De pearse gril (Calidris maritima) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).

Skaaimerken Folwoeksen fûgels hawwe koarte giele poaten en in middellange, tinne donkere snaffel mei in giele basis. It lichem is donker fan boppen mei in ljochte pearse gloed en benammen wyt fan ûnderen. It boarst is bûnt mei grize plakken en de stút is swart. Se hawwe in lingte fan 20 oant 22 sm en in wjukspanwiidte fan 42 oant 46 sm. It gewicht leit tusken de 50 en 105 gram

Ofbylden

Fersprieding en leefgebiet De soarte briedt op 'e tûndra fan Baffineilân, op Yslân en yn Noarwegen en oerwinteret oan 'e rotseftige Atlantyske kusten fan sawol Noard-Amearika (súdlik oant Noard-Karolina) as Jeropa (súdlik oant Normandje).

De trek begjint let yn 'e hjerst. De pearse gril is ek yn Nederlân in wintergast, al binne de oantallen faak lyts. Pearse gril op Sovon.nl. Argyf op 1 april 2023. Se binne by oan ús kusten te sjen op keunstmjittige 'rotsen', lykas diken, dammen of de pieren fan Hoek fan Hollân, IJmuiden, De Helder en de haven fan Lauwerseach. Yn maart trekke de fûgels werom nei harren briedgebieten.

Briedgedrach thumb|left|Aaien. De soarte briedt op 'e noardlike tûndra op Arktyske eilannen yn Kanada en kustgebieten yn Grienlân en noardwestlik Jeropa. Se kinne al mei ien jier briede. It mantsje makket ferskate nêstkûltsjes op 'e grûn; it wyfke kiest der ien út en leit 3 of 4 aaien. Dy binne oliifkleurich mei brune plakken en sawat 37 mm × 26 mm grut. It mantsje nimt it grutste part fan 'e ferantwurdlikheid foar it útbreiden fan de aaien op him. De aaien komme nei 21–22 dagen út. De piken binne bedutsen mei ticht dûns. De boppedielen hawwe swarte en kanielkleurige plakken mei wite spikkels; de ûndersiden binne benammen wyt. Meastal soarget allinnich it mantsje foar de piken, dy't harren selsstannich fuorje kinne. De heechste leeftyd dy't registrearre is op basis fan ringgegevens yn Jeropa is 20 jier en 9 moannen, foar in fûgel dy't yn Sweden weromfûn waard.

Status De grutte fan de populaasje waard yn 2023 op 136.000 oant 191.000 tûzen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e wrâldpopulaasje ôfnimme. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân