De bonapartegril of Bonapartes gril (Calidris fuscicollis) is in lytse trekfûgel dy't briedt op 'e noardlike tûndra's fan Kanada en Alaska. It kin lestich wêze om dizze fûgel te ûnderskieden fan oare lytse waadfûgels yn it skaai; dy't ek wol grillen neamd wurde.

Beskriuwing De bonapartegril is in relatyf lytse fûgel dy't mar 15–18 sm mjit, mei in wjukspanwiidte fan 36–38 sm. Dizze fûgel wurdt regelmjittich betiizge mei oare gril-soarten, dy't yn itselde ferspriedingsgebiet libje of op 'e selde trekrûte foarkomme. De boppekant fan it lichem is in komplekse kombinaasje fan griis, brún en swart, mei ljochte fearrânen. De soarte hat in wite eachstreek en in middellange, tinne en donkere snaffel. Ek de poaten binne tige donker. De fûgel hat in wite stút. Opvallend binne de wjukpunten dy't yn 'e rêst foarby de punt fan 'e sturt stekke.

thumb|left|Winterkleed. Winterdeis is it fearrekleed minder opfallend. De boppekant is dan griis mei swart. It boarst is ek donkergriis, wylst de rest fan 'e ûnderkant wyt is. De krún en de eachstreek binne donkerder, mei in opfallende wite wynbraustreek.

Jonge fûgels hawwe op 'e rêch en wjukdekfearren in swarte basis, mei brune rânen rjochting de skouderfearren en witere rânen rjochting de wjukken. Typysk is it fyn streekte boarst en de kenmerkende wite "V" op 'e rêch. De kop is ljocht mei in brune krún.

Fersprieding De Bonapartegril briedt yn arktysk Noard-Amearika, fan noardlik Alaska en mooglik noardlik Yukon eastlik oant it meast noardwestlike diel fan Kanada. Hy oerwinteret yn Súd-Amearika, benammen besuden de evener en eastlik fan 'e Andes, fan súdlik Brazylje oant Fjoerlân en Kaap Hoarn, en eastlik oant de Falklâneilannen. De fûgel hat ien fan 'e langste trekrûtes ûnder Noard-Amearikaanske fûgels. De hjersttrek giet yn likernôch in moanne tiid oer de Atlantyske Oseaan fan noardeastlik Noard-Amearika nei noardlik Súd-Amearika, dêrnei nei it súdeasten oer it Amazônegebiet. Nei it noarden ta fljocht er ynstee dêrfan oer de Kariben en troch it binnenlân fan Noard-Amearika nei de briedplakken yn 'e Arktyske gebieten.

De soarte is in dwaalgast op 'e Galápagoseilannen, Spitsbergen en Frâns Joazeflân en in seldsume gast yn West-Jeropa. Op 'e Azoaren, dy't geografysk tichter by de trekrûte út Noard-Amearika lizze, wurdt de bonapartegril yn 'e hjerst wol regelmjittich sjoen, en ek yn Grut-Brittanje wurdt er faker as op it fêstelân fan Jeropa waarnommen. Op it súdlik healrûn is er waarnommen yn Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Georgje en mooglik op 'e Súdlike Orkneyeilannen.

Taksonomy en systematyk De bonapartegril waard yn 1819 as soarte beskreaun troch de Frânske ornitolooch Louis Jean Pierre Vieillot, as Tringa fuscicollis. Hy wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt. Syn neiste sibbe is net de nairdgril, dêr't er oars it meast op liket. Ynstee dêrfan stiet er it tichtst by it dwerchgriltsje (Calidris minutilla). Hybridisaasje komt foar tusken de nonapartegril en de bûnte gril, en der wurdt ek tocht dat er hybridisearre hat mei de ljochte tjirk (C. subruficollis).

Libbenswize thumb|left|Aaien. Yn 'e briedtiid libbet de bonapartegril tichetby sompige wiete gebieten op 'e tûndra, dêr't er libbet fan lytse wringeleazen lykas wjirmeftigen, kreefteftigen en ynsektelarven, mar ek sied. It wyfke leit fjouwer oliifgriene aaien yn in komfoarmich kûltsje dat beklaaid is mei blêd, moas en koarstmoas. Oars as by oare Calidris-soarten wurde de aaien allinnich troch it wyfke útbret, yn 22 dagen. De útkommen piken ferlitte it nêst al nei ien dei. It wyfke hâldt se waarm, mar se moatte sels harren iten fine. Earst nei 16–17 dagen kinne se fleane.

In grut part fan 'e trek bestiet út in pear lange nonstop-stikken, alle kearen oant 60 oeren en 4.000 kilometer lang. Op 'e trek yn Súd-Amearika ferbliuwt er op seekusten, rivierbanken, iepen fjilden en wiete gebieten oant 450 meter hichte. Yn it oerwinteringsgebiet oan 'e kust fan Buenos Aires is er hiel algemien op tijflakten, yn wiete gebieten en oerstreamde fjilden, mar ûngewoan op sânstrannen en seldsum op gerslân. Op Fjoerlân is er in regelmjittige besiker fan Isla Grande dêr't er waadflakten en lagunes yn it binnenlân besiket. Fan oare waadfûgels wurdt er meast sjoen mei de streekte gril, sawol op briedlokaasjes as yn it oerwinteringsgebiet.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't rûsd wurdt op 3.270.000 oant mear as njoggen miljoen folwoeksen yndividuen. Der wurdt lykwols tocht dat er relatyf sterk yn oantal ôfnimt, sa bot dat er sûnt 2024 as bedrige beskôge wurdt. De IUCN kategorisearret de soarte yn 'e kategory kwetsber (Vulnerable). De oarsaak fan 'e ôfname is min bekend, mar de meast wierskynlike bedrigings binne drûchlizzing fan habitat, predaasje troch de reade foks, degradaasje fan syn habitat troch sterk tanimmende populaasjes fan sniegoes en lytse sniegoes, fersmoarging troch sawol yndustry as lânbou, en klimaatferoaring.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Helena Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska