers kaam.
Plot Yn 1989 wrakselet de Amerikaanske feteraan James McLeod, dy't troch eltsenien 'Becker' neamd wurdt, mei skuldgefoelens en wanhoop nei de tragyske dea fan syn frou Sarah. Hy siket syn heil yn alkohol en sliept yn 'e regel op 'e grûn fan har grêf. Sûnder de soarch fan syn skoansuster Tatiana, de jongere suster fan Sarah, dy't ferpleechkundige is, soed er der nei alle gedachten alhiel oan ûndertroch gien wêze. Dejinge dy't him der úteinlik wer byskuort, is Stark, syn eardere befelfierend ofsier yn it Amerikaansk Marinierskorps. Stark wurket no op freelance basis foar it Amerikaanske regear en knapt dêrby putsjes op dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Hy wol dat Becker foar him op in misje nei Panama giet, in útstel dat Becker nei wat oantrúnjen oannimt.
By syn ynstruksjepetear foarôfgeande oan 'e misje is net inkeld Stark oanwêzich, mar ek Hank Burns, in oare feteraan út it Marinierskorps, dy't no foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurket. Becker en Burns hawwe fuortendaliks in grouwéligen hekel oaninoar. De misje fan Becker draait om 'e oankeap fan in legerhelikopter fan Sovjet-makkelei, dy't yn it besit is fan it rezjym fan diktator Manuel Noriega fan Panama. De helikopter is bedoeld foar de Contra-rebellen yn Nikaragûa, dy't it tastel dan brûke kinne foar geheime oarlochsoperaasjes tsjin it sandinistyske regear fan Nikaragûa, dat befoarriede wurdt troch de Sovjet-Uny. Harren helikopter soe sadwaande oansjoen wurde foar in tastel fan it regearingsleger. Yn ruil foar it bewurkmasterjen fan 'e oankeap wol de CIA dat de Contra's de helikopter brûke om Noriega út 'e wei te romjen. Hoewol't Noriega yn 'e Kâlde Oarloch jierrenlang in trouwe bûnsgenoat fan 'e Feriene Steaten west hat, is it in publyk geheim dat er ien fan 'e grutste drugshannelers fan Latynsk-Amearika is. Boppedat is er sels ek in drugsbrûker, en dat makket him hieltyd minder foarsisber. No't de Kâlde Oarloch op syn ein rint, wol de CIA fan him ôf om't er as in bongel oan 'e foet beskôge wurdt.
Becker reizget ôf nei Panama, dêr't in dekmantel foar him beävensearre is as adviseur yn it kasino fan Jackie Cardoza, byneamd 'El Gordo' ("De Grouwe"). Dat kasino wurdt troch Noriega en ko. brûkt om harren drugsjilden wyt te waskjen. De kontaktpersoan fan Becker by it Panameeske rezjym is Enrique Rodríguez, in effektehanneler dy't oplaat is oan 'e Universiteit fan Harvard. Dyselde blykt lykwols it grutste part fan syn tiid te ferdwaan oan it snuven fan kokaïne en it omslaan mei in yndrukwekkende harem prostituees. Rodríguez is de peetsoan fan kolonel Marco Justines, de twadde man yn it rezjym fan Noriega. Becker besiket de helikopteroankeap fluch en effisjint te regeljen, mar dêr hat Rodríguez gjin boadskip oan. Hy hat al in foarskot fan $1 miljoen op 'e oankeappriis yn ûntfangst nommen en mei syn peetheit hat er ôfpraat dat er besykje sil om safolle mooglik ekstra jild út Becker en syn opdrachtjouwers te wringen. Tsjin Becker seit er dat er it net daliks oer de oerienkomst hawwe wol en dat Becker earst marris wenne moat oan it lân en syn nije baan.
Dyselde jûns noch moetet Becker syn kontaktpersoan by de Contra's, in Brooklyn Rivera, dy't him mei it fleantúch mei weromnimt nei Miami foar in moeting mei syn baas, Steadman Fagoth Müller. Dy lêste wol pas mei Becker yn see as er begrepen hat wêr't de Contra's foar fjochtsje. Dêrom moat Becker mei Müller en Rivera nei in flechtlingekamp fan 'e Contra's yn it oerwâld fan Hondoeras, wêrnei't er twongen wurdt om diel te nimmen oan in oanfal fan 'e Contra's op in legerbasis fan it Nikaragûaanske regearingsleger. Müller besiket Becker te winnen foar de saak fan 'e Contra's, mar ynstee wurdt it Becker dúdlik dat der yn Nikaragûa in smoarge oarloch útfochten wurdt wêryn't beide kant oarlochsmisdieden begeane. Syn weromkear nei it dekadinte fermidden dêr't er yn Panama-Stêd yn tahâldt, komt sadwaande suver as in opluchting.
Becker wurdt dêr benei kommen troch Cynthia Benítez, in spesjaal aginte fan 'e Amerikaanske federale narkotikabestriding DEA, dy't him freget om te dokumintearjen hoe't it wytwaskjen fan it drugsjild fan Noriega yn it kasino fan Cardoza yn syn wurk giet. Becker komt ek yn 'e kunde mei de tsjeppe prostituee Camila, mei wa't er in seksuele relaasje begjint. De arrogante en ûnfoarsisbere Rodríguez twingt Becker ûnderwilens ta in race op crossmotors troch de jungle. As Becker wint, ferkeapet Rodríguez him de Sovjet-helikopter, mar as er ferliest, siket er in oare keaper, sa seit er. Becker riidt thús yn 'e Feriene Steaten wol in protte op motors om, mar net off-road, en hy ferliest de race dan ek. Hy hie tocht dat Rodríguez mar wat sei, mar wannear't Rodríguez letter yndie de helikopter oars besiket te sliten sûnder it foarskot fan $1 miljoen werom te jaan, is Becker des duvels. Hy kringt de hotelkeamer fan Rodríguez binnen en twingt him ûnder bedriging mei in pistoal om him in miljoen yn kontanten te jaan.
Underwilens rinne de spannings yn Panama almar fierder op. Noriega is iepentlik deilis mei it regear fan presidint fan 'e Feriene Steaten George Bush sr., en it Amerikaanske Leger lûkt in troepemacht gear yn 'e Panamakanaalsône by wize fan tarieding op in ynvaazje fan Panama. De ûnderdrukking fan 'e opposysje yn Panama nimt tirannike foarmen oan en tûzenen tsjinstanners fan it rezjym fan Noriega wurde troch de plysje en it leger slim mishannele, wêrnei't se útsletten wurde fan medyske soarch. It Amerikaanske Reade Krús stjoert dêrom in misje fan dokters en ferpleechkundigen nei Panama ta om 'e slachtoffers fan it geweld te helpen. Under de ferpleechkundigen dy't har dêrfoar opjouwe, is ek Becker syn skoansuster Tatiana.
Kolonel Justines jout opdracht om "syn" miljoen werom te heljen fan Becker en jout oan dat eltse metoade dêrfoar tastien is. Rodríguez stjoert in pear hiermoardners om mei Becker ôf te weven en it jild werom te heljen, en teffens makket er yn opdracht fan syn peetheit skjin skip oangeande oare lju dy't tefolle witte, lykas Cardoza. It docht bliken dat Camila foar Justines wurket. Wannear't sy op in nacht har sliepkeamer op fertocht hastige wize ferlit, wurdt Becker erchtinkend. As letter twa hiermoardners binnenkringe om him út 'e ljochten te helpen, makket er koarte metten mei harren. Becker giet nei Rodríguez ta, waans namme ien fan 'e hiermoardners falle litten hat. Under bedriging mei de dea fertelt Rodríguez dat de opdracht om Becker te deadzjen fan Justines kaam. Becker lit Rodríguez fierder yn syn eigen sop gearsiede, mar treft Camila neitiid deasketten oan.
Hy giet efter Justines oan om wraak te nimmen. Mar wat er net wit, is dat dy ûnder ien tekken skûlet mei de korrupte Burns. Tegearre besykje se de CIA jild ôfhandich te meitsjen (lykas it foarskot foar de oankeap fan 'e helikopter), om dat ûnderinoar te ferdielen. Wannear't Becker de filla fan Justines binnenkringt, skillet dyselde Burns op, dy't nijs foar Becker hat. It docht bliken dat Burns Tatiana yn Panama-Stêd ûntfierd hat en yn gizeling hâldt. Justines en Burns wolle har graach libben en wol weromjaan salang't Becker de $1 miljoen weromjout dy't er fan Justines "stellen" hat. Becker ropt de help yn fan Stark, dy't delkomt nei Panama en by de útruil fan Tatiana tsjin it jild foarkomt dat Becker troch in op 'e loer lizzende skerpskutter yn 'e tsjinst fan Burns deasketten wurde kin. Nei't Tatiana nei in feilich plak brocht is, geane Becker en Stark efter Burns oan, dy't se thús opwachtsje en de tas mei it jild wer ôfnimme. Yn opdracht fan Stark sparret Becker Burns, mar as dyselde ynienen syn pistoal lûkt en Becker besiket dea te sjitten, bringt Becker him dochs noch om.
Rodríguez wurdt ûnderwilens troch syn eigen peetheit Justines fermoarde om't er him ferret hat oan Becker. Stark seit tsjin Becker dat er der net oer yn hoecht te sitten dat Justines noch lang in it lân fan 'e libbenen bliuwe sil, mei't de CIA him no troch hat en mei him ôfweve sil. Yn in voice-over fertelt Stark dat de Sovjet-helikopter úteinlings dochs nei de Contra's gie. Mar Müller brûkte it tastel net om Noriega út 'e wei te romjen, sa't de ôfspraak wie, mar om twahûndert fan syn oanhingers út Nikaragûa wei yn feilichheid yn Hondoeras te bringen. Noriega waard by de Amerikaanske ynvaazje fan Panama finzen nommen en ferdwûn neitiid foar de rest fan syn libben foar drugshannel yn in Amerikaanske sel.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Becker / James McLeod Cole Hauser Stark / ferteller Mel Gibson
byrollen personaazje akteur/aktrise Enrique Rodríguez Mauricio Henao Camila Kiara Liz kolonel Marco Justines Néstor Rodulfo Hank Burns Charlie Weber Tatiana Kate Katzman Brooklyn Rivera Victor Turpín DEA-aginte Cynthia Benítez Jackie Cruz Steadman Fagoth Müller Julio Ramos Velez Pablo Joksan Ramos Jackie "El Gordo" Cardoza Junior Álvarez Santos Jai Stefan
Produksje en distribúsje Produksje De produksje fan Panama waard oarspronklik yn 2014 oankundige, doe noch mei Daniel Adams as regisseur fan it senario dat dyselde yn 'e mande mei William Barber skreaun hie. De produksje kaam lykwols jierrenlang muorrefêst te sitten. Yn 2019 wie der sprake fan dat Frank Grillo en Morgan Freeman de haadrollen fan Becker, resp. Stark fertolkje soene. Adams wie doe noch altyd yn byld as regisseur. Fierdere fertraging troch it útbrekken fan 'e koroanapandemy folge, en tsjin 2020 heakke Adams ôf en waarden de nammen fan Cole Hauser en Mel Gibson neamd as haadrolspilers.
Panama waard úteinlik regissearre troch Mark Neveldine op basis fan it skript fan Adams en Barber. As produsinten wiene Jordan Yale Levine, Jordan Beckerman, Shaun Sanghani, Michelle Chydzik Sowa, Michelle Reihel en Stanley Preschutti by it projekt belutsen foar de filmstudio's Highland Film Group, BondIt Media Capital, SSS Entertainment en SSS Film Capital, YP, T-Pro, Yale Productions, Do More Productions, Idiot Savant Pictures, Head Gear Films, Metrol Technology, Grandave Capital en LB Entertainment LLC. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Portorikaansk-Britkske ko-produksje. Wat it budget foar de film wie, waard net bekendmakke. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Pedro Juan López, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mick Fury.
Opnamen De opnamen foar Panama setten yn desimber 2020 útein. De hiele film waard opnommen op 14 draaidagen ferspraat oer 3 wiken. Panama waard, útsein establishing shots fan Miami en Panama-Stêd, hielendal filme yn Porto Riko.
Distribúsje De distribúsje fan Panama waard fersoarge troch Saban Films. De film iepene op 18 maart 2022 yn in tige beheind tal Amerikaanske bioskopen. Panama waard op 17 maaie fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst Fan 'e filmkritisy krige Panama oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in tige leech goedkarringspersintaazje fan 8%, basearre op 13 ûnderskate resinsjes. Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hat anno 2026 (noch) gjin beoardieling fan Panama
Resultaat